Neitinke oer wearde (diel 2)

Neitinke oer wearde (diel 2)

Dit twadde part fan de searje ‘Neitinke oer wearde’ giet oer jaan en skuld. It docht bliken dat je paradoksaal genôch in skuld oan in oar opbouwe kinne troch in geskink oan te nimmen ...

"Yn ús lân binne we minsken!" sei de jager. "En omdat we minsken binne, helpe we elkoar. Wy hâlde der net fan om ien dêrfoar te betankjen. Wat ik hjoed begjin, kinsto moarn fange. Yn dit lân sizze wy datst mei presintsjes slaven makkest en mei swipen hûnen."

Yn syn briljante boek Debt. The first 5000 Years ('Skuld. De earste 5000 jier ') fertelt David Graeber in ferhaal oer de ûnderfiningen fan de Deenske antropolooch Peter Freuchen dy 't yn 'e lette jierren 1950 fjildwurk die by de Inuit (of eskimo ’s) yn Grienlân. Freuchen fertelt dat er op in dei thúskaam fan in jacht dy 't neat opsmiten hie. By de yngong fan syn iglo trof er in pear hûndert pûn fleis oan dy 't in jager dêr achterlitten hie dy 't wol in suksesfolle jacht hân hie. Doe 't de antropolooch de man mei gauwens betanke krige er as antwurd de tirade dy 't yn it sitaat hjirboppe te finen is. 

Wat wie no it boadskip fan de Inuitjager? Wat bedoelde er doe 't er sei datsto troch presinten slaven makkest? Hjirfoar moatte wy as Westerlingen wierskynlik wat djipper by ússels ynfiele, mar dan komme wy der wierskynlik ek efter dat as ien ús in geskink jout, wy it gefoel krije dat wy op ús bar wat weromjaan moatte. En let wol: op in geskikte wize en op in geskikt momint. Tink oan jierdeiskadootsjes dy 't binnen famylje of freonenetwurk útwiksele wurde. As dy tradysje bestiet, dan wurdt elkenien achte de oar in kadootsje te jaan as ien jierdei is. En alle dielnimmers lette der op dat harren kadootsjes net út de toan falle by de eardere kadootsjes. Se binne net te djoer en net te goedkeap, net te ôfwikend en se dogge war om se yn 'e smaak falle te litten by de ûntfanger.

Yn primitivere maatskippijen is geskinkútwikseling in serieuze oangelegenheid. Troch presinten út te wikseljen wurde ûnderlinge relaasjes smeid dy 't ferplichtingen oer en wer mei har meibringe. Yn it Westen kenne wy dat noch altyd: wy binne ús der bewust fan dat it útwikseljen fan kado's helpt yn it smidden fan relaasjes en freonskippen. Der is sels in siswize: ‘Lytse geskinken ûnderhâlde de freonskip’. En dêrby moat fansels ek net fergetten wurde dat minsken it djipste leuk fine om wat te jaan. As je wat dogge of jouwe wêr 't in oar bliid fan wurdt dan wurde je sels ek bliid.

Mar it geskink hat twa kanten. In geskink freget altyd om in tsjinjefte, op syn minst ymplisyt, lykas yn ús moderne maatskippij. Dit hjit yn 'e antropology reciprositeit. Minsken sitte dus op in bepaalde wize finzen yn in relaasje fan skinkútwikseling. En dêr komt de útdrukking fan de Inuitjager wei dat it jaan fan presinten immen ta slaaf makket: de ûntfanger is ferplichte om in geskink werom te jaan.

No is berekkenjen en ferlykjen djip ferankere yn it minsklik aard. Sa bot sels, dat it dield wurdt troch ús fiere sibben de aapachtigen. In treffend eksperimint is útfierd mei kapusynapen. Twa aapkes moasten in taakje útfiere, nammentlik in stientsje weromjaan oan de dejinge dy 't it eksperimint late. Yn ruil dêrfoar krigen se beiden in stikje komkommer. De twa aapkes sieten neist elkoar yn in plestik koai. Se koene inoar dus sjen en se hearden ek nochris ta deselde apekolony. Ynienen feroaren de spulrigels. It iene aapke krige noch hieltyd in skyfke komkommer yn ruil foar in stientsje, mar de oare in drúf. It aapke dat no noch hieltyd de komkommer krige waard poer. It smiet de skiifkes komkommer werom nei de eksperimintlieder en begûn oan syn koai te rammeljen. Dit wie net earlik!

It is dus net sa dat de Inuitjager dy ’t net betanke wurde woe in ‘nommele wylde’ wie dy ’t noch net in ‘skoare’ byhold en him net bewust wie fan de wearde fan dingen of de wearde fan hannelingen. Wy kinne hjir op ‘e nij David Graeber oan it wurd litte: 

“Yn stee fan himsels as minske te sjen omdat er ekonomyske berekkeningen meitsje koe, beklamme de jager dat wier minske syn betsjutten dat er wegere om sokke berekkeningen te meitsjen, dat er wegere om te mjitten of him te betinken wa ’t wat oan wa jûn hie, om de krekte reden dat dit ûnûntkomber in wrâld kreëarje soe dêr ’t wy begûnen ‘macht mei macht te ferlykjen, te mjitten, te berekkenjen, en mekoar troch skulden te redusearjen ta slaven of hûnen.”

Graeber analysearret sekuer wat der oan de hân is yn it gefal fan de Inuitjager. Berekkenje, fergelykje, byhâlde oan wa wat ferskuldige is, sit djip yn 'e minske ynbakt, mar troch dêr eksplisyt ôfstân fan te dwaan ferklearre de jager him ta in heechsteand minske.

In moai foarbyld fan de ferneatigjende krêft fan geskinken is te finen yn de toanielfoarstelling Pandepaniek fan George van Houts en Steye van Dam. Yn in lockdown komme fiif manlju fêst te sitten op in fleanfjild. It giet om in rike jetsetter, in CEO fan in farmaseutysk bedriuw, in topman by de belestingtsjinst, in linkse sjoernalist en in Kolumbiaanske flechtling dy 't in skjinmakbaantsje op it fleanfjild hat.

De lockdown duorret in etmiel mar gelokkich hat de skjinmakker allegear nuttige saken yn syn karke. Elkenien hat dêrtroch in skoft genôch te iten en te drinken, oant men oankommen is by de lêste twa mielen en de lêste fleskes wetter. Earst wurdt der jild bean foar it iten, mar al gau feroaret it spul en biede de twa rike manlju de skjinmakker, dy 't swier yn de finansjele problemen sit fanwege de taslagge-affêre, in jefte oan út de leafdiedichheidsfûnsen wei dy 't sy op harren namme hawwe. Se skinke him úteinlik in gigantysk bedrach, dat genôch liket om syn belestingskuld te beteljen. Troch dizze jefte fielt de skjinmakker him moreel ferplichte om de twa restearjende mielen en it drinken oan de rike manlju te jaan. Sa wurdt dus in keap troch in tûke trúk fan beide rike manlju omtsjoend ta in geskink en wurdt dit geskink ta wapen makke.

Der falt noch folle mear oer dy matearje te fertellen, mar hooplik is dúdlik wurden dat de ynherinte oanstriid fan minsken om goederjousk ferbûn is mei in oare djip ynbakt minsklike trek, nammentlik om te berekkenjen en te ferlykjen. Dêrtroch kin in geskink dus te 'n goede of te kweade brûkt wurde, lykas jild. Wat beide mien hawwe is dat se brûkt wurde kinne om skuld te kreëarjen. En krekt dat is wêr 't de Inuitjager net oan meidwaan woe.