Temagearkomste Lânbou & Iten

Temagearkomste Lânbou & Iten

It is ‘folop’ winter. De natuer is foar in grut part yn rêst, mar wy sitte net stil! It tema Lânbou en Iten stiet nije wike op de twawyklikse ynringearkomste wer yn de picture.

In soad minsken binne it stuit dwaande mei tariedingen foar it nije tún - en groeiseizoen. Minsken dogge dat thús as se romte en mooglikheden foar in eigen grientetún hawwe, mar ek binnen grutter ferbân yn Frij Fryslân. It bewurkjen fan eigen grûn foar iten is wichtich.

Yn oktober wie der in temajûn om Lânbou & Iten hinne. De jûn waard goed besocht en it wie dúdlik dat ferskate besikers al aktyf wiene yn bygelyks harren eigen tún. Ek wie dúdlik dat der in soad kennis oanwêzich wie en dat minsken graach útwikselje woene. Op 29 jannewaris jouwe wy hjir in ferfolch oan troch wer byinoar te kommen, ynformaasje út te wikseljen en moestunen op te starten. Fierder fynt der ek in frage-oerke plak mei Siemen Banga, dy 't dyn fragen oer piramiden beäntwurdzje kin.

Wolst helpe?

Hasto ek ynformaasje en wolst as 'fraachbaak' foar in bepaald ûnderwerp oanwêzich wêze op dizze jûn? Nim dan kontakt mei ús op fia e-mail om te oerlizzen.

Plenêr program 17:00 - 22:30,  Ljouwert

17:00 - 18:30Workshop ‘Start dyn eigen grientetún’ foar begjinners dy't thús starte wolle (foar leden)
18:30 - 19:00Mienskiplik ite yn de grutte seal (ast mei-ite wolst, jou dit dan uterlik tongersdei 25 jannewaris troch)
  

Kleine zaal

19:00 - 19:30Presintaasje en update Frij Fryslân, algemiene update koöperaasje en ynformaasje oer it tema Lânbou en Iten. 
19:30 - 20:30Piramide bouwe yn eigen tuin
Koarte yntroduksje folge troch fragesesje mei Siemen Banga
20:30 - 21:30Kennis rûnom it tarieden en it ferrykjen fan grûn (útwikselsesje)
Doch mei ast mear witte wolst of ast mear witst oer it tarieden fan grûn mei û.o. EM (effectieve micro-organismen) en basalt. 
  

Grote zaal

20:15 ~ 22:30Iepen kafee mei aktiviteiten en ynformaasje
Yn de grutte seal binne neist gesellichheid ferskate aktiviteiten en ynformaasje te finen.Tink oan de Greenbox (te sjen yn de dokumintêre The Primordial Code), sied-ynformaasje en yn petear gean oer it ûndersyk dat te finen is op koers2030.nl en fansels alle oare saken rûnom it ferbouwen fan iten dy't op it aljemint komme.
_______________ 

Njonken de aktiviteiten binnen it tema Lânbou & Iten fine oare trochgeande aktiviteiten plak op de jûn, wêrûnder Aiki training, de yntroduksjetraining foar leden, gearkomste BewustGezondZijn en Mantra sjongen. De measte fan dizze aktiviteiten binne foar leden. Ynformearje nei de mooglikheden ast oanslute wolst.

Oanmelde

Do kinst dy oanmelde foar dizze ynrin troch in mail te stjoeren oan info@frij.frl. Wolst mei-ite? Jou dat dan oan yn dyn e-mail. It iten is om 18:30 klear. 

links

Vragen? Mail ons!