De reis nei Wurdearring

De reis nei Wurdearring

Doe 't de wurkgroep Jild (Jild) - tsjintwurdich Wearde - op 30 april 2022 úteinsette, waard ferkend wat de doelen fan de groep wiene. Neist de kar om in sulveren munt út te jaan, waard in trajekt ynset om besteande útwikselings - of ' jild ' - systemen te ynventarisearjen en te beoardieljen op geskiktens foar gebrûk binnen Frij Fryslân of de learpunten der út te destillearjen. Elkenien seach dat de Euro - in fiatsysteem - net befoarderjend wurket foar it wolwêzen fan minsken en de foardielen fan it oanjeien fan 'e lokale ekonomy waarden ek troch alle leden fan 'e groep sjoen.

"When everything is subject to money, then the scarcity of money makes everything scarce, including the basis of human life and happiness." 
-- Charles Eisenstein

De groep rûn al gau tsjin fragen oan as ’wat is eins de definysje fan jild’ en ‘wat is wearde’ en ’hoe wurdt wearde kreëarre’. Mar ek ’hawwe wy jild eins wol nedich?’ en ’wat biede de bekende beskikbere alternativen of metoaden eins en wat betsjut dat foar Frij Fryslân?’ Ferskate konsepten waarden besprutsen en neier ûndersocht, wêrûnder ek wolwêzen, natuerwetten, skuld, asset based jild, fraksjoneel bankieren, groei, besit en rendemint, firtuele en reële ekonomy.

In bykommende faktor wie it ferskil tusken útwikseling binnen de koöperaasje en dêrbûten. De wurkgroep seach al gau oan ’e iene kant de foardielen fan it binnen in besletten mienskip sels bepale kinnen wat wearde hat. Oan’e oare kant moat der noch altyd mei de bûtenwrâld hannele wurde. Dêrmei bliuwe op dit stuit fiatsystemen as de Euro en Dollar needsaaklik.

Wat is jild?

De definysje fan jild is net sa ienfâldich as men op it earste each faaks tinke soe. En eins is dat gek, want we hawwe tsjintwurdich yn elk aspekt fan ús libben mei jild te krijen. Elkenien dy’t him in bytsje yn jild ferdjippet rint al gau tsjin ferskate funksjes oan dy jild ferfollet, wêrûnder dy fan ruilmiddel, ferlikingseenheid, oppotmiddel en ynvestearringsmiddel. Mar dat beäntwurdet noch hieltyd net de fûnemintele fraach wat jild no eins is. De ekonoom Ludwig von Mises (1881 - 1973), definiearre jild sa: “jild is it meast akseptearre ruilmiddel yn in mienskip”. Dizze definysje lit dúdlik sjen dat jild, krekt as wearde, eat is dat troch minsken kreëarre wurdt. It bestiet net bûten ús.

Jild hat dus feitlik in grutte fluïditeit, sawol fan syn wêzen as fan syn tapassingen. Al mei al biedt dat genôch romte foar eksperiminten mei jild en it ûndersykjen wat wy ta passe wolle. Dêrom hat de jildgroep de al besteande alternative jild - en útwikselingssystemen ferkend.

In ferkenning fan alternative jild - en útwikselingssystemen

Wörgl
Begjin jierren tritich fan de foarige iuw - de krisisjierren - starte boargemaster Michael Unterguggenberger fan it Eastenrykske doarp Wörgl in eksperimint mei lokaal jild. It idee wie dat jild net of amper noch in oppotmiddel wêze moast, mar in ruilmiddel. Jild moast dus yn omloop bliuwe en sa gau mooglik sirkulearje. Om dit te stimulearjen betocht Unterguggenberger in tûk plan. Hy stalde de Skillingen dy’t de gemeente hie op de bank en joech ynstee dêrfan bonnen út, Freigeld neamd. De bonnen koene as jo woene by de pleatslike bank wer ynwiksele wurde tsjin Skillingen, mar mei in ferlies fan 5% fan de wearde. Boppedat fermindere it Freigeld hieltyd in bytsje yn wearde, neffens in fêst patroan. Op de bonnen moest elke earste dei fan in nije moanne nammentlik in segeltsje plakt wurde, dat by de pleatslike Raiffeisenbank kocht wurde moest foar 1% fan de wearde fan de bon. Sa waarden minsken stimulearre om it Freigeld sa gau mooglik út te jaan.

Dit eksperimint wie in sukses. De wurkleazens sakke en de keapkrêft gie omheech. Dit wie sa opmerklik dat de ynternasjonale parse deroer begûn te skriuwen. Men spruts fan “Het wonder van Wörgl”. Jan van Arkel wiist der yn syn boek De koop lokaal booster op dat in wichtige suksesfaktor it mienskipsgefoel fan de minsken yn Wörgl wie. Se woene it inisjatyf mei-inoar slagje litte.

Doe’t sa’n 200 gemeenten it plan oernimme woene, waard de Sintrale Bank fan Eastenryk nerveus. Se wiene bang om har monopoalje op it printsjen fan jild te ferliezen. It inisjatyf waard ûnwettich ferklearre en it waard ferbean om it op oare plakken op te starten. Op 15 septimber 1933 hold dêrtroch it Freigeld op. Frjemd genôch begûn in jier letter - yn 1934 - yn Switserlân in ferlykber eksperimint, de WIR. De WIR bestiet noch hieltyd, is suksesfol en tsjintwurdich digitaal. 

As wy de skaaimerken fan it Freigeld fan Wörgl op in rychje sette, herkenne wy in soad dat yn lettere alternative munten opnij tapast is. As earste waard de reguliere munt parkearre. Yn it gefal fan Wörgl letterlik: foar elke bon Freigeld lei in Schilling yn de lokale bank klear. Fierder waard it omwikseljen nei de reguliere munt ûntmoedige troch der 5% minder foar werom te jaan, wylst it Freigeld yn sirkulaasje gewoan 1 Schilling wurdich wie. Treds waard it sirkulearjen stimulearre troch it Freigeld hieltyd in bytsje minder wurdich wurde te litten troch de segels dy’t der alle moannen op plakt wurde moasten.

Berkshares, Bristol Pound, Eusko en Sardex
Sûnt de iere jierren 2000 binne der yn ferskate plakken yn de VS en Europa nije farianten fan lokaal jild ûntstien. Bekend en suksesfol binne de Berkshares yn Berkshire county (FS, 2006), de Bristol Pound yn Bristol (VK, 2012), de Eusko yn Frânsk Baskelân (2013) en de Sardex yn Sardinië (2009). In soad fan dizze komplemintêre faluta binne ûntstien nei de finansjele krisis fan 2009. Meastal kin de lokale munt foar 95% fan de priis ynkocht wurde, en somtiden ek wer dêrfoar ferkocht wurde. De oerstap nei in digitale fariant is somtiden lestich. De Bristol Pound dy’t allinnich as cash bestie is fanwegen de taname fan pinbetellingen per septimber 2021 opholden.

Komplemintêr jild yn Nederlân
Yn Nederlân binne op dit stuit ferskate regionale of lokale faluta aktyf, lykas it Arnhems Hert, de Brabânske Parel, de Dam (Rotterdam), de Fryske Euro, it Heerlens Heitje, de Zeister Knoop en de Westlandse Watermunt. In soad fan de Nederlânske lokale of komplemintêre munten binne basearre op it gedachtegoed fan de Social Trade Organisation of STRO, oprjochte troch Henk van Arkel. STRO hat de software Cyclos boud, dêr’t in soad fan dizze komplemintêre munten op draaie.

De measte komplemintêre munten besteane dan ek allinnich digitaal, mei útsûndering fan de Wettermunt, dy’t krekt as papierjild begûn is en de Florijn.

Florijn
De Florijn hat deselde ferbûnens mei de euro as de measte komplemintêre faluta. Mar de Florijn is in munt foar hiel Nederlân. Ien doel fan dit inisjatyf is dúdlik net allinne in komplemintêre munt te wêzen, mar ek in back-up foar as de euro’falt’.

In oare doelstelling fan de Florijn is om bedriuwen rinteleas kredyt te bieden en sadwaande it ferlet fan bedriuwen oan jild te befredigjen en dêrmei de ekonomy te helpen. It idee efter it rinteleas kredyt fan de Florijn is dat rinte in skuld kreëarret dy’t nea werombetelle wurde kin. Om’t alle fiatjild kreëarre wurdt as liening, kin der dêrom nea genôch jild wêze om alle skulden ôf te beteljen.

URA
De URA is in Nederlânsk inisjatyf mei de ambysje om in wrâldwide munt en bank te wurden. Gefasearre wol de URA los komme fan de euro, om út te kommen by de basis: in oere arbeid. It fûnemint foar dit wurdearringssysteem hat fêstlein yn 12 artikels yn De Verklaring van Vrede. It begjint by it ynwikseljen fan euro's. Alle ynleine euro's wurde ynvestearre yn grûnstoffen, ûndernimmingen, biologyske fiedingsmiddels, natuerkrêft, fêstgoed, suver wetter en minsken. Rente is út den boze in dit systeem. Earder dit jier binne de Florijn en de URA in gearwurking oangien.

LETS
In oar inisjatyf dat basearre is op de oeren dy’t minsken yn de ekonomy stopje hjit LETS (Local Exchange Trading Systems). It giet hjir om lokale ruilrûnten mei sa’n 50 -150 dielnimmers dy’t guod en tsjinsten mei-inoar útwikselje en dat byhâlde yn de foarm fan kredytpunten. Sa kin ien in oar knippe en sa LETS opbouwe. Dizze kinne dan wer bestege wurde by in timmerman, dy’t in pear oeren by de kapper komt te klussen en sa LETS generearret. De kapper betellet de timmerman yn LETS. Op ferskate plakken hawwe dizze ienheden nammen krigen, lykas Noppes yn Amsterdam, Stjerren yn Utrecht en Tuinen yn Ljouwert. It hichtepunt fan dizze beweging lei yn de jierren 90. De LETS binne tsjintwurdich net mear sa populêr om’t nei in pear jier de aktive minsken meastentiids mei in stodaam oan LETS sitte, dy’t sy net kwyt kinne. Dat gegeven wie ien fan de ynsichten dy’t late ta it besef dat it bouwen fan in mienskip foarôf gean moat oan it bouwen fan in lokale munt. Dy rûte ha we foar Frij Fryslân dus ynset.

One Coin per Hour (1 CoinH)
It lêste inisjatyf dat op de radar fan de jildgroep kaam en dêr yntinsyf besprutsen is, hjit 1CoinH of ien munt de oere. It idee achter dizze munt is dat jildkreaasje in minskerjocht is, omdat jild basearre is op minsklike libbensenerzjy. Underwilens wie it besef ek fia oare tinkrûtes al by de jildgroep ynsakke dat úteinlik allinnich in minske wearde kreëarje kin. Dizze gedachtegong sleat dus hiel moai oan. De betinkers meitsje boppedat ûnderskied tusken etysk jild en ûnetysk jild. Alle fiatjild is ûnetysk, sizze sy, troch de wize wêrop’t it kreëarre wurdt en troch de wize wêrop’t it útjûn wurdt. Dielnimmers oan de digitale 1 CoinH meitsje in identiteit oan, dy’t ferve wurdt troch oare  dielnimmers. Dêrnei krijt elke dielnimmer ien munt yn’e oere yn syn wallet. De munten binne bedoeld om útjûn te wurden, dus devaluearje 40% yn it jier. Dit inisjatyf soe yn 2023 úteinsette mar ûnderfynt op dit stuit opstartproblemen.

Hoe bouwe wy ús wurdearringssysteem Wurdearring?

De jildgroep hat yn de weardefolle ûntdekkingstocht by ferskate alternative jildsystemen del in tal dingen leard. It bouwen fan in mienskip is absolút de earste needsaaklike stap. Dêrmei binne wy folop dwaande yn de hiele koöperaasje. Yn dizze mienskip kinne je dan mei-inoar ôfprate wat wearde hat. De wurkgroep kaam der ek efter dat etysk hanneljen en hanneljen neffens de natuerwetten en ús kearnwearden echte wearde opsmyt. Dat wie it twadde ynsjoch.

Treds kaam it besef dat sagau’t minsken berekkenje, hja út ferbining geane, en it besef fan oerfloed remme wurdt (sjoch ek it artikel Neitinke oer wearde 2). As minsken inoar ûnderinoar frij jouwe ûntstiet der oerfloed. De wurkgroep kaam der achter dat der in ferbân is tusken berekkenjen en krapte. Dêr iepenbiere him in probleem oangeande jild, want jild hâldt rekkenjen yn. Idealiter is jild of in ruilmiddel dus net nedich yn in mienskip. Mei fertrouwen en it besef dat alles ien is, is dat ommers oerstallich.

Dit late ta in plan foar de earste faze fan nije wizen fan útwikseljen binnen ús eigen wurdearringssysteem: Wurdearring, wêrmei’t wy begjinne mei oanelkoar te jaan. Dêrmei sette wy no mei-inoar de meast effektive stappen nei mear autonomy yn ús  libben.

In twadde faze kin wêze dat Wurdearring trochûntwikkele wurdt nei in systeem dêr’t wol yn rekkene wurdt. Mei in digitale Friling bygelyks. Oft dit ferstannich en winsklik is, sille wy de kommende tiid mei-inoar ûndersykje.

Dizze digitale Friling moat oars net betize wurde mei ús sulveren Friling, dy’t yn de earste ynstânsje in frijheidsstatement is en bedoeld is as opslach fan wearde (sjoch ek de útstjoering oer de Friling en de Florijn by Blue Tiger.). 

Yn Frij Fryslân geane we foar in nije mienskip. Ien dy’t kwa útgongspunten faak’de wrâld op syn kop’set, sadat de saken wer wurde sa’t se hearre te wêzen. Ek as it giet om jild kinne wy de wrâld omdraaie, sadat de string Jild -> Wearde (-> Jild) ombûgd wurdt nei Wearde -> Jild (-> Wearde). Mei oare wurden: it besef dat wearde primêr is en jild in manier is om wearde út te drukken.

Op 27 novimber 2023 fertelle we mear oer Wurdearring en sille we it sels ûnderfine. Dochst ek mei? Besjoch hjir it programma >