Kies Jouw Geld Dag - Hurdegaryp

Kies Jouw Geld Dag - Hurdegaryp

Kom sneon 24 juny nei de Kies Jouw Geld Dag (Kies Dyn Jild Dei) yn Fryslân fan Keuze Vrij Bij Mij en Frij Fryslân

Op sneon 24 juny organisearret Keuze Vrij By My yn gearwurking mei Frij Fryslân de Kies Jouw Geld Dag yn Fryslân. Hjir ûntdekst alles oer nijsgjirrige alternativen dêr't wat fan ferwachte wurde kin foar it falende jildsysteem en de CBDC. En hoe 't je dermei oan de slach gean kinne. 

Wêrom dizze dei? Hiel simpel. Ynstee fan dy soargen te meitsjen oer stiigjende prizen, in nije ekonomyske krisis, it ôfskaffen fan cash jild of de komst fan programmearber jild (de digitale euro of CBDC) wêrby 't oerheden en banken kontrôle krije oer dyn beurs, kinst better dyn omtinken rjochtsje op de alternativen op it mêd fan jild. Want dy binne der!

By de Kies Jouw Geld Dag sette wy in oantal fan dizze geweldige inisjativen foar dy op in rige. Fryske en (ynter)nasjonale. Sa silst harkje nei lêzingen fan Ronald Bernard (URA ), Anthony Migchels (Florijn ), Bart van Meulenbroek (Friling ), Lenie Braks & Petra Vlutters (Fryske Euro) en Serhan Meewisse (Bitcoin ).

Yn it panelpetear kinne je de sprekkers (kritysk) befreegje en op de ynformaasjemerk ûntdekke hoe 't je der praktysk mei oan de slach kinne. Yn dizze fideo fertelt Olaf Weller fan Keuze Vrij By My der mear oer: https://vimeo.com/829359028 

Spesjaal foar dy hawwe wy dizze koartingskoade wêrmei'tst € 5, - koarting krijst op dyn ticket: 5 KJGDFR 247 

Sjoch foar mear ynfo en reservearje dyn plak hjirre.

links

Vragen? Mail ons!