Frijheid

Frijheid

Alle minsken binne berne om frij te wêzen en frijheid is ús bertejocht. Sa stiet it yn de earste artikels fan de Universele Ferklearring van de Rjochten van de Minsk, opsteld yn 1948. Mar wat betsjut frijheid krekt?

In goed begjinpunt is it ûnderskied dat makke wurdt tusken positive en negative frijheid. Negative frijheid is koart te omskriuwen as ‘ frijheid fan eat of immen ’, dus frijheid fan bemuoienis of ynfloed fan bûtenôf. Positive frijheid is it by steat wêzen om jins eigen mooglikheden en frije wil ta útdrukking komme te litten en frij te wêzen fan ynterne beheiningen. Beide foarmen fan frijheid binne nedich yn eltse frije en beskaafde maatskippij.

Frijheid en ferantwurdlikheid

Mei frijheid komt eins al fuortendaliks ferantwurdlikheid om 'e hoeke sjen. Foaral de definysje fan positive frijheid ymplisearret dat ast by steat bist om dyn eigen frije wil en mooglikheden ta útdrukking komme te litten, dat mei ferantwurdlikheid mank giet. Mei oare wurden, om ferantwurdlikheid foar dyn eigen libben te nimmen.

Dêrneist is in minske yn it djipste in sosjaal wêzen. Wy binne boud om mei oare minsken gear te libjen. Frijheid kin dus nea ta in soarte fan hyperyndividualisme liede dêr 't immen yn docht wat him goed liket, likefolle de konsekwinsjes foar oaren. De saneamde  ‘Gouden Libbensregel’ of ‘Golden Rule’ komt yn alle kultueren fan ’e wrâld foar en is: behannelje oaren sa ast troch harren behannele wurde wolst.

De ferantwurdlikheid dy 't mei frijheid mank giet hat dus twa aspekten: oangeande dysels, troch de ferantwurdlikheid foar it lieden fan it eigen libben yn frijheid te nimmen, en oangeande dyn meiminske, troch dy ferantwurdlik te hâlden en oare minsken gjin skea te jaan.

In bytsje skiednis

It is goed om ek even nei de skiednis fan frijheid te sjen, sawol nei de etymology fan it wurd as nei de skiednis fan it begryp en hoe frij of ûnfrij minsken yn it ferline wiene.

Etymologysk hingje de wurden ‘frij’, ‘frije’, ‘freon ’ en  ‘frede’ mei-inoar gear. It grûnwurd is  ‘frij’, wêrfan ’t de oare wurden ôfliedingen binne. It wurd ‘frij’ betsjut oarspronklik safolle as ‘eigen, leave’, en waard brûkt om famylje en frije stamgenoaten oan te tsjutten. Dizze minsken wiene dus frij. ‘Frije’ betsjutte oarspronklik ‘inoar leafhawwe ’, en dat koe ek jins famyljelid wêze. Yn guon âldere Germaanske talen betsjut ‘freon’ eksplisyt ‘besibbe, famyljelid’. It wurd ‘frede’ by eintsjebeslút betsjutte oarspronklik ‘fredelichheid, rêst, freugde, wolwêzen’.

As wy sjogge as earste nei de skiednis fan frijheid as fenomeen, dan sjogge wy dat benammen yn primitive maatskippijen de measte minsken frij wiene. Wat yngewikkelder de gearlibbingsfoarm, wat flugger oft der ûnfrijheid ûntstie, itsij troch oarlochsfiering en geweld, as finzenen ta slaaf makke waarden, itsij troch skuldslavernij, as immen sadanich yn 'e skulden rekke wie dat er gjin oare kar hie as himsels en / of syn famylje te ferkeapjen. It earste optekene wurd foar frijheid, nammentlik yn 'e Sumeryske teksten, is amargi en betsjut letterlik ‘weromgean nei de mem’: dat is ommers wat in skuldslaaf mocht as er frijlitten wie.

Yn earder tiden, bygelyks yn de Europeeske midsiuwen, wiene stannen boppedat erflik: immen dy 't as bern fan in slaaf berne wie, wie sels ek slaaf. Itselde gou foar de stân fan hearrigen of liifeigenen, dy 't op it bûten fan in hear wurkje en wenje moasten.

De âlde siswize ‘Stadslucht maakt vrij ’ wie in skoft tige aktueel. As it ien nammentlik slagge om nei in stêd te flechtsjen en dêr in jier en ien dei te ferbliuwen, wie er neffens it gewoanterjocht frij.

Fryske Frijheid en Frije Friezen 

De Friezen namen yn de midsiuwen yn dat opsicht in útsûnderingsposysje yn. Hja hiene nammentlik yn steat west om it gesach fan de Karolingyske keningen en letter fan harren opfolgers, de keizers fan it Hillige Roomske Ryk, op ôfstân te hâlden. Yn de praktyk wiene se frij. Se hiene gjin lânshear - in greve - boppe har dy 't har rjochtstreeks bestjoerde. Se bestjoerden harsels troch middel fan in jierliks rûlearjend amt fan skout, letter grytman hjitten, bystien troch in kolleezje fan helprechters.   

It Fryske gebiet rûn oarspronklik fan it Zwin tusken Flaanderen en Seelân oant de Weser yn Dútslân. Yn de bloeitiid lykwols fan de saneamde Fryske Frijheid (Fryske autonomy) bestriek it de hjoeddeistige provinsjes Fryslân en Grinslân en Ostfriesland yn Dútslân. Dy gebieten bestiene út in oanienskeakeling fan lytsere autonome gebieten, dy 't soms ûnderling oerleine. Foar de hjoeddeistige provinsje Fryslân wiene dat de ûnderdielen Oostergo en Westergo, dy 't harren letter opsplitsten yn lytsere distrikten.

Yn al dizze gebieten waard it rjocht en it bestjoer regele op saneamde tinggearkomsten. It Germaanske wurd thing betsjut in gearkomste fan de frije mannen fan in gebiet op in fêste tiid. Yn guon Skandinavyske lannen is it wurd net ferâldere, mar wurdt it no brûkt om it parlemint oan te tsjutten, lykas it Deenske Folketing, dat dus letterlik ‘folksting(fergadering)’ betsjut.

De frije mannen (boeren mei eigen lân) en de ealju waarden tegearre Frije Friezen neamd. Hja hiene de plicht om op de tinggearkomste te ferskinen en it rjocht om dêr in saak yn te bringen. Der wie net of amper in sintrale oerheid dy 't aktyf efter misdieden oangie, dus hokker saken behannele waarden foar it gerjocht wie ôfhinklik fan wat der ynbrocht waard troch de Frije Friezen.

De Fryske Frijheid brocht de Friezen neist autonomy in soad wolfeart: de grûn wie fruchtber, der waard hannele oer de Noardsee en de Friezen hoegden har wolfeart net ôf te rimmen om de skatkiste fan in lânshear te foljen. Noch oant yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie Fryslân tige wolfarrend: yn dy lêste perioade it rykste gewest nei Hollân. Dat feroare mei de ienwurding fan Nederlân en de foarming fan it keninkryk: yn dy tiid waard Fryslân in marzjinaal gewest.

Frijheid anno 2021

Mei dizze eftergrûnkennis kinne wy sjen nei wat frijheid tsjintwurdich is en betsjut. De measte lannen hawwe de Universele Ferklearring fan ’e Rjochten fan ’e Minske ûndertekene, wat betsjut dat elkenien yn begjinsel frij berne wurdt en yn frijheid libje meie soe. Mar hoe frij binne wy werklik? 

Litte we begjinne mei positive frijheid. Binne wy by steat om ús eigen mooglikheden en frije wil ta útdrukking komme te litten en frij te wêzen fan ynterne beheiningen? Binne wy werklik al frij yn ús tinzen en ekspresje? 

Negative frijheid liket in betingst foar positive frijheid.  Pas as wy yn ús deistich libben gjin eksterne twang ûnderfine, kinne wy ús positive of inerlike frijheid ûntploaie. In oare, minder noflike wei is troch in krisis: as ús frijheid sadanich ûnder druk komt te stean dat wy beseffe dat wy gjin oare kar hawwe as de frijheid te pakken. Dit binne fûnemintele fragen, dy 't aktueler binne as ea.