Wetter - lêzing troch Theo Claassen op 30 oktober

Wetter - lêzing troch Theo Claassen op 30 oktober

Wetter, in deistige stof. It is rûnom oanwêzich en we meitsje ús der gewoanwei net drok oer. De kraan is geduldich, dêr soarget Vitens wol foar. It oerflaktewetter is aardich fan kwaliteit en der is yn de sleatten, kanalen en marren hast altyd genôch wetter. Dêr soarget Wetterskip Fryslân foar. Mar dochs is der reden om ús wol drok te meitsjen oer wetter. Der is mei wetter nammentlik folle mear oan de hân.

Wat is wetter? It liket sa alledeisk en fan alle gemyske stoffen leare bern as earste ‘H2O’. In hiel lyts molekuul, dat al folle âlder is as ús sinnestelsel. It ûntstie al ien miljard jier nei de oerknal, sa ‘n 13,5 miljard jier lyn. De twa meast algemiene atomen, wetterstof en soerstof, feriene har en foarmen wetter. Bysûnder is dat twa gassen harren ferbine en dan in floeistof foarmje. Mei dizze floeistof is wat bysûnders oan ‘e hân. Wetter gedraacht him fysysk-gemysk hiel oars as oare molekulen dy’t op H2O lykje. Dat jildt bygelyks foar smelt - en siedpunt, tichtens, soartlike waarmte, fiskositeit en oerflaktespanning. Wetter kin sa likernôch 70 fan sokke anomalieën, dêr’t we oars hiel wiis mei wêze moatte: dêroer mear tidens myn lêzing. Wetter is it universele oplosmiddel.

Ierde, wetter en libben 

De ierde is rom bedield mei wetter. Likernôch 70% fan it ierdoerflak is dêrmei bedutsen. De ivichduorjende kringloop fan wetter is fan krúsjaal belang foar it waar en it klimaat en foar it libben sa 't dat hjir bart. Der hat in soarte fan ko-evolúsje west tusken wetter en libben. Dêrby is ek de posysje en grutte fan de Ierde yn it sinnestelsel tige bepalend. De mannichte wetter en de kwaliteit dêrfan op ierde binne troch de tiid hinne tige konstant.

Wetter en it minsklik lichem 

Ek it minsklik lichem bestiet foar 60 oant 70 gewichtsprosint út wetter.  In bytsje tekoart oan wetter en de poppen binne oan it dûnsjen. Tsien persint tekoart oerlibje wy net. Mar krekt sa wichtich is de rol fan wetter foar ús hiele metabolisme. Alle biogemyske prosessen yn ús lichem funksjonearje troch wetter. It foarmet him as in mantel om aaiwiten, fetten, ensimen, basen, ed., sadat hja dwaan kinne wat se dwaan moatte. Ek DNA soe as in pudding yninoar sakje as it net omjûn wurde soe troch in wettermantel.

Wetterbehear en wettersuvering 

Wetterskip Fryslân (diken lâns it fêstelân en Waadseekust) en it Ryk (dunen op de eilannen) soargje der beiden foar dat wy hjir feilich binne tsjin oerstreamings. De seediken en boezemkaden moatte regelmjittich fersterke wurde. Sânsuppleesjes lâns de strannen binne ek net ûngebrûklik. 

De wetterliedingbedriuwen moatte hieltyd ferfine suveringstechniken tapasse om oan de kwaliteitsnoarms foldwaan te kinnen. Fryslân profitearret fan goed grûnwetter foar de drinkwetterberêding, mar de fraach nei drinkwetter nimt stadichoan ta. Dat leit in druk op de beskikberens fan grûnwetter. Is it dan in oplossing om mar flessewetter te brûken? Nee, dat is net fan bettere kwaliteit en folle djoerder as kraanwetter. En de ôfrekkening foar de wetterkwaliteit fan it oerflaktewetter oan de hân fan de noarmen fan de EU-Kaderrichtlijn Water komt foar it wetterskip hieltyd tichterby, nammentlik yn 2027. Der wurdt no al praat oer in oansteande wetterkrisis. Hoe 't dit sit, lis ik út ûnder myn lêzing.

Fitalisearring fan wetter 

De kwaliteit fan it wetter is fan wêzentlik belang. Neist gemyske fersmoarging spilet hjir ek it enertyske aspekt. De trillingsfrekwinsje bepaalt yn kombinaasje mei de ynwindige struktuer fan wetter it wêzen fan wetter. Hjir komt de saneamde fitaliteit fan wetter om de hoeke sjen. Oan fitaliteit is dan wer it begryp ûnthâld, of better sein ynformaasje keppele. Wetter is in ynformaasjedrager. Nei alle gedachten itselde wetter kin op dit mêd wêzentlik ferskillend wêze. Mei fitalisearje is wetter relatyf maklik yn in oare hoedanichheid te bringen.

Wetter yn religys en tradysjes 

It fanâlds rûnom oanwêzige wetter en de bysûndere eigenskippen fan wetter makken dat wetter bepalend wie foar it ûntstean fan maatskippijen oan kusten, riviermûningen, rivieren of marren. Wetter wie en is fan libbensbelang. Yn âlde religys en wiisheidsstreamingen spilet wetter ek in grutte rol. Tink oan skeppingsferhalen, reinigingsrituelen en ynwijdingen. It wie der al ‘yn it oanbegjin’. As lêste kin neamd wurde dat de struktuer fan wetter in bysûndere getallesymbolyk hat. Dêrby komme de ûneinige getallen pi, phi en wortel 5 yn byld. Dat binne getallen dy 't kenmerkjend binne foar groei en libben en dy 't faaks gearhingje mei de neamde ko-evolúsje fan wetter en libben. Wetter herberget noch in soad mystearjes...

Rillevante literatuer

T. Claassen, 2014. Een duistere geschiedenis opgehelderd. Waterkwaliteit en waterkwaliteitsonderzoek in Friesland. Een historisch literatuuroverzicht. 355 p. Als PDF vrij beschikbaar via de hydrotheek in Wageningen:  349864 (wur.nl) .

T. Claassen, 2019. Het Wezen van Water. Verborgen dimensies ontsluierd. 480 p. Obelisk Boeken.

Theo Claassen nimt ús op 30 oktober mei yn it ferhaal fan wetter en giet mei ús yn petear oer de ferskate aspekten. Ek kinst Theo syn boek 'Het Wezen van Water‘ keapje. Gewoanwei kostet it 60 euro, mar op dizze jûn is it foar 55 euro te krijen. Sjoch yn ’e aginda foar mear ynformaasje en oanmelde.