Fyzje

Fyzje

Frij Fryslân is in lân dêr’t minsken om elkoar jouwe. Dêr’t respekt foar elkoar, it libben en frijheid in moaie balâns foarmje. In lân dêr’t minsken mei elkoar besluten nimme en om elkoar en om ús ûnbetelbere natuer tinke.

It is in lân dat in soad rykdommen biedt: skjin drinkwetter, suvere luchten, rike lânbougrûn en duorsume enerzjyboarnen. Yn Fryslân is alles foarhannen om ynwenners de basisbetingsten foar in sûn libben te bieden.

Frij Fryslân is ek in lân dêr’t elkenien him of har ûntjaan kin nei eigen ynsjoch. Dêr’t ynspiraasje, kreativiteit en ynnovativiteit ûnderdiel fan it grutste goed binne en dêr’t  talinten fan elkenien sjoen en benut wurde. Dy wearden wurde yn Frij Fryslân aktyf stimulearre, sadat wy wurkje kinne oan oplossings dy’t takomstbestindich binne  en wy ús natoer, ekonomy en bestjoerlike prosessen werstelle kinne.

Yn Frij Fryslân witte wy dat in sterke lokale ekonomy needsaaklik is foar minsken en omjouwing. Wy drage ús soevereiniteit en beslissingsfoech net oer oan oerheden of non-gûvernemintele ynstellings dy’t in lyts bytsje bining mei ús lân hawwe. Us ynwenners nimme mienskiplik, transparant en earlik besluten en hâlde útfierders fan de keazen rjochting oanspraaklik.