Werom nei Fridom - midwike foar jongfolwoeksenen

Werom nei Fridom - midwike foar jongfolwoeksenen

Dizze simmer wurdt de earste simmermidwike organisearre foar jongfolwoeksenen fan 18-35 jier. It tema is 'Werom nei Fridom". Wer werom nei dyn eigen gefoel fan frijheid. Yn ferbinning komme mei dysels en oaren.

Wat bart der yn dyn libben en binne der dingen dy'tst oars wolle soest? 

Libbest dyn dreamen of bist de lêste jierren it paad wat bjuster wurden? 

Hast graach nije kontakten en in goed petear by it kampfjoer?

It program

It program bestiet út in mjuks fan lekker bûten oan'e gong wêze en de boer helpe mei de tún en de bisten. Der is in karút fan workshops, fan wyldplukken oant bewustwêzensaktiviteiten dy't dy helpe om mear ynsicht yn dyn eigen libben te krijen.

Der is in planboerd oanwêzich dêr'tst sels ynfolje kinst watst graach dwaan wolst. 

  • Moarns: in noflik begjin fan de dei mei lichemsaktiviteiten om yn balâns te kommen
  • Deidielen wêryn atst kieze kinst út:
    • Meihelpe op 'e pleats (û.o. putsjes en bisten fersoargje)
    • Workshop: de blik fan binnen: wat libbet der op it stuit yn dy?
    • Tún fersoargje en grienten rispje
    • Aktiviteiten yn it natoergebiet
    • Sportaktiviteiten: fierljeppe, volleybal, etc.
  • Jûns is der in kampfjoer en gesellichheid!

Wêr en wanneer

Data: tiisdei 8 o/m freed 11 augustus 
Lokaasje: we ferbliuwe op in soarchpleats yn Noard-Fryslân. Do dielst in keamer mei trije oaren. 
Kosten: foar aspirantleden fan Frij Fryslân €100,- en foar net-aspirantleden € 125,-. Mocht dit net slagje, nim dan kontakt mei ús op. Dit bedrach is ynklusyf oernachtsjen, iten en drinken. We ite hearlik sûn en hâlde rekken mei alle allergieën en diëten. 
Fragen: mail nei gezondheid@frij.frl
Oanmelding: fia it formulier hjirûnder. Hjir kinst saken oanjaan dy't wichtich binne foar dy. 

Hast it gefoel datst te faak op dyn tillefoan sjochst? Dan hawwe wy goed nijs. Wy geane dizze dagen efkes hearlik offline (der is wol berik foar as dat nedich is).

Nei in pear dagen giest wer nei hûs, lekker opladen en mei moaie ynsichten. Do fielst de frijheid wer om dyn libben foarm te jaan. 

In midwike om noait te ferjitten! 

Hasto sin om dyn eigen frijheid wer echt te fielen, te libjen mei it ritme fan de natoer en te ûntdekken hoe'tsto yn it libben stean wolst?

Jou dy dan gau op foar dizze midwike fan 4 dagen troch ûndersteand formulier!

links

Vragen? Mail ons!