Utnûging ûndernimmers yn de sûnenssoarch

Utnûging ûndernimmers yn de sûnenssoarch

Wy nûgje soarchûndernimmers, soarchprofessionals en fakeksperts fan herten út foar de earste gearkomste oangeande alternative finansiering fan soarch. By de gearkomste fertelle wy mear oer de mooglikheid om dyn bedriuw oan te sluten by koöperaasje Frij Fryslân binnen it tema ‘Sûnens’.

De ôfrûne moannen hawwe wurkgroepen binnen de koöperaasje Frij Fryslân har bûgd oer de fyzje op sûnens, hoe 't wy fraach en oanbod fan soarch byinoar bringe kinne en hoe 't de finansjele kant dêrfan garandearre wurde kin. Wy binne no binnen it tema Sûnens úteinset mei it útnûgjen fan soarchbedriuwen foar it koöperatyf wurdearringssysteem.

Graach fertelle wy dy mear oer ús fyzje, plannen en hoe 't wy de ûnderlinge gearwurking sjogge. Sûnens is ús wichtichste besit en der is oer de hiele liny, previntyf likegoed as kuratyf, in soad wurk oan 'e winkel. Dit mei-inoar dwaan makket it safolle leuker en krêftiger!

Do bist fan herte wolkom op moandei 16 oktober yn Ljouwert. Mochtst net kommen kinne, dan is de folgjende mooglikheid op moandei 11 decimber op deselde lokaasje.

Programma: 

  • 18.45 – 19.15 oere: útlis oer it Frij Fryslân wurdearringssysteem.
  • 19.15 – 19.45 oere: fisy op sûnens, útlis oer de earste stap, takomstige stappen en hoe 't wy de ûnderlinge gearwurking sjogge.
  • 19.45 oere: mooglikheid ta neiprate en yn 'e kunde komme mei oanwêzigen.

Nei oanmelding fia info@frij.frl o.v.v. ‘ gearkomste soarchûndernimmers ’ stjoere wy dy in befêstiging mei mear ynformaasje en lokaasje.

Wy sjogge dernei út dy te moetsjen op 16 oktober of 11 decimber!