Lânbou en iten yn Frij Fryslân

Lânbou en iten yn Frij Fryslân

De ynrin op twa oktober 2023 stie yn it ramt fan it tema Lânbou en Iten en luts in soad ynteressearren. Yn dit artikel dogge wy koart ferslach fan de gearkomste foar boeren oer alternative finansiering op dizze jûn. Fierder diele wy wat der om it tema hinne al ûndernaam is.

Frij fan it juk fan de bank 

Ien fan de earste wurkgroepen dy 't starte binnen Frij Fryslân begjin 2021 wie de wurkgroep Lânbou - Finansiering. In groep boeren ferkende hjiryn mei elkoar hokker rûtes der binne om net of minder ôfhinklik te wêzen fan finansiering troch in bank. Mooglike rûtes binne bygelyks crowdfunding en finansiere mei in pear ynvestearders. De wurkgroep liet him ûnder oare ynspirearje troch boer Lodewijk Pool fan de Hooilanden yn Bennekom en seach nei foarbylden lykas Herenboeren en Land van Ons. De mitsen en maren de rûte kamen oan bod en elke dielnimmer oan de wurkgroep hie syn / har eigen paad te bekuierjen mei syn / har bedriuw. Der waarden itentsjes organisearre dêr 't ynteressearre ynvestearders yn 'e kunde komme koene mei de bedriuwen. De groep kaam twawykliks byinoar om elk syn proses te bepraten.

De wurkgroep is yntusken beëinige. De Oanjeier fan de wurkgroep joech oan dat it tige weardefol west hat om inoar as groep fêst te hâlden en te fersterkjen om moedige stappen te setten. Yn de sesje op twa oktober dielde se oer har fuortgong en weardefolle ynsichten mei oare boeren.

Mei-inoar sterker 

By de sesje nûgen wy boeren út om yn 'e kunde te kommen mei Frij Fryslân en oare boeren te treffen om oer it tema alternative finansiering te dielen. Ek hjir die wer bliken hoe unyk as elts boerebedriuw is kwa fyzje, finansieringsstruktuer en hoe 't der romte en drive is foar ûndernimmerskip om dingen oer in oare boech te smiten. Dit alles is bepalend foar hokker rûte keazen wurdt en makket it ek ta maatwurk. Mei-inoar útwikselje oer mooglikheden en gelearde lessen waard troch dielnimmers as weardefol ûnderfûn.

In groep fan trettjin boeren en tsien minsken út brânsjrelatearre bedriuwen brocht in ferskaat oan ûnderfining en ideeën op tafel. Rente, spekulaasje op grûn en ynfloed fan gruttere machten efter it bankwêzen wurde neamd en field as in bedriging foar harren fuortgong en ûndernimmerskip en beklammet de relevânsje fan it keazen tema fan de jûn.

In dielnimmer stelt dat der absurd in soad jild is en brûkt de metafoar fan it timmerjen fan je eigen oanlissteger dêr 't alle dagen boatsjes del farre, om oan te jaan dat je in passende foarm kieze om jild en oare support, dy 't der yn oerfloed binne, foar je winske situaasje oan te lûken.

Ien fan de oanwêzige boeren keas derfoar om as earste stap in substansjele liening by harren bank dy 't ôfrûn oars finansiere te gean. Se wurken yn harren bedriuw oan de oprjochting fan in koöperaasje. Yn dat proses fan foarming kamen se yn harren neiste omjouwing yn kontakt mei minsken dy 't ree wiene om te ynvestearjen. De oprjochting fan in koöperaasje bliek in traach proses. Sa koste bygelyks it krijen fan in bankrekkennûmer in soad tiid. En in soad tiid hiene se net. Gelokkich kamen se noch foardat de koöperaasjestruktuer stie ta passende oerienkomsten mei inkelde finansiers. 

Se seit mei klam dat it benammen in persoanlik proses is. Mochtst as boer oerwage om dyn bedriuw oars te finansierjen, dan komst foar in oantal fragen te stean: wat is it dy wurdich, wat binne de mooglikheden, hoefolle haast hast, wolst tuskenpersoanen, wolst eigendom, wolst anonime finansiers, of just minsken dy 't ticht by dy steane.

“Wichtichste is dat je iten ferbouwe kinne op de wize dy 't je wolle en dat je finansiers fine dy achter je steane. Do moatst derom tinke datst net mei oare finansiers in nij juk boust.”

In oare boer kreëarre sels in platfoarm dêr 't er obligaasjes op útjout en boppedat oare boerebedriuwen en projekten in mooglikheid biedt om itselde te dwaan. Hy keas derfoar om it bedriuw yn stikjes te knippen en minsken út te nûgjen om der troch obligaasjes ûnderdiel fan te wurden. Dizze rûte bringt in soad ferbining mei de ynvestearders - lytse en gruttere. Dizze oanpak past net by elke boer. Hy beneamt dat it proses oant no ta al in soad tinkkapasiteit fan obligaasjehâlders byinoar brocht hat. Dat jout enerzjy en sa ûntstean nije ideeën foar projekten.

De oprjochting fan in kredytuny as mooglike dyk waard ek neamd. In kredytuny is in koöperative foarm dy 't kredytferliening troch leden foar leden mooglik makket. Kollektyf oplossingen wurde binnen Frij Fryslân ek al ferkend. Wy sjogge mooglikheden foar in spar - en ynvestearringskoöperaasje as ûnderdiel fan de Mienskip en wurkje dy no fierder út.

Ferbining en inoar fersterkje bliek weardefol. Wannear 't it ferlet der is, kin yn in folgjende sesje yngien wurde op in ferfolchûnderwerp.

Wearde yn Frij Fryslân 

Underwilens pionierje wy binnen Frij Fryslân fierder oan in lokale minskweardige ekonomy dy 't njonken it eurosysteem stiet. Minsken en bedriuwen yn de mienskip kreëarje mei-inoar wearde. Minsken besteegje oeren oan it meiwurkje oan projekten of oan fasilitêre aktiviteiten en bedriuwen lizze produkten en tsjinsten yn dy 't beskikber binne foar de minsken út de mienskip. Sa lizze boerebedriuwen stikjes lân yn foar grientetunen, farske produkten foar mielen en gebrûk fan harren lokaasjes. Ien fan de boeren hat bygelyks al by meardere gearkomsten de mielen oanfolle mei lekkere staverkes. En wykliks binne der by harren twa oant trije (aspirant)- leden dy 't trije oeren meiwurkje op de pleats. Wurksumheden binne ûnder oare broadsjes ynpakke, skjinmeitsje en besoargje fan moal en blom by bakkers.

Wy nûgje boeren út om ek oan te sluten by Frij Fryslân mei harren bedriuw en mei-inoar wearde te kreëarjen.