Wa't de dea sjocht, sjocht it libben

Wa't de dea sjocht, sjocht it libben

Neat is sa wis as de dea. Hja is krekt as de berte in ynwinlik ûnderdiel fan ús libben en libbenspaad. Wy komme har allegearre tsjin yn 'e foarm fan ferlies fan dierberen en úteinlik fan ús eigen lichem. Yn ús yndividualistyske Westerske maatskippij is it in ûnderwerp dêr 't sa min mooglik oer praat wurdt ‒ echt praat, de djipte yn.

Ungemaklikens

Fia reklames krije wy te hearren hoe 't wy sa lang mooglik libje kinne en jong bliuwe kinne. As it him oantsjinnet, dan blykt de konfrontaasje mei ús fergonklikens en it omgean mei rou en fertriet, fan dysels of fan de meiminske, lestiger as tocht. Ek wat regelje of mei neisten beprate blykt yngewikkeld te wêzen. Leaver geane we oer ta de oarder fan de dei, wylst just derby stilstean hiel weardefol wêze kin. 

Nettsjinsteande dat mieningen en fyzjes oer it hjirneimels ferskille by alle minsken, slomje der krekt in soad ferskillende fragen oer de dea en alles dêromhinne. Wat is der nei de dea? Bist bang foar de dea? Wat is de reden? Wat bart der asto (of in dierbere) terminaal siik wurdst? Stiest wolris stil by hoe'tst stjerre wolle soest en de tiid dêrnei? Hast dit bepraat mei dyn dierberen? Hast dingen regele of litst dat oan de achterbliuwers oer en sa ja, wat is dyn efterlizzende reden hjirfan?

De dea wer deagewoan 

Wy wolle dat gefoelige ûnderwerp wer yntrodusearje yn it deistich libben en it deagewoan meitsje troch it ‒ krekt as yn in soad oare kultueren ‒ mei-inoar te hawwen oer fergonklikens en ússels tariede op ús eigen dea. Op dizze wize krije wy in breed sicht op wat foar ús wichtich is yn it libben. We wolle in tige gefoelich ûnderwerp lichter meitsje, allinnich al troch der iepener yn te wurden, krekt as dit miskien noch net oan 'e oarder is. Troch de besprekberens fiele wy ek mear ferbûnens, wat in wichtige pylder is yn in mienskip.  

Elk minske en elk libben is unyk en dêrmei ek elke dea. Graach wolle wy op dizze jûn mei jimme yn petear hjiroer. Wat libbet der yn dy oer dit ûnderwerp? Op in boartlike wize wolle wy wat items oandrage en hoopje sa yn kaart te bringen wêr 't binnen Frij Fryslân op dit stuit ferlet fan is. 

Wy hawwe in moai yntro, in spul en workshops yn petto, dy 't yn in feilige setting yn groepkes begelaat wurde sille. De ûnderwerpen binne: eangst foar de dea, palliative soarch en stjerren, libje nei de dea, regelsaken foar en nei ferstjerren, rou en: hoe sjochsto de dea? Plenêr wolle wy de jûn gearfetsje sadat wy mei de ynput derfan fierder bouwe kinne oan de fundearring fan dizze spesifike tak fan soarch, dy ’t ûnderdiel is fan de mienskip Sûnens.

links

Vragen? Mail ons!