Ynspiraasje - en ferbiningsjûn tema Lânbou en iten

Ynspiraasje - en ferbiningsjûn tema Lânbou en iten

Dizze ynspiraasje - en ferbiningsjûn stiet yn it teken fan it tema Lânbou en Voedsel. Je kinne yn de kunde komme mei minsken fan Frij Fryslân en oansletten boeren en oare bedriuwen. Der is foar elk wat wils: nei de plenêre iepening binne der ferskate sesjes by te wenjen.

Programma 2 oktober 18:00 - 22:30

Fanôf 18:00  Seal iepen
18:30 - 19:00Mei-inoar ite. Maaltiden wurde ree mei produkten fan oansletten boeren. Opjefte foar it miel needsaaklik uterlik tongersdei 28 septimber.
19:00 - 19:45Iepening

Keuzeprogramma

SESSJE I - foar boeren
20:00 - 21:30

Seksje oer alternative finansieringsmooglikheden foar boeren mei dialooch. De sesje is bedoeld om ûnderfiningen út te wikseljen, te ynspirearjen en inoar te fersterkjen. 

SESSJE II - foar moestúnleafhebbers
20:00 - 22:00

Presintaasje moestúnplan en workshop elektrokultuer foar minsken mei in grientetún yn Fryslân en minsken dy 't meidwaan wolle yn in grientetún of sels ien starte wolle.

SESSJE III - foar weckere lju
20:00 - 22:00 

Workshop Wecken: oan de slach yn de keuken.
Maks. 8 dielnimmers, jou dy gau op!

21:30 / 22:00 - 22:30Neiprate
Ferkeaphoeke mei standsjes fan oansletten bedriuwen is iepen

Dizze gearkomste is op basis fan donaasjes.

Oanmelde

Kinst dy oanmelde troch in e-mail te stjoeren nei info@frij.frl en dêryn ek oanjaan oftst meiite wolst?

Eftergrûn

Pionieren en nije wegen bewandelje

Frij Fryslân is in koöperaasje mei de missy om in minsklike maatskippij en sûne natuerlike systemen te realisearjen, dêr 't eigenerskip en sizzenskip wer by de minsken en mienskip lizze. Leden - minsken en bedriuwen - foarmje ûnderwilens al in krêftige mienskip. Der wurdt pioniere en der wurde nije wegen bewandele. 

Learproses en transformaasje foar elk fan ús

De bedoeling is dat dy nije wizen fan bouwen oan in minsklike ekonomy foar autonomy soargje sille. Binnen ûnderskate tema’s wurdt yn wurkgroepen en projektteams wurke oan it basisferlet lykas enerzjy, soarch en lokaal en farsk iten. Yn de mienskip kreëarje wy mei elkenien ynbring “wearde”. It is in learproses en transformaasje foar elk fan ús en allinnich mei-inoar kinne wy dit foarinoar krije. 

Weardefolle konneksjes

Boerebedriuwen spylje in wichtige rol yn dizze transformaasje en autonomy. De al oansletten boerebedriuwen lizze al ferskate saken yn de koöperaasje. Tink dêrby oan iten, gebrûk fan harren lokaasje foar gearkomsten en / of gebrûk fan in stikje lân om dêr in grientetún op te starten. Fan leden ûntfange se ûnder oare help yn harren bedriuwen en weardefolle konneksjes foar harren projekten.

links

Vragen? Mail ons!