Oersjoch wurk - en útwikselgroepen mei 2023

Oersjoch wurk - en útwikselgroepen mei 2023

Hjirûnder stiet in oersjoch fan de aktive wurkgroepen. Nim gerêst kontakt op as'tst mear witte wolst oer in spesifike wurkgroep.

Yntroduksje

Wy meitsje ûnderskied tusken in mienskip, in wurkgroep en in útwikselgroep. 

Mienskip (MSK)

In mienskip is der foar eltsenien dy't ynteresearre is yn it oanbelangjende tema. Hjir wurde aspirant-leden op 'e hichte holden fan ûntjouwings, gearkomsten en fragen oer it tema en kinne se harren ideeën, tip en kunde diele. 

Werkgroep (WG)

Wurkgroepen hawwe in dúdlik doel dêr't alle dielnimmers oan kommitteard binne. Der binne rollen en ferantwurdlikeden en eltsenien is op syn minst trije oeren yn ‘e wike beskikber om hjiroan te wurkjen. Oansluten is net sa mar mooglik by alle groepen omdat guon groepen al langer draaie en/of it maksimale oantal dielnimmers berikt is. Nim dus efkes kontakt op as’tst ynteresearre bist. 

Uitwisselgroep (UG)

Utwikselgroepen wurkje net oan in spesifike opjefte en binne der om te ferbinen op tema's dy't minsken wichtich fine, lykas hoe't jo as man of frou yn jo krêft komme kinne. De grutte ferskilt per groep, en ek oft it mooglik is en slút sa mar oan. Nim dus efkes kontakt op as’tst ynteresearre bist. 

Oersjoch

Lânbou en itensfoarsjenning

WG - Lânbou finansjele oplossings: de wurkgroep sit yn in ôfrûnjende faze. De lessen dy't leard binne wurde ferwurke yn in artikel.
WG - Itensbosken en permakultuer (ferskate groepen):  rjochtet him earst op it útwikseljen fan kennis (edukaasje ), eigen kweek en op termyn: foar elkenien in itensbosk op rinôfstân.

Sûnens

MSK - Mienskip Sûnens 

WG - Basisteam: hat in fasilitearjende rol en draacht der soarch foar dat taken en wurkgroepen binnen it tema Sûnens goed oansletten binne op de missy, fyzje en strategy fan it tema en Frij Fryslân yn it gehiel. Se helpe de wurkgroepen om harren opjefte te realisearjen.
WG - Alternative 'financiering': bûcht him oer alternative finansiering fan sûnens en soarch binnen de koöperaasje. Mooglikheden en juridyske ramten wurde ûndersocht om dêrnei ien of meardere konsepten te ûntwikkeljen.
WG - Deagewoan Sûnens: wol út in respektfolle en feilige basishâlding wei romte jaan oan de ûnderskate sjenswizen en winsken om it ierdske ôfskied hinne.
WG - Súvere Apotheca: wurket oan it oprjochtsjen fan in apoteek mei natuerlike, op maat makke en wolwêzenferheegjende middels foar de minske.
WG - Jongereingroep: sil har dwaande hâlde mei de begelieding en stipe fan jongerein. Dêrneist wurdt der sjoen nei mooglikheden om dielgroepen op te setten foar aktiviteiten yn groepsferbân. De groep organisearret yn de simmer fan 2023 in jongereinwike.
WG - Holistische Zorg Frij Fryslân: (komme letter mear groepen út fuort ): rjochtet him op it ûntwikkeljen fan in model en bedriuwsplan foar in holistysk en koöperatyf soarchoanbod yn de wyk of regio. Tink dêrby oan thússoarch, ferloskunde en kreamsoarch en soarch oan minsken mei in beheining.
WG - Sûnens Foar Elkenien: dizze wurkgroep ûnderhâldt de kontakten mei en wurket gear mei de soarchprofessionals dy 't har by de koöperaasje oansletten hawwe.

UG - BewustSûnWêze: hâldt him dwaande mei it tapassen fan ynsichten út de kwantumfysika binnen it tema Sûnens. Op dit stuit wurdt der wurke mei yntinsje-eksperiminten om te ûndersykjen wat de krêft fan yntinsjes is op de omjouwing en op ússels, mei as doel dizze kennis en útkomsten te dielen binnen Frij Fryslân.
UG - Mannekrêft: weromkommende gearkomste foar manlju dêr 't romte is foar it dielen oer útdagingen en kwetsberheden om inoar te sjen, te stypjen en om yn dyn manljuskrêft te stean.
UG - Frouwekrêft: weromkommende gearkomste foar froulju dêr 't romte is it dielen oer útdagingen en kwetsberheden om inoar te sjen, te stypjen en om yn dyn frouljuskrêft te stean.
UG - Deel & Heel: Elkenien hat te krijen mei trauma yn it libben, grut of lyts. Trauma's ûntsteane altyd yn relaasje ta in oar. As wy dizze persoanlike stikken yn kontakt bringe, troch dy te dielen mei in oar, kin der heling ûntstean. Foar ússels en foar ús omjouwing.

Autonoom wonen

MSK - Mienskip Wenjen: op dit kanaal ferbine aspirant-leden harren rûnom it tema wenjen. Hjir kinne minsken mei in inisjatyf op it mêd fan (autonoom) wenjen in oprop pleatse. Ek wurde (tema)gearkomsten oankundige en wurdt ynspirearjende ynformaasje dield. 

WG - Basisteam Wenjen: fasilitearret en modereart de Mienskip Wenjen.
WG - Krêftplakken: docht ûndersyk nei de ferskate bekende en ûnbekende krêftplakken yn Fryslân en nei moaie ferhalen en giet op ûntdekkingstocht nei wat dizze krêftplakken ús bringe kinne. Meikoarten sil de groep ekskurzjes oanbiede.

Frysk Enerzjybedriuw

MSK - Mienskip FEB

WG - Bestjoer:  jout foarm oan de strategy en bedriuwsfiering. Leden fan it bestjoer binne dielnimmer yn de ferskate wurkgroepen.
WG - Oanlûken (werving): hâldt him dwaande mei fraachstikken oangeande klantoanslutingen en - werving.
WG - Marketing: hâldt him ûnder oare dwaande mei it oersetten fan it konsept nei in dúdlik ferhaal foar de klant en ûntwerp fan logo, hússtyl en webside.
WG - Produksje: hâldt him dwaande mei yn - en ferkeap fan enerzjy en assets en set yn op it safolle mooglik produsearjen fan enerzjy binnen de koöperaasje.
WG - Juridysk: bûcht him oer de juridyske aspekten, lykas it opstellen fan goede kontrakten, ynrjochting fan beslútfoarmings - en sizzenskipsprosessen en foarmjouwing fan de koöperaasje nei de flitsperioade.
WG - Administraasje/finansjes: leit in administraasje oan dy 't past by de groeistrategy en dy 't ynsjoch en wissichheid biedt. De administraasje hat in lede- / klantetûke en in finansjele tûke.
WG - IT: kiest en set goede systemen op dy 't de bedriuwsfiering fasilitearje en dy 't it gau opskalen mei in lyts team mooglik meitsje.

Frije Enerzjy

MSK - Mienskip Frije Enerzjy

WG - Basisteam Frije Enerzjy:  fasilitearret de ferskate wurkgroepen dy 't konkreet oan de slach binne mei ûndersyk en proefopstellingen. Dêrneist modereare se de Mienskip Frije Enerzjy.
WG - Magneetmotor: wurket oan in proefopstelling.
WG - WSM (Wetterstofmotor): docht foarûndersyk om dêrnei in plan fan oanpak te meitsjen.
WG - SPAD/GEET (plasmagenerator): wurket oan in (proef)opstelling.
WG - NEU (Neutrino enerzjy): docht foarûndersyk.
WG - KPP (Kinetic Power Plant): docht foarûndersyk. Der binne al bedriuwen mei in "wurkjende" proefopstelling.

Jild

WG - Algemien: hâldt him dwaande mei it te ûntwikkeljen útwikselingssysteem binnen de koöperaasje (Wurdearring ), de Friling - ús sulveren munt -, en docht ûndersyk nei beteljen fia de eter.

Underwiis / Leare en groeie

MSK - Mienskip Leare en groeie/ Underwiis 

Wurk en Ekonomy

WG - Bedriuwegroep: fungearret as earste oansprekpunt foar oansletten bedriuwen en bedriuwen dy 't oanslute wolle. De groep wurket ek oan aktive akwisysje fan nije bedriuwen.
WG - Toerisme-applikaasje: in online platfoarm is yn de maak om de Fryske toeristyske sektor en ekonomy te fersterkjen. Op dit platfoarm wurde hoareka - en oare ûndernimmers, eveneminten en bysûndere plakken sichtber makke.

Technology 

WG - Wurdearring web-app: dizze groep ûntwikkelet y.g.m. de jildgroep de earste Frij Fryslân digitale Wurdearring-applikaasje. Wurdearring wurdt binnen de koöperaasje brûkt foar útwikseling.

Organisaasje

WG - Kearnteam / bestjoer: is it bestjoer: foarsitter, sekretaris en ponghâlder.
WG - Fasilitêr kearnteam: fiert saken út as lede-administraasje, faktueren, mailbox, skriuwt eksterne nijsbrieven en berjochten foar it ynterne nijskanaal Nijs & Updates. Koördinearret ferskate saken (mei ), wêrûnder gearkomsten en stipe fan mienskippen en wurkgroepen.
WG - Fasilitêr ferskaat: yn dizze groep hâlde alle fasilitêre minsken kontakt oer ferskate ûnderwerpen. Dêrwei wurdt û.o. de ynrinmoandei pland en koördinearre.
WG - Fasilitêr workshops en lêzingen: biedt stipe oan minsken en groepen dy ’t workshops, lêzingen en ekskurzjes organisearje wolle.
WG - Hoarizonstipers: dizze groep rjochtet him op ferskate aspekten fan it ynrjochtsjen fan in ekosysteem fan koöperaasjes en oare gearwurkingsferbannen. Dizze groep is beskikber om wurkgroepen te helpen om harren projekten te bestindich yn in koöperaasje of oare foarm. De groep hâldt oersjoch oer wat der yn grutte linen binnen Frij Fryslân en dêrbûten bart en ferbynt dy kennis oan de praktyk yn de koöperaasje.
WG - Oanjeiers / stipersoerlis: geregeldwei oerlis foar de Oanjeiers en Stipers fan de ferskillende wurkgroepen om te ferbinen en ynhâldlik út te wikseljen en ôf te stimmen.
WG - Wurkgroep Fideokanaal: dizze groep wurket oan it kreëarjen fan ynspirearjende ynhâld op it fideokanaal fan Frij Fryslân op Youtube en Odyssee.
WG - Tydlike wurkgroep foar it organisearjen fan gearkomsten en festivals
WG - Biblioteek: rjochtet him op it ûntwikkeljen fan in desintrale biblioteek.

links

Vragen? Mail ons!