Technology foar in nije tiid

Technology foar in nije tiid

Ein jierren ’90 die Ynternet syn yntree yn ús libben. Sûnt dy tiid hat it ús in soad brocht op it mêd fan kommunikaasje, ynformaasje en gemak. Yntusken wurdt dizze begjintiid Web 1.0 neamd. Web 2.0 is foar it grutste part ûntstien troch de opmars fan smartphones en flugge ynternetferbiningen. No steane wy oan it begjin fan wer in grutte feroaring yn technology: Web 3.0.

Web 1.0: statyske siden en e-mail

Ein jierren ’90 kaam der wat nijs: Internet. Simpele browsers koene statyske webpagina’s besjen. E-mail die ek syn yntree en fia chatprogramma’s koene wy prate mei minsken oer de hiele wrâld. De beloften wiene grut. Frij ferkear fan ynformaasje soe it foar elkenien better meitsje.

Web 2.0: dreaun troch smartphones

Yn 2007 waard de earste smartphone - de iPhone - op de merk brocht. Dat barren wie it begjin fan Web 2.0: ynienen koene wy oeral mei in lyts apparaatsje kommunisearje en kamen der hieltyd mear apps en websiden dy 't alderhanne tsjinsten oanbeane. 

Underwilens binne wy in grut part fan 'e oeren dy 't wy wekker trochbringe ferbûn en meitsje wy gebrûk fan in mearfâld oan tsjinsten. Ynternet en ferbining binne net mear fuort te tinken út ús deistich libben.

De oare kant fan it ferhaal 

Lykas alles hat dizze ûntjouwing in kearside. Yn de hjoeddeistige ynternetarsjitektuer wurdt gebrûk makke fan sintrale servers, dy 't de ynformaasje dy 't brûkers fuortbringe, bewarje en beheare. Dizze servers binne hast altyd yn hannen fan private partijen dy 't mei dizze data goud yn hannen hawwe. Want sels al bist sels eigener of behearder fan  dyn eigen data; dyn ynformaasje leit ek by in faak kommersjele partij, dy 't dêr in hiel soad ynsjoch yn dyn libben mei krijt.

De lytse letterkes: wa lêst se 

Wy witte meastal wol dat der data sammele wurdt. Mar wy witte faak net wat der krekt stiet yn dy lêstich te lêzen algemiene betingsten dêr 't wy akkoart mei gean moatte as wy in app ynstallearje. Meastal klikke wy gau op ‘akkoart’ om de software op ús kompjûter of telefoan te krijen. En dat is net sa gek: de trochsneed Amerikaan – foar Europa sil it ûngefear itselde wêze – moat sa ’n 250 oeren yn it jier besteegje om alle betingsten te lêzen fan de online digitale tsjinsten dy ’t er brûkt.

Do bist it produkt 

De apps dy 't wy brûke en dy 't wy tastimming jouwe om ús data te sammeljen binne ûnderdiel fan in miljardeyndustry. Marketeers binne bliid mei ús goederjouskens. Se kinne taspitste kampanjes organisearje en dêrmei kosten besparje. Besparje op kosten is net de iennichste reden om data te sammeljen en te analysearjen.

Ek trochferkeap kin in lukrative business wêze. Sa binne der bedriuwen dêr 't je DNA-tests dwaan litte kinne. Dat bedriuw kin beslute om dizze data net allinnich te dielen mei in lab dat jo genen yn kaart bringt, mar ek mei bygelyks farmaseutyske bedriuwen, dy 't flink betelje wolle foar sokke ynformaasje.

Datamakelers 

Soms wolle jo jo gegevens diele as jo der wat foar werom krije, bygelyks in goede tsjinstferliening. Mar der binne ek bedriuwen dy 't je hielendal neat jouwe en wol je data brûke. Se analysearje en ferkeapje dy ynformaasje sûnder datst der wat foar krijst en faak sels sûnder datst der wat fan witst.

Se sammelje ûnder oare medyske dossiers, browserhistoarje, sosjalmediakonneksjes en online oankeapen, mar ek publike gegevens, dyn bankgegevens, ynformaasje út aktiviteitentrackers en gegevens út klantprogramma’s. Dy ynformaasje makket it mooglik in ‘skaadidentiteit’ fan dy te kreëarjen op basis wêrfan ’t bedriuwen en ek oerheden besluten nimme kinne. Om beslissingen te nimmen wurde faak algoritmes of A.I. (Artificial Intelligence) ynset. Wat dit foar konsekwinsjes ha kin, hawwe wy koartlyn noch sjoen yn de Taslaggenaffêre.

Gegevensútwikseling tusken gruttere publike en private partijen 

Koartlyn hat de demisjonêre Nederlânske regearing in nije wet oannommen: de Wet gevensverwerking door samenwerkingsverbanden (WGS). Dy wet jout oerheidsorganisaasjes en private partijen tige romme foegen om persoansgegevens mei-inoar te dielen, ûnder oare om te profilearjen. Dit kin grutte gefolgen hawwe foar minsken dy ’t ‘op it ferkearde listje’ bedarje. De Autoriteit Persoonsgegevens (AP) ropt de Earste Keamer dêrom op it wetsfoarstel yn de hjoeddeistige foarm net oan te nimmen.

Oplossingen 

Om ússels te beskermjen foar dit soart saken sille wy sels stappen ûndernimme moatte. Op basis fan Europeeske wetjouwing ‒ de GDPR (General Data ction Regulation) ‒ kinne wy bedriuwen fersykje iepenheid fan saken te jaan troch in DSAR (Digital Subject Access Request ). Dêrtroch moatte se oanjaan hokker gegevens se fan ús hawwe, wat se der mei dogge en wêrom en mei wa 't se dizze gegevens diele. In bedriuw is ferplichte om ús dizze ynformaasje te jaan en wy kinne dizze bedriuwen opdracht jaan om ynformaasje oer ús fuort te heljen. Dat moat yn begjinsel honorearre wurde, of it moat wêze dat de gegevens neffens de wet bewarre wurde moatte.

Under de GDPR binne der ek regels foar it transportearjen fan data oer lânsgrinzen. Yn begjinsel moat ‘data sovereignty’ tapast wurde. Dit is it prinsipe dat digitale data ûndergien is oan de wetten fan it lân dêr ’t dy data yn generearre is of foar it earst ferwurke. 

Dit soarte wet - en regeljouwing falt allinnich mar oan te moedigjen. It biedt lykwols gjin oplossing foar de moedwillige of ûnbedoelde ferwurking en sels stellerij fan ús data, bygelyks by in hack.

Om überhaupt foar te kommen dat gegevens yn systemen fan machtige bedriuwen telâne komme en sa net te hacken wêze te litten, kinne wy der ek foar kieze oare technology te brûken: hjir komme Web 3.0 -oplossings om de hoeke sjen. 

De arsjitektuer fan de Web 2.0 tapassings soarget derfoar dat ús data ferhannelber is en ús privacy ûnder fjoer leit. De servers en oare hardware binne ek dy ynformaasje beskikber stelle yn hannen fan grutte bedriuwen.

Web 3.0: demokratysker 

Web 3.0 is oars: hjir is ús data wol ferbûn mei it Ynternet, mar desintraal opslein yn eigen en mienskiplik behear. Wy drage allegearre in stientsje by en steane yn streekrjocht kontakt mei-inoar ‒ in folle demokratysker prinsipe.

De middle man kin mei fakânsje 

Foar in soad Web 3.0 tapassings wurdt it blockchain prinsipe brûkt. In bekend foarbyld dêrfan is Bitcoin: mei Bitcoin bist dyn eigen bank en hoechst net mear fia in ‘middle man’  dyn jild nei in oar te stjoeren. De macht fan dizze ‘middle man’ dy ’t him as sintrale autoriteit opsmiten hat, wurdt dêrmei tenytdien.

Sinsuerfrij en minder kwetsber 

Mei Web 3.0 tapassings kinne wy net mear sensurearre wurde en kommunisearje wy feilich sûnder potsjekikers. De tapassings binne ek robúster, omdat der gjin sintrale skeakels binne dy 't útfalle kinne (Single Point of Failure ). Elke kompjûter draacht wat by oan it netwurk. 

Gjinien kin útsletten wurde om diel te nimmen omdat wy gjin sintrale autoriteit of gatekeepers hawwe. De Big Tech bedriuwen kinne bygelyks net mear beslute om in berjocht fan ús te ferwiderjen fanwegen it skeinen fan rjochtlinen of ynhâld fan fideo’s dy ’t wy diele.

Untwikkeling en gebrûk steane noch yn de berneskuon 

Om 't dy tapassings nij binne, stiet de ûntwikkeling noch yn de berneskuon en is de akseptaasje en it gebrûk ûnder minsken noch net grut. Fierder kin it trager en komplekser wêze om ynformaasje op dizze wize te ferstjoeren. Dit sil nei trochûntwikkeling hieltyd minder in probleem wêze. Ek kin it wolris dreech wêze om standerts yn te fieren sûnder in sintrale autoriteit of mienskiplik makke ôfspraken.

It bist úthongerje 

Mear web 3.0 technology kin ús helpe yn ús paad nei frijheid as in soad minsken leare oer wat mooglik is én as se de earste stappen sette yn dizze nije wrâld. Bygelyks troch it yn gebrûk nimmen fan oare kommunikaasjesoftware op basis fan dizze nije prinsipes of it oankeapjen fan kryptomunten om sels as bank te operearjen. Op dizze wize fiede wy  ‘it bist’ minder ynformaasje en hongerje wy it út.