Keunst en Kultuer

Keunst en Kultuer

Kultuer is wat der yn in mienskip oan fysike uteringen en gedachtegoed is. Keunst daget dit út, sadat fernijing plakfine kin en lit it gedachtegoed sjen, sadat der reflktearre wurde kin. Keunst kin ús útdaagje om de gewoanten, tendinzen en eigenskippen fan ús eigen kultuer en wize fan libjen ûnder de loep te nimmen en ûndersykjend te besjen. It rikt ús ferskate perspektiven en faaks sels oplossingen oan.

Keunst en kultuer yn Fryslân 

Troch de iuwen hinne hat Fryslân in rike kultuer kend. Yn withoefolle ferhalen en sêgen waard ferteld oer wêr 't we weikomme, wêr 't we hinne bewege en de lessen dy 't derút lutsen wurde kinne. Fan de legindaryske keningen Finn en Redbad oant it Froutsje fan Starum; se tsjûgje allegearre fan de rike kulturele skatten dy 't Fryslân ryk is. Dy fertelkultuer binne we noch net iens “hiel lang lyn” ferlern … 

It jier 2018 markearre in wichtich momint. Doe waard Ljouwert nammentlik útroppen ta Kulturele Haadstêd fan Europa. It sette de skynwerpers ien jier lang op Fryslân en betsjutte, mei troch de jierrenlange tarieding en de miljoenen dy 't der yn stutsen waarden, in fikse stimulâns foar it kulturele libben. Dat wie heechnedich, want yn de desennia dêrfoar wie der foars besunige op keunst en kultuer.

Fyzje 

Keunst en kultuer binne uteringen fan de ûneinige minsklike kreativiteit. In ryk kultureel libben stipet de maatskippij. It ferbynt, set oan ta bewustwêzen en it ferkent de grinzen fan it foarstelbere. Kulturele uteringen meitsje it deistich libben yn al syn fasetten leuker, better te begripen of better te fertarren. Kultuer treast, wekt op, befrjemdt, of kalmearret. De keunsten stypje ek de identiteit fan in mienskip, of stelle dy ta diskusje. Kultuer is dus as de libbensadem fan in maatskippij: ûnmisber, mar krekt dêrtroch soms ek ûnsichtber, ûnderwurdearre en foar leaf nommen.

Missy 

Yn it tema Keunst en Kultuer stypje wy de fisy fan Frij Fryslân op yndividueel en op kollektyf nivo. Dêrom wolle wy dat sawol it kreëarjen as it konsumearjen derfan foar elkenien tagonklik is. Wy fine dêrom ek dat keunstûnderwiis foar elkenien like tagonklik wêze moat.

Keunst en kultuer yn Frij Fryslân 

Besef fan it belang fan keunst en kultuer is essinsjeel, sawol foar keunstners, foar minsken dy 't hobbymjittich mei keunst en kultuer dwaande binne - as foar de maatskippij as gehiel. Keunst en kultuer bewarje net allinnich de bysûnder ûntwikkele uteringsfoarmen fan in kultuer, se daagje leafst ek minsken út ta it sjen fan meardere en nije perspektiven.

Dochst ek mei?

De earste wurkgroep binnen it tema 'Keunst en Kultuer' fan Frij Fryslân is in feit en is fêst fan doel om in bloeiende keunst - en kultuersektor te befoarderjen. Wy nûgje keunstners, kulturele organisaasjes en it bredere publyk út om diel te nimmen. Mei-inoar sette wy ús yn foar de groei en bloei fan byldzjende keunst, poadiumkeunsten en literatuer. It doel is diele te kinnen mei de wrâld wat it betsjut om (wer) ‘ frij en Frysk ’ te wêzen. Stap binnen yn in wrâld fan ferbylding, dêr ‘t keunstfoarmen gearkomme, talinten groeie en wêr’t gearwurkjen ta bloei komt. Untdek de keunstsinnige siel fan Fryslân, fieden troch tradysje en ferrike troch fernijing.

Ferlykbere links

Vragen? Mail ons!