Tiid is neat wurdich (Neitinke oer wearde 3)

Tiid is neat wurdich (Neitinke oer wearde 3)

Yn dit tredde part fan de searje ‘Neitinke oer wearde’ geane wy yn op de relaasje tusken tiid en wearde, of tiid en jild. De útdrukking “tiid is jild” is sa ynboargere, dat wy net trochhawwe hoe ’t wy ússels tekoart dogge as wy tiid yn jild útdrukke.

De útdrukking “ tiid is jild ” is yn de 18e iuw ûntstien en betsjutte doe: besykje jo wurk sa gau as mooglik ôf te krijen, want dan fertsjinje jo mear jild. Mear yn it algemien wurdt tsjintwurdich tiid útdrukt yn jild. Krekt as we tiid lineêr ôfmjitte, binne we wend dat we per oere in bepaalde hoemannichte jild krije foar wurk dat we leverje. Oer de negative effekten fan dy lykskeakeling giet dit artikel.

Yn it foarste plak makket it oerlean ús by útstek ta 'leanslaaf'. Wa 't net finansjeel frij is, moat wurkje foar syn jild en moat syn libbensenerzjy, útdrukt yn ienheden fan tiid, omsette yn jild ‒ lean. De effekten binne hast allegear negatyf. It docht ús kreativiteit dea. As de oeren telle sille, dan sille minsken dy 't in fêst lean hawwe (lykas amtners) har oeren folje. Se krije ommers yn de oere betelle en yn de kategory ' bullshit job ' makket it eins net mear út wat je dogge: je folje je je tiid. Oarsom hawwe ZZP-ers dy 't mei in oertaryf wurkje faak de oanstriid om foar in projekt dat se oannimme minder oeren te offrearjen as se eins meitsje moatte om de put te klearjen út eangst harsels út 'e merk te priizgjen.

In oar effekt fan wurkjen foar in oerelean is dat dejinge dy 't it wurk leveret neat krijt fan 'e mearwearde dy 't generearre wurdt. Stel dat in kompjûterprogrammeur wat slims yninoar knutselet wêrtroch 't it bedriuw dêr ’t hy / sy foar wurket in enoarme effisjinsje meitsje kin. De winst dêrfan giet nei it bedriuw, en komt net terjochte by de programmeur.

Sûnt wannear is tiid jild?

Wannear binne wy as minsken begûn mei tiid yn jild om te setten? Wannear is it oerelean ûntstien? It ferskynsel arbeidslean bestiet al hiel lang: minsken leverje in bepaalde ynspanning en krije dêr jild foar yn ruil. Dat is ek de etymology fan it wurd lean: it betsjut oarspronklik ‘fergoeding’. Fan de achttjinde iuw ôf, doe 't de Industriële Revolúsje plakfûn en it wrâldbyld mear en mear meganisearre rekke, waard tiid in lineêr konsept, yn stee fan it syklyske dat it dêrfoar wie (mei seizoenen dy 't komme en giene). Tiid waard hjirtroch like kwantifisearber as jild, en tiid en jild waarden yn elkoar útdrukt. Tiid koe bestege wurde, sparre en fertsjinne.

Tiid is ûnskatber 

Op de keper beskôge giet der fan alles mis as we tiid yn jild útdrukke. Yn it foarste plak is tiid binnen in minskelibben in folle beheindere helpboarne as jild. Ek al kinne wy ús libbensjierren rekke troch sûn te libjen, in minskelibben is einich. Jild is dat net. Der is in ûneinich soad jild beskikber (sa 't de saken der no foarsteane). Wêrom soene wy ús kostbere tiid omsette yn jild? It is in effektive wize om ús libbensenerzjy fuortlekke te litten.

Yn it twadde plak is tiid like weardeleas as dat it ûnskatber is, nammentlik it is eins net yn jild út te drukken omdat tiid ûngrypber is en net sa lineêr as de klok ús leauwe lit. As ien yn 'e flowtastân is, kin er / sy in taak tsien kear sa fluch en sa goed folbringe as wannear 't er yn in gewoane bewustwêzenstastân is. Tiid kin foarbyfleane of foarbykrûpe. Tiid is gjin lineêre ienheid, al liket it wol sa te wêzen. 

Koartsein: troch tiid yn jild út te drukken dogge wy ússels as minsken op ûntelbere wizen te koart. Wy binne folle mear wurdich as dat.