Fielst dy ferbûn mei it gedachtegoed fan Frij Fryslân? Wy nûgje dy út om yn'e kunde te kommen en te ûntdekken wêrsto dyn stientsje bydrage wolst.
De bêste wize om Frij Fryslân kennen te learen is delkomme op de Frij Fryslân Freed yn Wergea. Alle fjirtjin dagen is der in dei mei aktiviteiten, wurkgroepoerlis en moetings yn it iepen kafee. Hjir trefst minsken dy't al aktyf binne binnen de koöperaasje en ûntsteane der moaie útwikselingen. By it ledeloket kinne wy dy mear fertelle oer lidmaatskip. Oanmelde kin fia info@frij.frl. De data fan de Frij Fryslân Freed fine jo yn ús aginda.
Donearje: wolst ús wurk finansjeel stypje? Donaasjes binne wolkom op rekkennûmer NL 26 INGB 0675 8991 41 t.n.v. Frij Fryslân Koöperaasje U.A. o.v.v. 'donaasje'.
Presintaasjes: geregeldwei jouwe inisjators fan Frij Fryslân presintaasjes op lokaasje. Wolst dat yn dyn eigen omjouwing organisearje? Nim kontakt op.
Ynvestearders en sponsoaren: ynvestearders en sponsoaren kinne kontakt mei ús opnimme fia info@frij.frl.
Bist noch net lid fan ús nijsbrief? Je fine de oanmeldmooglikheid ûnderoan dizze side.
Mail ús dan fia info@frij.frl.