Koöperaasje Frij Fryslân: stân fan saken oangeande lidmaatskip en temagroepen

Koöperaasje Frij Fryslân: stân fan saken oangeande lidmaatskip en temagroepen

Sûnt de slagge ynspiraasjedei op 30 april yn Warkum is Frij Fryslân yn in streamfersnelling terjochte kommen. Der binne neist de al draaiende groepen no 14 tema - en wurkgroepen oan de slach gongen. Dêroer hjirûnder mear.

De ynspiraasjedei op 30 april luts goed 220 besikers. In geweldige opkomst dy 't in prachtich, ynspirearre byinoarwêzen ta gefolch hie. Wy hawwe in soad positive reaksjes ûntfongen oer wat der op dizze dei barde: de moetings, de sesjes, de presintaasjes, de diskusjes. Us grutte tank giet út nei de mear as 30 frijwilligers dy 't derfoar soargen dat dizze dei binnen in pear wiken realisearre wurde koe. 

Op de oare deis, snein 1 maaie (in dei dy 't gearfoel mei de nije moanne en it feest fan Beltane) waard yn Eagum, neffens de tradysje it absolute middelpunt fan Fryslân, in wetterritueel hâlden. Op de ynspiraasjedei hiene de dielnimmers in bytsje wetter meinimme kind út har eigen omjouwing en dat yn in grut glêzen fet jitte kinnen. Oan it wetter koene se in yntinsje meijaan. Yn Eagum waard yn de foarm fan in ritueel de yntinsjes oplêzen en waard it wetter loslitten, sadat it tegearre mei dy yntinsjes troch hiel Fryslân streame koe. It filmke mei in koart ferslach fan dit ritueel is yntusken online gongen: Waterritueel 1 mei 2022 Frij Fryslân

Foarmjaan oan de koöperaasje en it lidmaatskip 

Op 5 maaie 2022 passearre by de notaris de oprjochtingsakte fan Koöperaasje Frij Fryslân. De foarm dêr 't wy foar keazen hawwe is dy fan in saneamde flits-koöperaasje. Dat betsjut: wy hawwe foar twa jier in minimale set statuten fêstlein en sille no in soad leare en ûntwikkelje om nei dizze perioade in mear permaninte organisaasjestruktuer delsette te kinnen. Dit learproses lizze wy fêst en ferankerje wy yn in húshâldlik reglemint en in lear - en groeidokumint. 

Ferbining, inisjatyf, betrouwen en geduld

Mei-inoar bouwe wy oan in nije maatskippij en pionierje en leare wy alle dagen. Dit freget ferbining, inisjatyf, betrouwen en geduld. Lâns dizze linen besykje wy ek om it lidmaatskip yn te rjochtsjen. Yn de learperioade sille wy ûnder oare mei-inoar yn petear oer hoe 't aspirant-leden reguliere leden wurde kinne en folslein stimrjocht krije kinne. Dêrneist wurdt ûnder oaren mei-inoar sprutsen en boud oan oplossingen, produkten en tsjinsten dy 't de minsken yn de koöperaasje mei-inoar ûntwikkelje en dêr 't wurkgelegenheid út fuortkomme kin. Fierder binne der ferskate kategoryen leden mooglik. Tink bygelyks oan de mannichte ‘ Friezen om utens ’, dy ’t harren wol ferbûn fiele mei Fryslân, mar hjir net echt wenje. Ek slute der op it stuit organisaasjes oan dy 't binnen de koöperaasje ferbûn en aktyf wêze wolle.

Reservearje yn dyn aginda

Op 2 july is der in spesjale dei en wy freegje jimme dizze te reservearjen yn dyn aginda. Wy sille dan yn Marsum (flak by Ljouwert) gearkomme foar de earste Algemiene Ledegearkomste fan de Koöperaasje Frij Fryslân. Dy dei diele wy ús ideeën oer hoe 't it lidmaatskip foarm jûn wurde kin en sille wy tegearre hjiroer yn petear. Boppedat sille temagroepen inoar moetsje en presintearje wêr 't se oan wurkje. 

By de Algemiene Ledegearkomste kinne wy maksimaal 200 minsken ûntfange. In elk dy 't aspirant-lid wêze wol, is útnûge oanwêzich te wêzen. De minsken dy 't binnen Frij Fryslân al aktyf binne én de minsken dy 't har ôfrûne 30 april oanmeld hawwe foar lidmaatskip, krije foarrang by oanmelding. By oerskriuwing nimme wy mei de minsken dy 't wy op 2 july net moetsje kinne sa gau mooglik kontakt op. Wy freegje elkenien dy 't him ynskriuwe wol - ek dejingen dy 't al aktyf binne - om it oanmeldformulier yn te foljen.

In oersjoch fan de tema - en wurkgroepen en wêr 't se oan wurkje 

Lykas sein binne der no 14 groepen aktyf op ferskate tema’s en dêrnjonken is der in fasilitêre groep dy 't de koöperaasje alle dagen stipet en in pear groepen dy 't de earstfolgjende aktiviteiten op 2 july en 27 augustus tariede. Al dizze groepen komme ien kear yn de twa wiken mei-inoar - it leafst fysyk. Minsken dy 't har mooglik noch oanslute wolle by in groep, kinne kontakt mei ús opnimme fia info@frij.frl

Hjirûnder op it lêst in koart oersjoch fan de groepen en dêr ’t hja har op talizze.

Sûnens 

1. Brêge: it doel fan dizze groep is om ynspirearjende gearkomsten te organisearjen wêrby ’t professionals yn ’e komplemintêre sûnenssoarch ‘ priuwerijen ’ oanbiede om yn ’e kunde te kommen mei dy terapyen.

2. Finansjeel: dizze groep hâldt him dwaande mei ynventarisearjen en foarmjaan fan in alternatyf of alternativen foar de soarchfersekering sa 't wy dy kenne.

3. Ynhâld: yn dizze groep sil men dwaande mei it ûntwikkeljen fan lessen, trainingen en materialen dy 't minsken ynspirearje en oansette kinne ta in holistyske kyk op sûnens.

Jild 

Dizze groep is úteinset mei in ynventarisaasje fan de ferskate alternativen en efterlizzende meganismen foar útwikselingssystemen. Dêrnei wurdt wurke oan in oplossing om binnen de koöperaasje útwikselje te kinnen. 

Lânbou 

1. Finansiering: dizze groep siket nei nije finansieringsfoarmen dy 't mearwearde opsmite sille foar ynvestearders en de Fryske mienskip, lykas mear fiedselwissichheid en feilige belizzing fan harren jild.

2. Mienskipswinkel: yn dizze groep wurdt der in blueprint ûntwikkele foar in mienskipswinkel dêr 't lokale boeren en produsinten har iten ferkeapje kinne. De winkel kin in sintraal punt wurde en as koöperaasje te wurk gean. It idee is dat soks op in soad plakken yn Fryslân realisearre wurde kin.

Enerzjy 

1. Fryslân autonoom: hoe sjocht ien op it mêd fan enerzjy autonoom en selsfoarsjennend Fryslân derút en wat is der foar nedich om dit te realisearjen? Dizze groep wurket oan in spannend en ambisjeus plan.

2. Frije enerzjy: dizze groep is konkreet oan de slach mei proefopstellingen en it sammeljen fan ynformaasje.

Underwiis 

In groep fan minsken mei ferskate ûnderfiningen yn it ûnderwiis en / of pedagogyske eftergrûn ferkent it ûntwikkeljen fan materialen, lessen en trainingen dy 't passe binnen in holistyske kyk op it libben en de fyzje fan Frij Fryslân. Dizze lessen en materialen kinne op it regulier ûnderwiis, by steatsfrije skoallen en by oare fernijende inisjativen ynset wurde kinne.

Anastasia Ekodoarpen 

Dizze groep wurket oan in blueprint foar ekodoarpen op basis fan it idee fan Famyljedomeinen.

Wurk en ekonomy 

In online platfoarm is yn de maak om de Fryske toeristyske sektor en ekonomy te fersterkjen. Op dit platfoarm wurde hoareka - en oare ûndernimmers, eveneminten en bysûndere plakken sichtber makke.

Meditaasjegroep en - kearngroep 

It doel fan dizze groep is de hiele beweging fan Frij Fryslân te stypjen en krêft by te setten troch meditaasjes en rituelen rûnom gearkomsten. De meditaasjekearngroep jout foarm oan dy meditaasjes en rituelen. Minsken dy 't meidwaan wolle oan de meditaasjes (dy 't geregeld ek fia livestream fasilitearre wurde sille) kinne har oanmelde fia e-mail: organiseer@frij.frl.

Festivalgroep 

Dizze groep hâldt him dwaande mei de organisaasje fan it Frijheidsfestival op 27 augustus. Hast ideeën of ynformaasje dy 't mooglik bydrage kin oan it programma fan de dei? Mail dan nei festival@frij.frl.

Fideogroep 

Dizze groep wurket it fideokanaal fan Frij Fryslân op Youtube. Der is in ferskaat oan oanbod yn tarieding, dêrûnder ferskate oefeningen lykas sykheljen en persoanlike ferhalen oer sûnens en wat der mear te tafel komt yn Frij Fryslân. Hast ek ideeën dy 't bydrage kinne? Mail dan nei info@frij.frl.