Frysk Enerzjybedriuw fol enerzjy!

Frysk Enerzjybedriuw fol enerzjy!

It Frysk Enerzjybedriuw (FEB) is in inisjatyf fan leden fan Frij Fryslân. Yn jannewaris 2022 sette de earste twa wurkgroepen binnen Frij Fryslân útein: ien op it mêd fan lânbou en ien op it mêd fan enerzjy. Ut dy lêste wurkgroep, dêr 't yn 'e rin fan 'e tiid in tal besiele en kundige leden by kamen, ûntwikkele him it FEB.

Op 11 july 2023 ha de minsken fan it FEB by de notaris west. Dêrmei is de oprjochting fan ús enerzjybedriuw in feit. Yn de simmerfakânsje is hurd trochwurke om aanst ek echt enerzjy leverje te kinnen oan de mienskip (klanten) en tagelyk ek enerzjy ôfnimme te kinnen by leveransiers út de eigen mienskip.

It stribjen is om de wurksumheden dy 't dit mooglik meitsje safolle mooglik binnen de koöperaasje út te fieren. It doel is om sa gau mooglik selsfoarsjennend te wurden. Earst as relatyf lytse community, dêrnei grutter troch opskaling. Ien fan de doelen is om enerzjy tsjin in earlike priis te leverjen en ôf te nimmen fan dielnimmers binnen de koöperaasje.

Op lange termyn wolle we mear kontrôle oer de lokale enerzjyboarnen sadat eventuele opbringsten weromfloeie nei de lokale mienskip yn stee fan anonime oandielhâlders dy 't harren somtiden sels yn it bûtenlân befine. Dat betsjut konkreet it winnen fan assets (produksjemiddels) om binnen de koöperaasje sels opwekke te kinnen.

Koöperaasje: sizzenskip 

Krekt as Frij Fryslân is it FEB in koöperaasje. Dit betsjut dat minsken en bedriuwen / organisaasjes lid wurde kinne, oer in soad saken meibeslisse en eventueel meiwurkje kinne. It FEB is in dynamyske organisaasje. Wy binne – wer krekt as Frij Fryslân – start as in flitskoöperaasje, sadat wy al learend groeie kinne nei it bêste beslútfoarmingsmodel. It doel is om sels maksimaal sizzenskip te hawwen oer de wize fan enerzjyopwekking en levering. 

Dat betsjut konkreet dat it FEB sels kiest fan hokker enerzjyboarne ynkocht wurdt. En ek dat der tawurke wurdt nei eigen ' assets ': eigen produksjemiddels fan enerzjy yn Fryslân. Tink dêrby ek mei klam oan foarmen fan frije enerzjy, lykas de Kinetic Power plant. Mar ek akwatermy, geotermy, blue energy of biogas komme yn oanmerking.

Lid wurde 

Tal fan (aspirant-)leden en sympatisanten fan Frij Fryslân hawwe al oanjûn leaver hjoed as moarn lid te wurden. Se wolle ûnderdiel wêze fan in mienskip dy 't op in earlike wize mei enerzjy omgiet, sûnder dat minsken dêrfoar de haadpriis betelje hoege. It is ús yntinsje om noch dit jier echt útein te setten mei de levering en ôfname fan enerzjy.

Dat dogge wy fia twa parallelle spoaren: 

  1. Fia ‘ werferkeap ’ – fia in oare partij (koöperaasje) enerzjy ynkeapje en dat wer trochleverje oan de konsuminten (tagelyk leden) fan it Frysk Enerzjy Bedriuw.
  2. As enerzjykoöperaasje sels enerzjy ynkeapje by eigen leden en dit ek wer ferkeapje oan oare leden binnen de koöperaasje, fia in lokale merkplak. De folgjende stap is - sadree 't der ûnderfining opdien is - om op te skalen.

Fia de ferskate kanalen fan Frij Fryslân, lykas de nijsbrieven en de Telegramgroep Nijs & Updates wurde jim ynformearre sadree 't nije leden / klanten harren oanslute kinne.