Foarmjaan oan it lidmaatskip

Foarmjaan oan it lidmaatskip

Op 2 july fûn in moetingsdei - ek earste Algemiene Ledegearkomste - fan Koöperaasje Frij Fryslân U.A. plak yn it doarpshûs Nij Franjum yn Marsum. As krekt oprjochte (flits)koöperaasje wie dit gjin tradisjonele ledegearkomste mei in behanneling fan finansjele stikken en in jierferslach. Ynstee dêrfan waarden de earste plannen foar ynfolling fan it lidmaatskip presintearre en koene minsken fan de ferskate wurkgroepen mekoar moetsje, ynformearje en ynspirearje.

Neffens de statuten is der op syn minst ien kear yn it jier in Algemiene Ledegearkomste, lykas by in soad koöperaasjes. Omdat Frij Fyslân in learende en groeiende organisaasje is dy 't sterk yn beweging is, wolle wy yn de kertiermakkersperioade fjouwer grutte gearkomsten yn it jier organisearje. It lear - en groeitrajekt dat wy mei-inoar trochmeitsje wurdt yn dizze twa jier beskreaun yn in lear - en groeidokumint. Nei twa jier kertiermakkersperioade is it de bedoeling dat de basisstruktuer fan de organisaasje dúdlik stiet.

Wurkgroepen

Sûnt ein 2021 wie der al in tal wurkgroepen start op ferskate tema’s. Nei de ynspiraasjedei yn Warkum op 30 april 2022 is dêr in grut tal groepen bykommen op ferskate tema’s, lykas sûnens, ûnderwiis (of: ' leare en groeie ' ), jild, wenjen en bewustwêzen. En der is in wurkgroep Leafde ûntstien, want is it net sa dat amor vincit omnia?

De moetingsdei op 2 july wie ûnder oare bedoeld as bestânsopname rjochting it Frijheidsfestival dat op 27 augustus plakfine sil. De groepen koene harren earste resultaten mei-inoar diele en kennis en ynsichten útwikselje. Elke groep hie in diske dat faak hiel oantreklik oanklaaid wie. De groep Vrije Energie bygelyks hie it begjin fan in motor opsteld. In yndrukwekkend gesicht.

Ek waarden yn in aparte romte de ferskate plannen bondele yn in allesomfiemjend plan foar de takomst fan Fryslân, dat wy mei in knypeach Us Aginda neame. Der wie in kaart fan Fryslân útspraat oer twa grutte tafels dêr 't elke groep syn plannen op yntekenje koe, skriuwe, plakke of foarmjaan troch middel fan 3 D-figueren lykas playmobilpopkes. Ek de yndividuele besikers koene harren ideeën en bydragen dêr kwyt. De kommende tiid bouwe wy fierder oan Us Aginda, ûnder oare op it Frijheidsfestival op 27 augustus. Uteinlik sil hjir in solide en alomfiemjend plan foar de nije mienskip út ûntstean.

Lidmaatskip 

Dizze dei wie ek bedoeld om mei-inoar te praten oer de ynfolling fan it lidmaatskip. De formule fan de flitskoöperaasje dêr 't wy foar keazen hawwe, hat yn de earste twa jier aspirant-leden. Dat betsjut dat der noch gjin folsleine meisizzenskip is, lykas yn in mear formele koöperaasje. Dizze sizzenskip groeit mei mei de fierdere profesjonalisearring fan de organisaasje. Wol is it sa dat it bestjoer him altyd ferantwurdzje moat tsjinoer de aspirant-leden en dat as der gjin draachflak is foar nommen beslissingen of koerts, it gjin doel hat om op sa 'n koerts troch te gean. 

Minsken dy 't aktyf bydragen leverje yn de organisaasje en yn  wurkgroepen fernimme dat it tapassen fan de kearnwearden (ynteger, autonoom, oplossingsgericht, ferbinend en holistysk) needsaaklik is om yn dizze beweechlike, organyske organisaasje konkrete saken te manifestearjen. Trochdat sy de kreators binne, fiele se har ferantwurdlik en krije se automatysk sizzenskip. Op dy wize floeie frijheid, ferantwurdlikheid, sizzenskip en nije foarmen fan demokrasy yninoar oer.

Op de moetingsdei yn Marsum hawwe wy de earste stap set rjochting de formalisearring fan it lidmaatskip. Der is in formulier opsteld dat minsken de gelegenheid biedt om aspirant-lid of stiper te wurden. In stiper mei sels bepale hoefolle oft er skinke wol. In aspirant-lid hat fierder de kar om tiid yn te setten (wy hantearje in minimum fan 3 oeren yn 'e wike) en / of in kontribúsje à 15 euro yn 'e moanne te beteljen.

It ynsetten fan tiid yn de koöperaasje fertsjintwurdiget net allinne in beskaat kapitaal, mar biedt boppedat de mooglikheid om de fyzje en de útgongspunten fan Frij Fryslân werklik te belichamen.

In oar wichtich ûnderdiel fan it formulier is dat it aspirant-lid eksplisyt ferklearret de kearnwearden fan Frij Fryslân te ûnderskriuwen. Boppedat ferklearret hy of sy noch in tal oare saken. Sa ûnderskriuwe we allegear dat we ús derfan bewust binne dat mienskiplik sukses mei ôfhinklik is fan ús eigen ynset, dat we goed yn ferbining en op 'e hichte bliuwe moatte en dat we saken dy 't harren foardogge fuortendaliks beprate mei de oanbelangjende persoan of persoanen. Fierder ûnderskriuwt in aspirant-lid om noed te stean foar de goede namme en eare fan de organisaasje as gehiel.

Op dizze wize bouwe wy mei-inoar oan in mienskip wêryn 't wy net allinnich opinoar fertrouwe en opinoar weromfalle kinne, mar dêr 't wy úteinlik in komplete mienskip yn kreëarje, dêr 't minsken goed en minskweardich mei libje kinne.

Hasto fragen of wolst yn 'e kunde komme mei minsken yn Frij Fryslân? Stjoer dan in e-mail nei info@frij.frl.