Temagearkomste Wearde

Temagearkomste Wearde

De wurkgroep Jild - yntusken Wearde - hat net stilsitten sûnt de opstart op 30 april 2022. Op dizze gearkomste fertelle we wat we dien ha en wêr 't de groep no oan wurket. It wurdearringssysteem Wurdearring dat yntusken opstart is wurdt wiidweidich taljochte.

Op 'e jûn kinst yn petear oer in maatskippij sûnder jild of kinst meidwaan oan de speeddatesessy dêr 't wy Wurdearring by libbensliif ûnderfine kinne.
Letter op de jûn sil Mariska Appelman in ynteraktive lêzing jaan oer de Ekonomy fan de Leafde.
Yn dizze artikels kinst dy alfêst ynlêze oer wearde en wat de groep dien hat oant no ta:

Program 27 novimber 19:00 - 22:30

19:00 - 19:30Presintaasje fan de wurkgroep Wearde mei risseltaten fan wat der no ynset is (Wurdearring)
19:30 - 20:30

Karprogram:

  1. Rûntepetear oer in maatskippij sûnder jild mei presintaasje
  2. Speeddatingspul - Wurdearring yn de praktyk
20:30 - 22:00Ynteraktive lêzing troch Mariska Appelman. Lês hjir mear.
22:00 - 22:30Neipetearkje - Wurkgroepleden en ferskate oaren binne oanwêzich om yn petear te gean

Dizze gearkomste is op basis fan donaasjes 

Oanmelde 

Kinst dy oanmelde troch in e-mail te stjoeren nei info@frij.frl. Wolst mei-ite? Jou dat dan oan yn dyn e-mail. It iten is om 18.30 klear. 

links

Vragen? Mail ons!