De wrâld is yn 'e tiis... Oarloggen geane mar troch en politike karren jeie eangst oan. Bisto ek ûnwis oer de hjoeddeistige gong fan saken yn 'e wrâld? Op 27 novimber 2023 jout skriuwster Mariska Appelman in lêzing oer har boek “Ekonomy fan 'e leafde”. By Frij Fryslân fertelt se dy jûn oer de oergong nei in nije mienskip en hoe 't we dy mei elkoar foarmjaan kinne.

Har wurkgebiet - de makelerij - en de hjoeddeistige blokkades by it kreëarjen fan betelbere húsfêsting, sille ek grif oan bod komme. Want as wy mei-inoar it bewustwêzen hawwe dêr ’t “the way out is”, dan kinne wy mei-inoar in fûst meitsje rjochting de beliedsmakkers.

Stap út de eangst en kies foar de leafde 

In ekonomy fan de leafde foarmet in wrâld wêryn 't minsken wêze meie en kinne wa 't se bedoeld binne. In wrâld dêr 't dûbelde aginda’s, ûneigenlikheid en ego’s yn ferfongen wurde troch transparânsje, belutsenens en autentisiteit. Mariska’s boek wiist it paad nei in bewjukte maatskippij. Har holistyske fyzje is as in kompas dat rjochting jout binnen fjouwer libbensgebieten: ûnderwiis, sûnenssoarch, ekology en ekonomy. 

De folgjende fragen komme oan bod: 

  1. Wat is in ‘Ekonomy fan de Leafde’?
  2. Wêrom skreau Mariska dit boek?
  3. Wa binne de ynspiratoaren foar de fjouwer libbensgebieten?
  4. Wat kinsto betsjutte foar de ‘Ekonomy fan de Leafde’?

Oer Mariska Appelman 

Mariska is eigener fan De Stijl Makelaardij, De Stijl Media en oprjochter fan The Style Foundation, wêrmei 't sy ûnderwiisprojekten mei in earlike ekonomyske basis opset yn Kenia. Har winsk is doarpen op te rjochtsjen dy 't libje neffens in Ekonomy fan de Leafde en dat út te rôljen. Dit kin sy net allinnich. Dochst mei?

Kom yn 'e kunde mei Mariska 

Do bist fan herte wolkom by de temagearkomste Wearde op 27 novimber. Op 'e jûn kinst de lêzing fan Mariska folgje en mei har yn petear gean. Sjoch hjir foar it programma.