Graanbroeders (Graanbruorren) - Goud(h)earlik Gaasterlân

Graanbroeders (Graanbruorren) - Goud(h)earlik Gaasterlân

No moandei stiet de twawyklikse ynrin yn it ramt fan Lânbou en Iten. Yn oanrin dêrhinne stelle wy de boeren yn Frij Fryslân foar. Elk hat in unike fyzje en bydrage oan de mienskip. Yn dit artikel diele wy mear oer Graanbruorren / Graanbroeders, in regeneratyf ikkerboubedriuw yn Harich.

Oer it bedriuw 

It bedriuw sleat yn desimber ferline jier oan by Frij Fryslân as "FARMily", in famyljebedriuw mei in winkel mei eigen biologyske grienten en tal fan oare produkten en in ikkerboubedriuw dat oergranen en ierappels ferbout op Gaasterlânske boaiem. 

Ferline wike sneon lânsearren de bruorren Jan en Anne de nije namme fan it bouboubedriuw: “Graanbroeders”. It markearret harren ambysje om te gean foar it regionaal ferkeapjen fan de oergranen fan in sûne boaiem en de lokale nôtketen - fan boer nei konsumint - wer te werstellen.

Oergranen binne âlde nôtsoarten dy 't net feredele of modifisearre binne. Sa bliuwe de natuerlike eigenskippen en aroma's fan it nôt behâlden. Se hawwe in hege fiedingswearde, in rike smaak en in unike tekstuer. De oergranen binne ûnder oare spelt, weet, rogge, iengrime, amer en hjouwer. De ierappels binne in wikselteeltgewaaks dat goed past by it ferbouwen fan granen. 

Sa komme der fan 'e pleats yn Harich twa produkten dy 't yn ús deistich iten net wei te tinken binne, de granen foar ús brea en ierappels.

Unyk oan it bedriuw is dat it op eigen lokaasje de granen en ierappels ferwurket ta in einprodukt en sels ferkeapet en leveret oan bakkers en lokale hoarekabedriuwen. Der is in ambachtlike mûnestien oanskaft en Anne hat de knypkes fan it fak leard fan mûnder Cees dy 't al inkelde jierren harren nôt ferkeapet ûnder de namme Mole 't Lam. Fan 'e ierappels meitsje se hearlike boerefriet en foarsjogge der hoarekabedriuwen yn 'e regio fan.

Besjoch ek ris de Frij Fryslân bedriuwsreportaazje.

En bring ris in besite oan de FARMily winkel.

Fyzje 

Graanbroeders wol sjen litte dat it mooglik is om op regenerative wize en mei lokale ôfset fan de eigen gewaaksen in sûn bedriuw te runnen. Se wolle sûn iten foar de mienskip produsearje en oare boeren ynspirearje om te folgjen. 

Gaasterlân wie fan oarsprong in regio dêr 't nôt ferboud waard. Graanbroeders brocht de nôthellen wer werom yn it lânskip.

“It is in unyk streekprodukt. De rassen dy 't al jierren op it bedriuw ferboud wurde krije in eigen karakter, nimme de geur en smaak oan fan de bosken en njonkenlizzende gewaaksen," seit Anne. 

Jan en Anne wurkje gear mei de natuer en kieze harren gewaaksen soarchfâldich om de boaiem sûn te hâlden. Alles begjint nammentlik by in sûne boaiem. Se brûke gjin keunstdong of bestridingsmiddels, mar natuerlike dongstoffen en kompost. De âlde oerrassen binne warber en dogge it goed sûnder ûnnatuerlike helpmiddels. Bisten weidzje op harren lân om de boaiem te ferrykjen en der wurdt bewust mei wetter omgien. In part fan it bedriuw is al biologysk sertifisearre en nei ferwachting is it dat oan de ein fan it jier folslein. De produkten dy 't se meitsje lykas it moal en de blom binne al 100% puer, sûnder tafoegings of bewurkings.

In koarte keten, fan produsint nei konsumint, soarget derfoar dat se in earlike priis biede kinne en dat de negative ympakt op ekosystemen sa lyts mooglik is. Wer wurkje mei de ambachten, lykas it meallen en bakken is dêrby needsaaklik. 

“It is ús winsk dat minsken dy ’t troch de Fryske Marren fytse sjen kinne wêr ’t harren iten ferboud wurdt. Sa drage wy by oan bewustwurding by de konsumint. Yn de winkel op ús hiem hawwe se rjochtstreeks tagong ta de produkten dy 't fan ús lân komme," seit Jan. 

Wolst it Gaasterlânske goud bewûnderje? Folgje dan yn 'e maitiid ris dizze fytsrûte by de fjilden del.

Bedriuwsmodel 

Fan gongbere kontraktikkerbou oerstappe nei in regeneratyf bedriuw giet net fan de ien op oare dei. It is in proses dat acht jier lyn al ynset is. It duorret bygelyks jierren foardat de boaiem wer sûn is en gewaaksen der sûnder (keunst)dong groeie kinne. It freget om in hiel oare wize fan ûndernimmen, ynvestearjen en risiko's nimme.

By kontraktikkerbou wurde alle gewaaksen troch guon ôfnimmers ôfnaam en geane se meastal de grins oer, of yn it gefal fan de nôt, wurdt it ferwurke ta feefoer. Dat bliek gjin duorsume wize fan ferbouwen, ek finansjeel sjoen net. De gongbere gewaaksen binne kwetsber foar sykten en dat makket it bedriuw kwetsber foar mislearre rispingen. It docht bliken dat de âlde nôtrassen sykten en feroarlike waarsomstannichheden folle better treast binne.

It lokaal ferkeapjen fan de produkten oan bakkers en hoarekabedriuwen freget om it ûntwikkeljen fan heechweardige produkten, it opsetten fan nije ferkeapkanalen en ynvestearjen yn masines yn it ferwurkingssintrum, lykas de mûnestien. De bruorren hawwe hjir yn it ôfrûne healjier grutte stappen yn set en konkludearje dat de nije koers kloppet.

Graanbruorren fokust no op it ferwurkjen fan har oergranen ta heechweardich moal en blom. Dizze produkten binne tige populêr by bakkers dy't de kwaliteit en it ferhaal efter harren produkt wichtich fine. In grut part fan de foarried giet nei desembakkers dy 't der hearlike bôlen fan meitsje.

De gearwurking mei thúsbakker Andjelka út Harich en Bakkerij Breimer soarget derfoar dat bôlen en broadsjes breed ôfset wurde kinne. Dizze produkten wurde ek yn de winkel fan FARMily ferkocht.

It hiele proses fan siedzjen ta levering fynt yn Harich plak. Dit soarget foar legere kosten, in goede opbringst foar de boer en in betelber produkt. Der is gjin sprake fan ûnnedige tuskenhannel en transport. Dit makket dat harren produkten tagonklik binne, neist de oare foardielen lykas in bettere smaak en sûner produkt.

Wêrom by Frij Fryslân 

FARMily stie ferline jier op it Frij Fryslân Frijheidsfestival en kaam op dizze dei yn 'e kunde mei de koöperaasje en mienskip. Se besleaten harren by Frij Fryslân oan te sluten fanwegen de fyzje om te bewegen nei in maatskippij dêr 't it boerebedriuw wer midden yn de mienskip stiet.

Sûnt se lid binne hat der weardefolle útwikseling west. Yn desimber ferline jier hawwe se de Midwinterfair host en yn gruttere en lytsere gearkomsten hawwe se hearlike speltbroadsjes ynbrocht foar de mielen. Alle wiken binne der twa oant trije leden fan Frij Fryslân dy 't trije oeren helpe op de pleats mei wurksumheden lykas broadsjes ferpakke, skjinmeitsje en besoargje oan klanten.

Moandei op de temagearkomste Lânbou en Iten wurde harren Harichske ierappels servearre.

Temagearkomste moandei 2 oktober 2023 en meidwaan 

Hast in boerebedriuw of in oar bedriuw of projekt om lânbou, iten en natuer hinne? Dan bist fan herte útnûge om moandei no 2 oktober yn 'e kunde te kommen. Dizze jûn stiet yn it ramt fan it tema Lânbou en Iten. Wy biede dizze jûn in breed programma mei iten fan de boeren, in ferkeaphoeke, workshops (û.o. wecken), in ynhâldlike dialooch oer finansiering foar boeren, bedriuwspresintaasjes en op te starten projekten oangeande grientetunen en elektrokultuer.

Ek ast dy jûn net kinst, bist fan herte útnûge om in e-mail nei info@frij.frl te stjoeren. Dan wurdt der kontakt mei dy opnommen.

links

fideo

Vragen? Mail ons!