Sinnewende (Gastbydrage)

Sinnewende (Gastbydrage)

It is dúdlik dat der in nije tiid begûn is, ek op it mêd fan ûnderwiis. Troch alle regeljouwing is der amper noch romte om te dwaan wat écht goed is foar de bern. Sinnewende is in learmienskip yn oprjochting yn de omjouwing Drachten / Beetstersweach. By Sinnewende wolle wy de folsleine romte fiele om te wurkjen út it hert en bern wei te begelieden op harren sielspaad: in win-win situaasje foar learling, learkrêft, âlden en de maatskippij.

In learmienskip foar en troch skoalbern en harren âlden

Moanlikse gearkomste op unike lokaasje 

Om de learmienskip op te bouwen, komme de oprjochters foarearst ien kear yn de moanne gear op de twadde sneon fan de moanne mei oare âlden en harren bern. Hjir ferbine se op in (no noch) wikseljend plak yn de natuer. Aktiviteiten en ideeën komme benammen fan de bern fan alle leeftiden. Der binne opsjonele aktiviteiten, lykas wyldplukken, hutten bouwe, mei-inoar itensiede, sjonge, muzyk meitsje, spultsjes dwaan en nifelje.

Fan minsken dy 't har oanslute, freget Sinnewende belutsenens en kommitmint. De bern wurde folge yn wat sy nedich hawwe om leare te kinnen. Alden kinne dêrop oanslute troch harren ekspertize en ideeën yn te bringen. 

Troch dizze oanpak bliuwt de wille yn learen behâlden. Elkenien leart faninoar en de fraach om bygelyks rekkenjen te learen en lêzen folget fansels wannear 't dy feardichheden nedich binne by wat de bern leare wolle.

Foarearst fine dizze dagen plak yn it wykein, om foar alle bern, oft se no wol of net yn it skoalsysteem sitte, in noflik plak te kreëarjen. Bern yn it skoalsysteem kinne oplade yn de natuer en praktysk dwaande wêze as tsjinwicht foar in lange skoalwike.

Ek minsken sûnder (skoalgeande) bern dy 't har kennis diele wolle, of dy 't graach wat fan bern leare, binne fan herte wolkom. Wy leare faninoar: jong fan âld en âld fan jong!

Praktyske ynformaasje 

Wa: bern fan alle leeftiden en harren âlden en begelieders dy 't harren kennis diele wolle.

Wannear: Alle twadde sneonen fan de moanne fan 10.00 - 15.00 oere.

Wêr: Omjouwing Drachten / Beetstersweach; de lokaasje kin alle moannen wikselje.

Wêrom: Ut dizze gearkomsten wei wolle wy mei âlden, bern en belutsenen in learmienskip opsette.

Mail foar mear ynformaasje sinnewende@protonmail.com

links

Vragen? Mail ons!