In nije universiteit (yn Fryslân)? Unrealistyske dream of doel om nei te stribjen?

In nije universiteit (yn Fryslân)? Unrealistyske dream of doel om nei te stribjen?

Ynteraktive lêzing troch prof.dr. Michaéla Schippers en Dr. Tjeerd Andringa

Fryslân hat in rike histoarje, ek as it giet om universitêr ûnderwiis. Spitigernôch waard de yn 1585 oprjochte universiteit fan Frjentsjer yn 1811 opheft troch Napoleon. Sûnt dy tiid hat Fryslân gjin eigen universiteit mear (we rekkenje de Campus Fryslân net ta: dy falt ûnder de Ryksuniversiteit Grins).

De wittenskiplike frijheid stiet al in skoft ûnder druk. Yn gearwurking mei in tal wittenskippers wurdt no neitocht oer de oprjochting fan in echt 'frije' universiteit, net allinne yn Nederlân, mar ek ynternasjonaal. Yn in wrâld dêr 't de problemen har lykje op te steapeljen, is it tiid foar moaie inisjativen lykas dizze.

Hoe moai soe it wêze om ek yn Fryslân wer in universiteit te hawwen? Ien dêr 't studinten sels neitinke leare en dêr 't se har net oan hoege te passen oan de tinkbylden fan de dosinten, de oerheid of oaren. 

En hoe kin sa 'n universiteit der dan útsjen? Hokker wearden passe der by sa 'n ynstitút? Michaéla Schippers - oprjochter fan ûnder oare it Great Citizens Institute  - hat dit ynstitút as wearden meijûn: frijheid, minsklikens, wiisheid en ko-kreaasje. Dizze lykje moai oan te sluten by de wearden fan Frij Fryslân. Michaéla is in sterke foarstanner fan fernijend universitêr ûnderwiis.

Tjeerd Andringa hat earder dit jier de School of Understanding oprjochte, dêr 't studinten bybrocht wurdt hoe 't se selsstannich tinke kinne. It doel fan in nije universiteit soe neffens Tjeerd nammentlik wêze moatte om ûnôfhinklike tinkers op te lieden: jonge minsken mei brede tige goed ûnderboude mieningen dy 't it net altyd mei de dosinten iens binne. En wêr 't je miskien wat fan leare kinne.

In ûnôfhinklik ynstitút 

Yn dizze ynteraktive lêzing fertelt Michaéla Schippers op persoanlike titel oer it belang fan wittenskiplike frijheid, echt ûnôfhinklike (wittenskiplike) ynstituten en oer it belang fan dreamen en skriuwen oer de ideale takomst: “letters to the future”.

Yn de workshop wurde dielnimmers útdage oan de hân fan konkrete fragen nei te tinken oer hoe ’t sa ’n ‘ideale universiteit’ derút sjen soe en tinke dielnimmers nei wat se eventueel sels bydrage kinne soene oan de realisaasje derfan. Mei help fan de “Schippers' takomst trijelûk” sille wy neitinke oer in konkrete earste stap. Minsken dy 't leaver neitinke oer oare ûnderwiisfoarmen (leger / heger ûnderwiis) of sels oer de ideale wrâld, kinne dat ek dwaan. Dielnimmers wurde útnûge har eigen Brief oan de Takomst te skriuwen. Under de lêzing sil in koarte oefening dien wurde om dit te stimulearjen (Tip: Nim pinne en papier mei ).

Wol of net akkreditearje?

Tsjeard giet yn op de fraach oft men wol of net akkreditearje moat. Akkreditearje hâldt yn dat je je oantoanber oan de EU-regels foar (heger) ûnderwiis hâlde. Dat hâldt yn dat je mei learútkomsten wurkje: yn it foar fêststelde unifoarme easken dêr 't learlingen en studinten oan foldwaan moatte: dus hoepels dêr 't se trochhinne springe moatte. Fansels moatte studinten oantoane dat se wat behearskje, mar se moatte ek selsstannich leare te tinken en sels karren leare te meitsjen oer wat se wol en net dwaan wolle: harren eigen doelen leare te stellen en dy te realisearjen leare? Presys dit punt hat ta syn cancelling laat oan de Ryksuniversiteit Grins.