Temagearkomste Sûnens Deagewoan

Temagearkomste Sûnens Deagewoan

Dizze gearkomste stiet yn it teken fan Sûnens mei as subtema 'Deagewoan' (doodgewoon). Der is in prachtich ferskaat programma mei in merk fan by de koöperaasje oansletten soarchprofessionals, workshops en ferskate sesjes om it tema Deagewoan hinne. Bist ynteressearre yn (holistyske) sûnens? Kom gesellich del!

It programma befettet ferskate ûnderdielen. Do kinst oan ien of mear ûnderdielen meidwaan. Op 'e jûn binne der ek minsken fan it basisteam Sûnens beskikber foar kennismeitsjen en al dyn fragen.

Programma Grutte seal,  Ljouwert

18:15 - 19:00Mienskiplik ite (Ast mei-ite wolst, jou dit dan uterlik tongersdei 30 maaie troch)
18:50 - 19:00Iepening troch basisteam Sûnens, útlis oer it program fan de jûn, it tema Deagewoan en koarte presintaasje wurkgroep Sûnens Paadwizers
19:00 - 21:30Merk Sûnensprofessionals en ynformaasje
Kom yn 'e kunde mei de minsken efter de ferskate bedriuwen dy 't oansletten binne by de koöperaasje. Op dizze merk kinst mei harren yn petear en besjen wat se yn de koöperaasje ynlizze. De minsken fan it Sûnens basisteam binne der ek foar yn 'e kunde kommen en al dyn fragen. Fierder fynst hjir ûnder oare de wurkgroep Sûnens Paadwizers.
_______________ 

Program Lytse seal - Deagewoan

It program om it tema Deagewoan start om 20:00 oere hinne en einiget om 22:00 oere. By dielname oan dit tema is dat foar de hiele doer fan de jûn, dus fan 20 oere oant 22 oere.

19:00 - 19:40Nijs & Updates
De ûnderwilens bekende útwikselsesje dêr 't wy inoar byprate oer wat der sa al spilet en mei nije minsken yn 'e kunde komme.
19:50 - 20:00Ynrin foar sesjes om it tema Deagewoan hinne
20:00 - 20:30 Iepening Deagewoan
De jûn om dit tema hinne wurdt plenêr iepene. De leden fan de wurkgroep yntrodusearje it tema en fertelle mear oer de fjouwer sesjes dy jûn. Dielnimmers kinne twa sesjes kieze út it oanbod.
20:30 - 21:00 Sesje 1
21:00 - 21:15 Koart skoft
21:15 - 21:45 Sesje 2
21:45 - 22:00Mienskiplik ôfrûnjen fan de jûn oer dit tema
_______________ 

Program Besinningsromte

17:00 - 18:00Aiki training
Allinne foar leden
19:00 - 19:30Wurkgroep Yntinsjekrêft
Allinne foar leden
20:00Koarte workshop: kom yn 'e kunde mei Chi Kungs 
Sessy foar eltsenien dy't benijd is
20:30 - 21:00Koarte workshop: kom yn 'e kunde mei Aiki
Sessy foar eltsenien dy't benijd is
_______________ 

Oanmelde

Do kinst dy oanmelde foar dizze ynrin troch in e-mail te stjoeren nei info@frij.frl. Wolst mei-ite? Jou dit dan oan yn dyn e-mail. It iten is om 18:15 klear.

Relatearre artikels:

links

Vragen? Mail ons!