Kom yn 'e kunde mei Michaéla Schippers

Kom yn 'e kunde mei Michaéla Schippers

Prof.Dr. Michaéla Schippers is heechlearaar gedrachs - en prestaasjemanagement oan de Rotterdam School of Management (Erasmus Universiteit Rotterdam). Se wurke in oantal jierren gear mei Jordan Peterson. Tegearre publisearren se in artikel oer hoe 't it stellen fan libbensdoelen de prestaasjekleau tusken manlju en froulju en etnyske minderheden tichtte. De twa praten ek yn in podcast oer de pandemy fan narsisme.

Michaéla’s passy is om oare minsken skitterje te litten en om de prestaasjes fan minsken te optimalisearjen om sa de wrâld in better plak te meitsjen. Se betocht de term 'life crafting' as in wize om prestaasjes en gelok te optimalisearjen. Se is ek de oprjochter fan ikigaitv.nl, in platfoarm foar positive psychology. Har libbenslange hobby en passy neist wittenskip is Taekwon-Do.

Michaéla is yn 2021 de “Great Citizens Movement” begûn, in grassroots beweging dy ’t neitinkt oer hoe ’t de ideale wrâld der idealiter út sjen kin en wat wy dwaan kinne om dizze ideale wrâld te realisearjen. De Great Citizens Movement ûndersiket hoe 't we derfoar soargje kinne dat it kritysk tinken yn de maatskippij nij libben ynblaasd wurdt fia de Great Citizens Declaration en ‘Brieven aan de toekomst’. Yn de ferklearring steane kearnwearden op grûn dêr 't wy fan gearlibje kinne. De trije kearnwearden binne frijheid, minsklikheid en wiisheid. Dy kinne oanknopingspunten biede om de delgeande trend yn de maatskippij te kearen.

Michaéla is ek mei-oprjochter fan de wittenskiplike podcast Follow the Science. Dizze podcast is rjochte op it beäntwurdzjen fan de iuwenâlde fragen wêrom en hoe ‘t de minskheid it better dwaan kin. De podcast bringt wittenskiplike befiningen dêr’t in hiel soad fan ferwachte wurde kin foar de minskheid ûnder de oandacht fan in breed en ynteressearre publyk.

Op 13 novimber 2023 jout Michaéla op persoanlike titel yn 'e mande mei Tjeerd Andringa in ynteraktive lêzing. Lês hjir mear >