Tinzen oer wearde (diel 1)

Tinzen oer wearde (diel 1)

Alle dagen kenne wy wearde ta fan alles en noch wat. Weardebepaling is in wichtich konsept yn ús libben en by it meitsjen fan deistige karren. By neiere beskôging blykt wearde bêst in lestich konsept. It is lykwols wol in ûnderwerp dêr 't wy as mienskip oer yn petear gean moatte. Yn dit koarte artikel in tal earste bespegelingen.

It begryp wearde

It wurd ‘wearde’ is besibbe oan it wurd ‘wurde’, dat oarspronklik ‘wenden, draaien’ betsjutte. Etymologen ûnderstelle in betsjuttingsûntjouwing fan ‘tawend’ nei ‘passend', nei ‘in passende wearde hawwend’. Sa plat as in dûbeltsje slein is eat wurdich wat de gek der foar jout. It is fansels allegear folle yngewikkelder as dat, mar it is wol hiel belangryk om te beseffen dat wearde nea absolút is. Der sit altyd it elemint fan ferliking yn: twa saken wurde mei-inoar fergelike en harren relative wearde wurdt bepaald. De wearde fan wat dan ek is altyd de útkomst fan in minsklike hanneling fan wurdearring. Wearde bestiet net sûnder de minske.

Alles is te keap

Yn primitive maatskippijen wie net alles te keap en ek net alles persoanlik besit. Yn it moderne Westen is alles te keap en is hast alles priveebesit (ûnder oare troch de privatisearringsweagen fan de jierren 1990 ). Om op dat earste troch te gean: alles is in ‘commodity’ of hannelswaar wurden. En alles is dus foar jild te keap. Der is in útdrukking yn it Ingelsk dy ’t sa giet: ‘everything is for sale if the price is right’. Dat betsjut dat alles kocht of ferkocht wurde kin as de keaper en de ferkeaper it iens wurde oer de goede priis. It ymplisearret dat alles in jildlike wearde hat en dat minsken ree binne alles te ferkeapjen as de priis mar goed is. 

Nei alle gedachten begjint by elkenien wol wat te knagen by de útdrukking dat alles te keap is. Wat bart der dan? As wy ‒ op 'e nij in Ingelske útdrukking brûkende ‒ 'sell your mother', dus eat ferkeapje dat ús hiel dierber is, en dêr 't elkenien fan sjen kin dat it ferkeapjen derfan ûnetysk is, dan is der dus op in hiel djip nivo wat mis as alles yn 'e wrâld in hannelswaar wurden is. En dat is spitigernôch wol de situaasje dêr 't wy ús yn befine.

Jild

Ek de etymology fan it wurd ‘jild’ is nijsgjirrich. It is in ôflate fan it tiidwurd ‘jilde’, wat it meast foarkomt yn de foarm ‘ferjilde’ en oarspronklik ‘fergoedzje, betelje, kompensearje’ betsjut. Wy moatte dêrby ynearsten tinke oan in kontekst fan geweld tusken minsken en it ôfkeapjen fan wraak. Werjild wie de priis fan in minskelibben: de hoemannichte weardefolle saken dy 't ien betelje moast oan 'e neiste famylje fan immen dy 't er deamakke hie. Ast dat net diest, wie it each om each, tosk om tosk: dan naam de famylje wraak. Men betelle dus om jins eigen libben te behâlden en moast de famylje der faak fan oertsjûgje om it werjild te akseptearjen en fan it nimmen fan wraak ôf te sjen.

Ek it ferâldere wurd ‘ gilde ’ is besibbe. In gilde wie in midsiuwske beropsferiening (bygelyks it bakkersgilde, it kearsemakkersgilde ensfh.), mar dizze ferienings wiene begûn as offermienskippen, dêr 't de kristlike tsjerke net sa bliid mei wie: der siet in prekristlik kantsje yn. En dat komt noch ta utering yn it wurd gilde, dat ferwiist nei it mienskiplik beteljen foar it rituele miel dat se nuttigen. 

Wearde wurdt tsjintwurdich útdrukt yn jild, yn de betsjutting dy 't wy kenne: euro's, dollars of roebels. En dat liedt ek hiel faak ta gekke situaasjes. De measte minsken moatte wurkje foar har jild, wêrtroch 't harren libbensenerzjy, metten yn oeren, omwiksele wurdt foar jild. Wylst minsken dus wearde kreëarje troch harren tiid, wurkkrêft, tinkkrêft en kreativiteit om te setten yn dingen fan wearde, binne it net minsken dy 't it rjocht hawwe om jild te kreëarjen. Dat binne de banken. De banken kontrolearje dus op dizze wize de libbensenerzjy fan minsken.

En wat te tinken fan de mismatch dy 't soms field wurdt troch de wearde dy 't takend wurdt oan eat, útdrukt yn jild, en de wearde dy 't it foar de besitter of skepper hat? Nim it foarbyld fan in âld teepotsje dat meinaam wurdt nei it TV-programma ‘Tussen Kunst en Kitsch’, dêr ’t eksperts de keunstobjekten en antikiten fan besikers taksearje. Dat teepotsje blykt mar in pear tientsjes wurdich te wêzen. Mar foar de besitters is it in kostber oantinken oan harren ferstoarne mem. Foar harren is it fan ûnskatbere wearde. En dochs binne se teloarsteld as se de taksaasje fan de ekspert hearre. Krekt as moat er de wearde fan har mem útdrukke.

Koartsein, foar no kinne wy konkludearje dat der in hiel soad te filosofearjen falt oer wearde en jild. Dat liket miskien in eksersysje foar filosofen of wittenskippers, mar de tiid fan no en stiet fan de maatskippij iepen ús om tegearre dit ûnderwerp te ûndersykjen. Om ús herten en geasten los te weakjen en op in nije wize mei-inoar libje te kinnen, moatte wy mei ús allen oer wearde en jild en it plak dêrfan yn ús libben neitinke. Dit wie dêrta in lytse earste oanset en dy wurdt ferfolge.

Wat betsjut wearde foar dy? 

In nijsgjirrich ûnderwerp om út ferskate ynfalshoeken wei oer nei te tinken en mei-inoar te bepraten. 

Hâld ek de nijsbrief en de aginda yn 'e gaten foar mear artikels, de oankommende temagearkomste Wearde en nije wurkgroepen.

links

Vragen? Mail ons!