Temagearkomste Leare en Untwikkelje

Temagearkomste Leare en Untwikkelje

Dy ynspiraasje - en ferbiningsjûn stiet yn it teken fan it tema Leare en Untwikkelje. Leare en ûntwikkelje binne wichtich yn in minskelibben. Yn in organisaasje en yn alle gefallen yn in koöperaasje as dy fan ús helpt dit mei de basisbetingsten foar sûne ûntwikkeling en groei te skeppen.

Yn Frij Fryslân binne der in soad minsken dy 't kennis en kunde hawwe en diele kinne mei oaren. Dat bart dan ek geregeld en sûnt in skoftke wurdt dat spesifyk koördinearre en oanjage troch in wurkgroep. De wurkgroep fertelt op dizze temajûn wat se oan it dwaan binne en wat de plannen foar de kommende tiid binne. Dizze ynformaasje is nijsgjirrich foar alle leden en ynteresearren. Seker ek minsken dy ’t ynteressearre binne yn ûnderwiis, leare en / of sels ek trainingen, workshops of oare ûnderwiisrelatearre saken oanbiede, nûgje wy fan herten út om del te kommen.

Program 13 novimber 19:00 - 22:30

17:30 - 18:30 (opsjoneel)Miniworkshop ‘Missy en fyzje’
Vanaf 18:30 uur (opsjoneel)Mei syn allen ite
19:00 - 19:45Presintaasje fan de wurkgroep en oaren dy't workshops en trainings oanbiede binnen Frij Fryslân
19:45 - 21:45Ynteraktive lêzing fan Michaéla Schippers en Tjeerd Andringa. Nei 45 minuten is der in koart skoft
21:45 - 22:30Neipetearkje
Wurkgroepleden en ferskate oaren binne oanwêzich om yn petear te gean

Dizze gearkomste is op basis fan donaasjes

Oanmelde

Do kinst dy oanmelde troch in e-mail te stjoeren nei info@frij.frl en dêryn ek oan te jaan oftst al as net mei-ite wolst.

links

Vragen? Mail ons!