De ein fan de wrâld of de ein fan it kapitalisme?

De ein fan de wrâld of de ein fan it kapitalisme?

(Troch Leslie Sklair) ‘It is makliker om dy de ein fan de wrâld foar te stellen as de ein fan it kapitalisme’, wurdt wol sein... In djippe wierheid oer it tiidrek fan kapitalistyske mondialisearring. Der is folle mear skreaun oer de tsjustere kanten fan it kapitalisme as oer hoe 't in net-kapitalistyske wrâld der útsjen kinne soe, benammen yn de kontekst fan de saneamde sosjalismen en kommunismen út it resinte ferline. Om dit te boppe te gean, moatte wy op 'e nij begjinne. Myn betooch is dat de ferwachtingen foar progressive feroaring it bêste sjoen wurde kinne as in tige lang proses fan it ûntkennen, mijen en úteinlik nei de jiskebak fan de skiednis ferwize fan it mondiale kapitalisme, de sosjaaldemokrasy en de steatsfoarmen dy 't se kreëarre hawwe.

Wêrom sil kapitalistyske mondialisearring der perfoarst net yn slagje wolfeart, lok en frede te bringen foar de hiele minskheid? De twa fatale tekoartkommingen fan it kapitalisme binne de krisissen fan klassepolarisaasje (de riken wurde riker, der is jimmeroan in groep alderearmsten en de middenklasse wurdt hieltyd ûnwisser) en fan ekologyske ûnhâldberens (in ûnûntkomber gefolch fan sawol kapitalistyske as sosjalistyske groeidogma 's). Dizze krisissen kinne direkt taskreaun wurde oan de transnasjonale kapitalistyske klasse (besteande út saaklike, politike, profesjonele en konsuminterjochte fraksjes) en har dominante weardesysteem, de kultuerideology fan it konsumentisme.

Lit ik simpelwei wize op de wichtichste eleminten fan in progressive net-kapitalistyske transysje. It earste is de maat. Enoarme transnasjonale ûndernimmingen en bedriuwssteaten, betsjinne troch enoarme profesjonele en organisaasjes foar konsumpsjeguod en - tsjinsten, dominearje oeral it libben fan minsken. It liket dus foar de hân te lizzen dat lytsskalige struktueren better wurkje kinne soene en minsken better by steat stelle kinne in befredigender libben te lieden. Dat is net in dreambyld fan isolearre, lokale sellen; myn fyzje op in alternative, radikale, fiergeande mondialisearring foarsjocht yn netwurken fan lytse produsinte-konsumintekoöperaasjes (PCC 's) dy 't op ûnderskate nivo's gearwurkje. Yn it foarste plak om in behoarlike libbensstandert foar elkenien op 'e planeet te garandearjen.

Hoe kinne PCC's organisearre wurde om it emansipatoir potinsjeel fan mondialisearring te benutten yn in net-kapitalistyske wrâld? It ienfâldige en bemoedigjende antwurd is dat se wurkje soene, alteast yn de iere stadia fan transformaasje, lykas miljoenen lytsskalige koöperative groepen op it stuit al wurkje yn enklaves oer de hiele wrâld.

De oare essays yn dit sympoasium dokumintearje ynspirearjende ferhalen oer progressyf aktivisme en bewustwurding, mar it is net ferwûnderlik dat se allegearre problematysk binne. Sharryn Kasmir lit sjen dat Mondragon – oait de grutste hope fan de koöperative beweging – ûnûntkomber kompromittearre liket binnen it ramt fan in mondiaal kapitalistysk systeem. Yn har casestudy fan de Uralungal Labour Contract Cooperative Society yn Kerala ûntbleatet Michelle Williams de needsaaklike betingsten foar echte kontrôle troch wurknimmers, mar har konklúzjes suggerearje dat de takomst derfan net wis is. Yn it ynterview mei Paul Singer biedt de evolúsje fan de Solidariteitsekonomy yn Brazilië bemoedigjende resultaten om minsken út de earmoed te heljen, mar it bliuwt in enoarme opjefte en it is ûndúdlik hoe 't de maatskippij as gehiel feroare wurde kin. Julián Rebóns analyze fan troch arbeiders behearde fabriken yn Argentinië ropt fragen op oer wêrom 't in kapitalistyske steat it harren maklik meitsje soe om te gedijen of sels te oerlibjen. Sa ek it ûndersyk fan Theodoros Rakopoulos nei anty-tuskenhannelmerken yn Grikelân, dêr 't linkse kaping fan de steat troch de politike partij Syriza de beweging earder liket te remjen as te stypjen.

Gjinien fan dy inisjativen wiist op in útwei út kapitalistyske útrûpeling of ekologyske ûnhâldberens, en gjinien fan harren problematisearret echt de rol fan de steat – oft it no lofts, rjochts of sintristysk is – noch hoe ’t dy inisjativen wurkje mei de kapitalistyske konsumintemerk. Ik konkludearje dat alle steaten úteinlik hiërarysk binne en dat wy allinne yn lytsskalige mienskippen lykas PCC's, lokaal of wrâldwiid ferbûn fia ynternet, dat ûnûntkombere hellend flak mije kinne.

Yn syn Prison Notebooks sei Gramsci dat yn tiden fan krisis it âlde stjert en it nije noch net berne is. Wylst Gramsci de oandacht fêstige op de syklike symptomen fan sa 'n situaasje (yn 1930 ), is ús krisis oars. Ik wol de oandacht fêstigje op mear hoopfolle symptomen (dy 't wachtsje om berne te wurden) fan ús hjoeddeistige krisis fan kapitalistyske hegemony.

De libbensfetberens fan inisjativen dy ’t besykje om konkurrinsje mei de merk te mijen en te ûntsnappen oan de hiëraryske steat, berêst op in soad net-teste oannames. De earste ferûnderstelling is dat dejingen dy 't essinsjele deistige taken útfiere soene, har wurk dwaan bliuwe soene yn in PCC (Participatory Community Cooperative) yn stee fan by grutte bedriuwen en harren lokale dochterûndernimmingen. Dat giet om talleaze minsken dy 't op dit stuit wurkje yn partikuliere of publike sektoaren, direkt of yndirekt, om PCC's op te rjochtsjen yn harren lokale mienskippen, dêr 't iten produsearre wurdt, transport organisearre wurdt, learmooglikheden en feardigensoerdracht fersoarge wurde, sûnenssoarch wurdt jûn, enerzjysystemen beheard, ensafuorthinne. PCC's dogge dit al op lytse skaal oer de hiele wrâld, mar soksoarte inisjativen hawwe it dreech binnen kapitalistyske merken. Mienskipsstypjende inisjativen op it mêd fan lânbou yn ferskate parten fan 'e wrâld fertsjintwurdigje in earste stap op in lange en drege wei nei selsfoarsjenning yn dizze sfear.

Neoliberale ideologen hâlde út dat der gjin alternatyf is foar kapitalistyske globalisearring. As wy wegerje harren te leauwen en as wy begjinne mei it meitsjen fan alternatieven en dizze alternatieven begjinne harsels te bewizen op harren eigen betingsten, dan kin de logika fan de merk wjerlein, ûndermine of sels negeard wurde. Wylst ik dit skriuw, sjoch ik de laits op de gesichten fan dejingen dy 't dit wol leauwe wolle soene, mar it net te leauwen fine. Hûndert jier lyn waarden ideeën oer suksesfol transplantearjen fan minsklike organen, live foarfallen fan oeral op 'e wrâld folgje, rinne op 'e moanne, ynterkontinintaal reizgje binnen pear oeren en ynstant kommunikaasje as net te leauwen fuortset. Sa ’t de oprop fan it Wrâld Sosjaal Forum klinkt: “In oare wrâld is mooglik.”

Mei net folle útsûnderingen is de sosjology swijsum oer soksoarte saken; sels de oerwaging om se oan te kaarten, bringt de ûngemaklike driging fan profesjonele spot mei har mei fan de Weberiaanske weardefrije poartewachters. It is net ferwûnderlik dat graduate skoals en finansieringsynstânsjes oer it algemien weromhâldend binne om ûndersyk te stypjen by net-kapitalistyske linen del. De irony is dat der fansels in protte ûndersyk bestiet dat kritysk is oer in soad fasetten fan de kapitalistyske maatskippij, mar praktysk neat dêrfan it kapitalisme sels ta diskusje stelt of fraachtekens set by de net-kapitalistyske maatskippij; sels in tinker sa foarútstribjend as E.O. Wright komt min of mear ta dizze konklúzje yn syn gâns priizge wurk Envisioning Real Utopias.

Mar de tiid is ryp foar in nije radikale progressive sosjology om dizze útdaging fan teory en ûndersyk oer de net-kapitalistyske maatskippij oan te gean. Dat soe ynhâlde dat it dogma fan de hieltyd tanimmende groei, de stipepylder fan de kapitalistyske globalisearring, de sosjaal-demokrasy en it ortodokse marksisme, yn 'e kiif steld wurdt. Dit wurdt al bepraat fia it idee fan mienskiplik ûntgroeie (degrowth). It soe wis betsjutte dat de riken minder ryk wurde soene en de earmen riker wurde soene yn materiële besittingen, hoewol 't elkenien profitearje soe fan net-materiële rykdommen. De kultuer-ideology fan it konsumentisme soe ferfongen wurde troch in kultuer-ideology fan minskerjochten en ferantwurdlikheden, dêr 't de wichtichste in serieuze ynset fan is foar in fatsoenlike, duorsume libbensstandert foar elkenien.

Allinnich troch de merk te negearjen kinne wy ûntkomme oan de ûnûntkombere katastrofale gefolgen fan de kapitalistyske globalisearring. Tajûn, dit klinkt folslein ûnrealistysk, mar allinnich as wy de achilleshiel fan it wrâldwide konsumpsjekapitalisme net erkenne. It is nammentlik basearre op soevereiniteit fan konsuminten en konsuminten kinne net twongen wurde om junkfood en - drank en junkkultuer te konsumearjen. De macht fan kapitalistyske marketing en reklame en it ideologyske steatsapparaat is hiel grut, mar as âlden der folslein bewust fan makke wurde kinne hoe 't de merk harren en harren bern skea docht, is der noch hoop foar de planeet en elkenien dy 't derop libbet. Hoe dreech oft it ek is om ús de ein fan it kapitalisme, de ein fan de hiëraryske steat en de needsaak ta ûntgroeie (degrowth) foar te stellen, yn alle gefallen jildt: hoe langer oft wy dermei wachtsje, namste dreger it wêze sil om it ta stân te bringen.

Leslie Sklair, London School of Economics (oarspronklik publisearre yn 2016, oerset mei tastimming fan de auteur)