Undernimmers witte as gjin oar hoe 't je wat nijs kreëarje en dêrmei je libbenswrâld en takomst foarmjouwe. Yn Frij Fryslân bouwe wy in nije maatskippij op grûn fan ferbining, minsklikens, lytsskaligens en harmony mei de natuer. Dat is in flinke opjefte en ûndernimmerskip is dêrby essinsjeel. Om as mienskip goed funksjonearje te kinnen is in sterke lokale ekonomy mei in ferskaat palet oan bedriuwichheid ûnmisber. Dêrom ferwolkomje wy elkenien - minsken én organisaasjes - dy 't op dizze wize meibouwe wol.
In wichtich útgongspunt is dat elk (aspirant-)lid wat yn de koöperaasje bringt. Minsken sette harren tiid, enerzjy en talinten yn. Foar bedriuwen giet dit faak oer in jefte oan de koöperaasje yn de foarm fan produkten of tsjinsten. Foar elke organisaasje sil dit oanbod maatwurk wêze. It kin lestich wêze om dyn jefte as bedriuw foarôf te bepalen. Dan is it ek mooglik om in yntinsje út te sprekken, dy 't nei oansluting yn oerlis konkreet makke wurdt.
Sa kinst tinke oan in soarchferliener dy 't alle wiken ien konsult beskikber stelt oan de koöperaasje, in timmermansbedriuw dy 't seis wurkoeren yn de moanne ynbringt, in boer dy 't 50 kilo tsiis jout foar Frij Fryslân gearkomsten of in boartersguodwinkel dy 't alle moannen in spul jout oan in by ús oansletten skoalle.
De ynbring fan minsken en de donaasjes fan bedriuwen sille útwiksele wurde troch middel fan in systeem: de digitale Friling. Dêrmei set yn 2023 in pilot útein. In eksperimint dêr't (noch) net eksakt by te foarsizzen falt hoe't it útpakt. Dat freget noch fierdere útwurking. It wichtichste útgongspunt is dat dit in middel is wêrby 't elkenien mearwearde ûnderfynt: in win/win situaasje.
Elke organisaasje kin in fersyk ta lidmaatskip yntsjinje: ienmanssaken, stichtingen, BV’s, oare koöperaasjes, etcetera. Der jilde twa betingsten: de organisaasje ûnderskriuwt de fyzje fan Frij Fryslân en de organisaasje docht in oanbod oan de mienskip. Nei ûntfangst fan dit fersyk, sil de mienskip oanjaan oft sy it iens is mei de oansluting fan de organisaasje.
Yn Frij Fryslân nimme de minsken mei-inoar, transparant en earlik besluten. Ek oer it oansluten fan organisaasjes beslút de mienskip. Hjirby hawwe oare organisaasjes gjin stim, in bedriuw kin dus net meibeslisse oer de oansluting fan in oar bedriuw. Wy dogge dit sa omdat libbene minsken dejingen binne dy 't it heft yn hannen hearre te hawwen.
Hasto in bedriuw en wolst earst frijbliuwend yn 'e kunde komme mei minsken yn ‘e koöperaasje? Kom dan mei ús yn ’e kunde op in ynrinmoandei (sjoch ek de aginda op frij.frl) of nim kontakt op fia info@frij.frl.
Wy kinne ús yntinke datst fragen hast. Binnen Frij Fryslân is wurkgroep Bedrijven aktyf. Dizze groep fungearret as earste oansprekpunt foar organisaasjes en bliuwt berikber foar al dyn fragen. Sy kinne ek helpe mei it ynfoljen fan it oanmeldformulier. Nei oansluting bliuwe se oansprekpunt en berikber foar fragen.