Undersyk holistysk soarchmodel

Undersyk holistysk soarchmodel

It kreëarjen fan in nije maatskippij en nije struktueren kin allinnich mei-inoar. Ut nije ûnderfiningen wei komme wy mei-inoar ta nije oplossingsrjochtingen. Wy sille mei-inoar eksperimintearje en gebrûk meitsje fan inoars talinten. Mei elkoar berikke wy folle mear as allinnich. Yn alles wat wy mei-inoar dogge is in suvere yntinsje fan krúsjaal belang.

Holistysk soarchmodel 

Yn dy nije maatskippij sjogge wy in holistysk soarchmodel ûntstean, wêryn 't wy de ferskowing meitsje nei eigen ferantwurdlikheid en fokus op sûne leefstylkarren. Stipe troch in team fan soarchprofessionals en fakeksperts. 

Yn 'e nije maatskippij kenne wy inoar, binne wy der foar inoar en helpe wy inoar.

Projekt en team 

Wy begjinne lyts op basis fan donaasjes fan oansletten soarchprofessionals yn de foarm fan konsulten, sesjes, ensfh. foar (aspirant-)leden. Nei it eksperimint, dat einiget op 1 juny 2024, sil der in folgjende faze oanbrekke wêrby 't der mear oanbean wurde sil fanút de soarchprofessionals. Underwilens ûntwikkelje, leare en groeie wy mei-inoar en sille wy mei-inoar en mei nije soarchprofessionals ferbine. 

It projektteam Sûnens Foar Elkenien begeliedt it eksperimint en bliuwt yn kontakt mei de sûnens soarchprofessionals. Binne der fragen of opmerkingen oer it eksperimint, stjoer dan in e-mail nei gezondheidssessies@frij.frl.


Dizze beweging kinne wy allinnich mar mei-inoar yn gong sette en útbouwe, want wy binne sels ûnderdiel fan de oplossing.