Ekologysk Melkfeebedriuw Rûn libben en Grûn

Ekologysk Melkfeebedriuw Rûn libben en Grûn

Op twa oktober stiet de twawyklikse ynrin yn it ramt fan Lânbou en Iten. Yn oanrin dêrhinne stelle wy de boeren yn Frij Fryslân foar. Elk hat in unike fyzje en bydrage oan de mienskip. Yn dit artikel diele we mear oer Rûn Libben en Grûn, in biologysk melkfeebedriuw yn Lippenhuzen.

Oer it bedriuw 

Rûn Libben en Grûn fan Gjalt Tjeerdsma en Leonne Muller is in lyts biologysk melkfeebedriuw mei hoarnde kij op in monumintale pleats oan de Sweachsterwei by it Keningsdjip. In soad minsken kenne dit plak ek as in enerzjyplak dêr 't ynspirearjende byienkomsten plakfine, of as de pleats dêr 't earrebarren harren nêst hawwe op it dak. 

Gjalt komt út in boerehúshâlding en buorket al sûnt 1985 op dizze pleats. Nei tsien jier syn bedriuw op gongbere wize te runnen, ferdjippe er him yn biologyske lânbou en makke as ien fan de earste boeren de transysje. Seis jier lyn kaam metgezel Leonne derby. Leonne hie al jierren in grutte nijsgjirrigens nei it boerelibben. Se fûn der har thús en foarmet in team mei Gjalt yn it wurk op de pleats. Dêrneist hat se ek in passy om harren ûnderfiningen en djippe ynsichten oer te setten nei blogs en byld.

Tegearre ûntwikkelje Gjalt en Leonne harren plak yn ferbining mei grûn en spiritualiteit. Harren driuwfear is om net wetten, regels en ynkommen diktearje te litten, mar djip te harkjen nei de natuer en ekosystemen op de pleats. As boeren wolle se ôfstimd wêze om it goede te dwaan foar bist en minske. Op de pleats wurdt gjin gebrûk fan gemyske produkten makke. Der is al in soad eksperimintearre om de grûn wer ta libben te bringen en in harmoanysk systeem te realisearjen. Dat soarge foar it skjinste dongmeunster ferlike mei tritich oare biobedriuwen. Kealtsjes bliuwe fierder bygelyks langer by de mem as oars.

‘It “produkt” dat de pleats fuortbringt is benammen in ûnderfining’, seit Leonne. Se wolle minsken sjen litte hoe 't je yn yntime harmony mei lân en fee libje kinne. Minsken kinne farske molke helje, mar wat se krije is grutter as in glês molke. Se diele hoe 't se libje mei de seizoenen en wat it wurk is dat dêrby heart; bedongje, rispje, weidzje. Op de pleats libje se yn de syklus fan de natuer. Gjalt neamt dit yntuïtyf enertysk buorkjen.

Sjoch ris nei harren website. Dy stiet fol mei boarnen foar ynspiraasje en edukaasje oangeande de libbensstyl fan Gjalt en Leonne en lânbou yn harmony mei de natuer.

Bedriuwsmodel 

It haadynkommen fan it bedriuw komt út de ferkeap fan molke. Jild is lykwols in middel en gjin doel. De kwaliteit fan libben fan de kij en de energetyske wearde fan de molke is wichtiger as in hege produksje en opbringst.Fertrouwen foarmet de basis yn it bedriuw. Meikoarten ferwachtsje se ek fleis fan eigen kij te leverjen.

Gjalt en Leonne geane foar farren op dyn inerlike kompas, genôch foar dysels, folheid, minder eangst en mear fertrouwen. Oangeande de fraach hoe 't de bedriuwichheid him ûntwikkelje sil, seit Gjalt: 'It giet derom om iepen te stean om wat te ûntfangen dat je net betinke kinne'.

Fyzje 

Gjalt en Leonne binne tsjinstber oan it libben en de grûn. It is de rol fan de boer om der ferantwurdlikheid foar te dragen dat it gehiel kloppet. Sa soene se it leafst harren wurkwize ferienfâldigje nei sa min mooglik prosessen mei de produkten, om dy sa puer mooglik te hâlden en de enertyske wearde yntakt te hâlden. De molke soe dan bygelyks fuortendaliks de tsiisbak yngean, of ferwurke wurde ta kefir. Dan bliuwe de fetten it meast yntakt, wat better past by de molke fan harren kij. Bisten soene se op eigen terrein slachtsje litte wolle, wat op dit stuit (noch) net mooglik is.

De pleats is in thús foar de mienskip en in plak dêr 't fan alles mooglik is. Se bliuwe wei fan technokrasy en litte harren net beheine troch wetten en regels. De skeppende enerzjy is altyd oanwêzich. Har opdiene kennis oer harmony yn 'e grûn drage se oer oan minsken dy 't motivearre binne om te learen. 'Rûn libben en Grûn is op it foarste plak in enerzjyplak - de kij hearre derby.' 

Op harren webside beskriuwe Gjalt en Leonne it sa: ‘Ferskûle tusken de beammen fan wetten en regels sykje wy de romte om op ’e nij te ferbinen sûnder betingsten. It ûnderhâlden fan ymmateriële skjintmes yn in leefmienskip rikt fierder as allinnich wurden yn stelling bringe of je ôfhinklik meitsje fan subsydzjes, beoardiele út beheinde sintúchlike waarnimming wei. It juk dat wy ekonomy neame kin allinnich lichter makke wurde fanút dysels. Ut leafde foar natuer en yn oparbeidzjen út oprjochte belutsenens wei is folle mear mooglik. Dat bringt ús allegear mear as de som fan de dielen.'

Wêrom by Frij Fryslân? 

Gjalt en Leonne besochten yn 2022 it Frij Fryslân Frijheidsfestival yn Riis. Dat fielde as in thús en der wiene in soad bekenden fan harren: mei syn allen Frysk wêze. Wat harren oansprekt yn Frij Fryslân is dat we it oars dwaan wolle en dat we dat leare wolle. De “hoe”-fraach stiet dêrby sintraal. Oan dysels wurkje dêryn is wichtich.

Harren oanbod oan de mienskip bestiet derút om op in part fan it lân in tún oan te lizzen. Se sjogge fierder mooglikheden foar útwikseljen mei leden yn de mienskip, bygelyks fia wurkdagen wêryn 't aspirant-leden fan Frij Fryslân meihelpe kinne, siedzje, reparearje, ensfh. 

Temagearkomste moandei 2 oktober 2023 en meidwaan

Hasto in boerebedriuw of in oar bedriuw of projekt om lânbou, iten en natuer? Dan bist fan herte útnûge om op 2 oktober yn 'e kunde te kommen. Dizze jûn stiet yn it ramt fan it tema Lânbou en Iten. Wy biede dizze jûn in breed programma mei iten fan de boeren, in ferkeaphoeke, workshops (û.o. ynmeitsjen / wecken), in ynhâldlike dialooch oer finansiering foar boeren, bedriuwspresintaasjes en op te starten projekten oangeande grientetunen en elektrokultuer.

Ek ast dy jûn net kinst, bist fan herte útnûge om in e-mail nei info@frij.frl te stjoeren. Dan wurdt der kontakt mei dy opnommen.

links

Vragen? Mail ons!