De Friling: ít frijheidsstatement fan 2022

De Friling: ít frijheidsstatement fan 2022

Frijheid is net te beteljen. Dêrom lansearret Frij Fryslân in frijheidspinning mei de namme de Friling. De Friling stiet foar frijheid - yn it ferline, yn it no én yn de takomst.

De pinning 

Dizze frijheidspinning tsjûget net allinnich fan de iuwenlange perioade wêryn 't de Friezen frij en autonoom libben. Hy lit ek sjen hoe sterk oft frijheid no wer libbet yn Fryslân. De penning wurdt ek útbrocht om as symboal brûkt wurde te kinnen troch elkenien dy't frijheid heech yn it findel draacht.

Skaaimerken 

De pinning is makke fan puer sulver (99,9%) en weaget in troy ounce (31,1 gram ): in standertgewicht foar sulveren munten. De penning hat in pear tige bysûndere eigenskippen. De meast yn it each springende is faaks it wurd ‘ frijheid ’ yn ferskate Fryske talen.

Oan it ûntwerp foar de foarside fan de munt wurdt op dit stuit wurke. Oer de efterkant en it opskrift kinne we lykwols al mear melde. It opskrift op de munt is: Yn frijheid ferbûn. Fierder is op pinning de Fryske flagge ôfbylde.

De symbolyk op de Friling

Frisia 

Oait wie Fryslân in grut gebiet dat yn Romeinske en midsiuwske boarnen Frisia neamd waard. Fryslân besloech doe hast de hiele kuststrook fan Seelân oant Denemarken.

De Fryske Frijheid 

De Friezen stiene bekend as in ryk en machtich folk. Se wiene iuwenlang autonoom. De ûnderskate Fryske lannen lâns kust fan de Noardsee wiene miny-republiken, dy 't oan gjin inkelde froast ûnderwurpen wiene. Dizze perioade stiet dêrom ek wol bekend as de Fryske Frijheid. Sûnder oerhearskers regelen se alles ûnderinoar.

De frije Friezen 

De dragers fan dizze Fryske Frijheid wiene de frije minsken en de eallju. As groep waarden hja yn it midsiuwske Frysk, mei fria fresa of ‘ frije Fries ’ oantsjut. Dizze groep bestie út in brede laach fan frije minsken, yn it Aldfrysk friling, en in lytsere toplaach fan eallju, etheling neamd. Nei dizze frije Friezen ha wy de pinning de namme Friling jûn.

Foar altyd frij 

De midsiuwske Fryske teksten fertelle net allinnich hoe't de Friezen harren frijheid ferkrigen troch dapper te fjochtsjen, mar ek dat dy frijheid foar ivich wie. Sy tochten dêrby oan harren bern en de bern fan harren bern. Of sa't de Aldfryske teksten it sizze: de Friezen ferkrigen harren frijheid foar thi berna and thi uneberna ‘ de berne en de ûnberne’, en foar altyd: to mannes liif ende to landes leghere ‘sa lang as de minsken libje en it lân bestiet’.

Opstalbeam 

Friezen út alle kriten kamen ien kear yn it jier byinoar op in foar harren hillich plak, de Opstalbeam. Yn Aurich, wat no yn Dútslân leit, Dêr kamen de ôffurdigen, dy 't alle jierren opnij keazen waarden, de tiisdeis nei Pinkster byinoar. De Opstalboom kin dus sjoen wurde as it symboal fan de feriene Fryske lannen, oer de hjoeddeiske lânsgrinzen hinne.

De Fryske ekonomy en de pinning 

De feeteelt en hannel  binne al iuwenlang fêste ûnderdielen fan de ekonomy. Fanwegen dy hannel yn it hiele Noardseegebiet waard dy see lang mare Frisicum of ‘ Fryske see ’ neamd. Om hannel te driuwen brûkten de Friezen lytse sulveren munten dy 't sy pinning neamden (lykas de Ingelsen de penny koene). Dêrom is de beneaming frijheidspinning net allinnich in ferwizing nei it moderne gebrûk fan it wurd, mar ek in oantinken oan ferfleine tiden, doe 't in pinning noch gewoan in munt wie om mei te beteljen. En wa wit wat de takomst ús bringe sil... 

De Fryske flagge 

Mei-inoar waarden de autonome Fryske lannen lâns de Noardseekust de sân Seelannen neamd. De sân pompeblêden fan de Fryske flagge dogge hjir noch oan tinken. De fjouwer blauwe banen op de Fryske flagge fertsjintwurdigje de wichtichste fjouwer farwegen. De trije wite banen ferwize nei diken oer lân. It is opfallend dat al yn de alfde iuw oer frije trochgong foar de Friezen oer dizze diken skreaun waard yn de âldste midsiuwske Fryske rjochtstekst. De Fryske flagge hat koartsein hiele âlde woartels.

De nije Fryske frijheidspenning is te bestellen fia de foarferkeap op friling.frl!