Temagearkomste Sûnens 15 januaris 2024

Temagearkomste Sûnens 15 januaris 2024

Dizze gearkomste stiet yn it teken fan Sûnens . Der is in prachtich ferskaat programma. Dus bist ynteressearre yn (holistyske) sûnens? Kom gesellich del!

It programma befettet ferskate ûnderdielen. Je kinne oan ien of mear ûnderdielen meidwaan. Op ‘e jûn binne der ek minsken fan it basisteam Sûnens beskikber om mei yn ’e kunde te kommen en foar al dyn fragen

Plenêr Program 16:30 - 22:30, Ljouwert 

18:30 - 19:00Mei elkoar ite (Ast mei-ite wolst, jou dit dan uterlik tongersdei 11 jannearis troch)
19:00 - 19:15Pressintaasje basisteam Sûnens, foarstellen minsken en bedriuwen, útlis wurkwize en útlis oer program fan 'e jûn
19:15 - 20:00Lêzing oer sûne libbensstyl
20:00 - 22:00

Bedriuwemerk
Kom yn 'e kunde mei de minsken efter de ferskate bedriuwen dy 't oansletten binne by de koöperaasje. Op dizze merk kinst mei harren yn petear en besjen wat se yn de koöperaasje ynlizze.

Ek de minsken fan Sûnens binne oanwêzich foar al dyn fragen. Fierder fynst hjir ûnder oare de wurkgroep Soarchportaal Frij Fryslân, de útwikselgroep Mannenkrêft en in opstelling fan in Multi Wave Oscillator.

21:30 - 22:30Muzyk yn de grutte seal, neipetearkje en dûnsje
_______________ 

Fjierdere programma-ûnderdielen

16:30 - 18:30

Reanimaasjeworkshop
Yn dizze workshop learst de earste en wichtige stappen rûn reanimaasje. Wat kinne je allegear tsjinkomme as it giet om hertstilstannen en hoe kinne je dêrnei hannelje en help ferliene? Yn dizze workshop learst hjir mear oer en giest daliks praktysk oan de slach, ek mei de AED. Dizze workshop wurdt fersoarge troch in profesjonele ynstrukteur BHV (bedriuwshelpferliening) en duorret likernôch twa oeren.

Tink derom: dizze workshop is allinnich foar aspirant-leden en leden fan de koöperaasje.
Oanmelding foar dizze reanimaasjeworkshop is needsaaklik yn ferbân mei in beheind tal plakken.

Meld dy hjir oan foar de workshop >

20:00 - 22:30Reanimaaasjeworkshop (twadde kear, sjoch foar ynformaasje hjir boppe)
20:00 - 20:30 Workshop: dyn eigen kearnwearden
Yn dizze koarte workshop krijst de gelegenheid om dyn eigen kearnwearden te ûntdekken (ast se noch net kenst). It wichtichste is dat dizze dyn libben rjochting jouwe. Hieltyd wer... sawol by ferfelende as by freugdefolle mominten. It is gjin doel op himsels, mar in oriïntaasjepunt dat dy rjochting jout. Dat wurket helpend by it berikken fan in doel of krekt wannear 't je net witte wat je folgjend doel wêze moatte soe. It helpt dy om mear dúdlikheid te krijen yn wêrom'tst dochst en hoe'tst konsekwinter libje kinst. Ek it kennen fan wearden fan oaren kin like wichtich wêze. Ast dyn eigen kearnwearden ûntdekst, soarget dat foar ferheging fan dyn fitaliteit en stelsto dy mear iepen foar datjinge dêr'tsto dy djip fan binnen mei ferbynst. Asto dyn kearnwearden negearst dan slút dyn hert him en dan ferliest dyn ferbining mei dyn eigen boarne fan libbenskrêft.
20:00 - 20:30 Utwikselgroep BewustGezondZijn
De útwikselgroep BewustsûnSyn presintearret him dizze jûn. Om 20:00 oere kinst meidwaan oan in yntinsjemeditaasje. Mei-inoar sykje wy nei in passende positive yntinsje, wêrnei 't wy ús yn stilte fokusje op dy yntinsje. Us yntinsjemeditaasjes binne basearre op it ûndersyk nei it yntinsje-effekt, troch wittenskipssjoernalist Lynne Mctaggart.
20:30 - 21:00 BrandonBays meditaasje
_______________ 

Oanmelde

Kinst dy oanmelde foar dizze ynrin troch in e-mail te stjoeren nei info@frij.frl. Wolst mei-ite? Jou dat dan oan yn dyn e-mail. It iten wurdt om 18.30 oere servearre. Wolst dy oanmelde foar de reanimaasjeworkshop? Folje dan ek dit formulier yn.

Relatearre artikels:

links

Vragen? Mail ons!