Temagearkomste Keunst en Kultuer

Temagearkomste Keunst en Kultuer

De earste wurkgroep binnen it tema 'Keunst en Kultuer' fan Frij Fryslân is in feit en is fêstbesletten om in bloeiende keunst - en kultuersektor te befoarderjen. Wy nûgje keunstners, kulturele organisaasjes en it bredere publyk út om diel te nimmen. Mei-inoar sette wy ús yn foar de groei en bloei fan byldzjende keunst, poadiumkeunsten en literatuer. It doel is diele te kinnen mei de wrâld wat it betsjut om (wer) ‘frij en Frysk’ te wêzen. De wurkgroep start it tema op troch in temajûn, wêrby 't elkenien - fan keunstbeoefener oant keunstgenieter - fan herte wolkom is.

Oftraap tema Keunst en Kultuer - 18 septimber 

Moandei 18 septimber fiere wy de ôftraap fan it tema Keunst en Kultuer binnen Frij Fryslân. It liket in brede en gesellige jûn te wurden. Oft je no oerwage om mei te kreëarjen yn dit tema, sels keunstner binne en je mooglik by de koöperaasje oanslute wolle of gewoan in moaie temajûn bywenje wolle … je binne yn alle gefallen fan herte wolkom!

De jûn is fol mei in breed oanbod oan keunstuteringen en koarte workshops. Guon workshops hawwe in maksimum oantal dielnimmers. Wy wurkje net mei ynskriuwingen.

Komst ek?

Stjoer dan in e-mail nei info@frij.frl. De jûn begjint om 18:00 oere. Om 18:30 oere wurdt iten servearre. Wolst mei-ite? Lit it dan by dyn oanmelding witte ( uterlik tongersdei 14 septimber! ). Entree is frij foar elkenien. Wy wurkje op basis fan donaasjes. Nei oanmelding krije je gegevens oer de lokaasje.

Lês ek de tematekst.

Programma 18 septimber 18:00 - 22:30

TiidUmskriuwing
Fan 18.00 oere ôf. Iten wurdt om 18:30 servearre (opjefte needsaaklik uterlik tongersdei 14 septimber)Seal iepen mei eksposysjes (ûnder oare portretskilderijen, skilderijen, fotografy en bylden ), iepen kafee, achtergrûnmuzyk, iepen poadium fan 21:30 oere ôf. Plenêre ôfsluting om 22:00 hinne, dêrnei bliuwt it iepen poadium noch efkes iepen.
  
18:00 - 18:45Workshop Stemekspresje
Stimbefrijing … safolle mear as sjongen en lûd meitsje. De stim is in unyk ynstrumint wêrmei 't je je uterje kinne, wêrmei 't je yn wurden / lûd dúdlik meitsje kinne wat der yn dysels spilet. Elk minske is unyk en hat in unyk lûd. Dyn stim hearre litte is ek sichtber wêze, dyn wierheid sprekke en romte ynnimme. Nienke nimt dy mei yn in koarte workshop dizze jûn.
19:00 - 19:30Plenaire iepening
19:30 - 20:30Workshop Clownerie
19:30 - 20:30Workshop Poëzy
“Poezy hoecht lang net altyd stoffich of swier te wêzen - oeral sit nammentlik wol in foarm fan poezy yn. It leit der mar krekt oan hoe 't je dernei sjogge. Flaters meitsje yn 'e poezy bestiet net!”
20:00 - 21:30Experience - Experiment 7a: Reset Pod
Maksime makket him soargen oer de tanimmende yntegraasje fan technology yn ús libben en it potinsjeel derfan om ús minsklikheid te bedriigjen. Se kreëarre yn in âlde jiske-amer " Experiment 7 A: Reset Pod " dêr 'tst in moeting yn foarset krijst dêr 't superyntelliginte AI ús organyske wrâld yn diktearret. 
20:30 - 21:30Lêzing
Pippi Langkous, Waling Dykstra en it ûntbrekken fan Science Fiction. Oer it belang fan in literatuer yn de eigen taal: yn orizjineel of yn oersetting. Troch Martsje de Jong

Martsje de Jong is kenner fan de Fryske literatuer en oersetster fan klassikers lykas Pippi Langkous en De Grutte Freonlike Reus yn it Frysk. Martsje hie in kultuerkolumn yn de Ljouwerter Krante wêr't de redaksje fan de LC sa no en dan wol muoite mei hie.
 
20:30 - 21:15Workshop Mantra's sjonge