De School of Understanding (gastbydrage)

De School of Understanding (gastbydrage)

De ' School of Understanding ' is in ynnovatyf ûnderwiisprogramma dat rjochte is op de yntellektuele groei fan adolessinten. Hjir draait alles om de studinten, dy 't de frijheid krije om harren eigen wrâldbyld te foarmjen sûnder strikte kaders of beheinings.

Dosint Tjeerd Andringa spilet in krúsjale rol as gids yn it opbouwen fan kennis en as hoeder fan kwaliteit. Hy moediget studinten oan om nei te tinken oer wat se leare wolle en daget harren út om harren ideeën en oertsjûgingen te ûnderbouwen. De School of Understanding is foarige moanne fan start gien.

Yn it learproses is it de bedoeling dat studinten sels de basis lizze foar harren begryp fan útienrinnende, foar in part troch harsels keazen ûnderwerpen. It draait net allinnich om hoefolle ynformaasje, mar benammen om de kwaliteit en djipgong derfan, wat soarchfâldich begelaat wurdt troch de dosint. Tjeerd moediget de studinten oan om de ûnderwerpen út ferskate perspektiven wei te benaderjen en om ferbannen te lizzen tusken ferskillende fakgebieten. Dêrby putte de studinten net allinnich út akademyske boarnen, mar ek út harren eigen deistige ûnderfinings, lykas teksten, boeken, podcasts, of situaasjes op harren wurk of staazje.

Op basis dêrfan kreëarje studinten flashcards, dy 't fungearje as stipe foar it ûnthâld. Op de iene kant stiet in fraach of oanwizing, en op de oare kant it antwurd. Dizze flashcards wurde organisearre en beheard mei help fan it programma Obsidian. Obsidian stelt brûkers by steat om ynterne ferbiningen te lizzen tusken harren notysjes en dy ferbiningen te fisualisearjen yn de foarm fan in grafyk.

De flashcards foarmje mei-inoar in web fan goed fundearre, troch harsels opboude kennis oer ferskate aspekten fan de wrâld. It úteinlike doel is om in realistysk en produktyf wrâldbyld te ûntwikkeljen, wat mank giet mei selsûntjouwing, akademyske groei, en de feardigens om takomstige ûntjouwingen te foarsizzen. Dat jout studinten in stevige basis om har eigen paad selsstannich en doelrjochte te ferfolgjen. De webside fan de School of Understanding, dy 't ek mei Obsidian boud is, biedt in ynsjoch yn dit proses.

Studint Bonne Cato oer de School of Understanding 

It perfekte ûnderwiiskonsept is eat dêr 't ik sûnt ik op skoalle sit oer nei tink. k keas hieltyd foar in middelbere skoalle, hbo-oplieding en universitêre oplieding mei in alternatyf ûnderwiiskonsept. Hoewol 't ik tige tankber bin foar dizze ûnderfiningen en ûntwikkeling, bleau ik de fraach stellen en op syk nei ‘it perfekte ûnderwiiskonsept’. Ien dêr 't de fokus op de yntinke motivaasje fan in studint leit, it bûten de kaders tinke en bewege meie en dat meigiet mei de technologyske ûntwikkelingen. 

Op dizze reis woe ik my alle kearen ûntwikkelje en sykje, sadat ik de stap nei de universiteit naam. By dizze stúdzje murk ik dat ik longere nei mear frijheid om myn eigen ûndersyk te dwaan en fragen te stellen bûten de grinzen fan in spesifike ideology. Op 'e nij bleau ik bûten de kurrikulumgrinzen op syk nei nije kennis en ynsichten. Thús lies ik boeken, harke ik nei podcasts en dûkte ik djipper yn ûnderwerpen dy 't my útdage en yntrigearren. Dizze persoanlike syktocht brocht my in soad foldwaning, mar ik koe it net altyd ferwurkje binnen de tradisjonele universitêre kontekst. Dêr baalde ik bot fan en dat soarge derfoar dat ik altyd efter de feiten oanrûn mei wat myn stúdzje fan my ferwachte.

Ik frege my hieltyd faker ôf wat ik woe mei myn ferfolchstúdzje en hokker fierdere stappen ik meitsje woe. It wie by dizze syktocht dat ik it ferhaal fan Tjeerd en syn konflikt mei de Ryksuniversiteit Grins ûntduts. Ik tocht allinne mar: ‘Dit is de dosint dy ’t ik hawwe wolle soe en dy ’t ûnderwiisynstellingen nedich hawwe om te ynnovearjen en om harren studinten better op te lieden’. Dêrom stjoerde ik him in berjocht mei de fraach oft er faaks fan doel wie om sels in ploechje studinten te ûnderwizen. Tjeerd befêstige dat er dwaande wie mei it ûntwikkeljen fan syn eigen stúdzjeprogramma. Dit nijs ferfolle my mei blidens, want it iepene de doar nei in ûnderwisomjouwing dêr 't ik fierder gean koe as de tradisjonele grinzen fan it kurrikulum, profitearje koe fan technologyske foarútgong en myn eigen akademyske paad folgje. 

Hoewol 't wy noch mar oan it begjin stean fan dit aventoer, hat de metoade fan de flashcards foar my al bewiisd dat it myn kennisstruktuer en oantinken ferbetteret. De strukturearre oanpak helpt my om ferbannen te lizzen en myn kennis te befreegjen, wat my selsfersekerder en konsistenter makket. It set myn wrâldbyld soms efkes op 'e kop, wat my tige motivearret om fierder te studearjen en op 'e syk te gean nei nije antwurden. Ik sjoch ferskriklik út nei myn tiid by de School of Understanding.

Oer Tjeerd Andringa 

Dr. Tjeerd Andringa studearre natuerkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Nei syn stúdzje waard er frege om de oplieding Kunstmatige Intelligentie mei te helpen foarmjaan. Hjir hat er in soad leard oer it ferskil tusken keunstmjittige yntelliginsje en natuerlike kognysje.

Hy is promovearre op de earste stappen fan de signaalanalyze fan it minsklike gehoar. Earst foar spraakwerkenning, letter foar agresjedeteksje en no foar soundscape ûndersyk. Hy is no ekspert yn lûdsbelibbing en de belibbing fan de wrâld yn it algemien by SoundAppraisal.

Yn 2014 waard er, neidat er in fisydokumint oer it doel fan universitêr ûnderwiis skreaun hie, frege om mei te helpen mei it opsetten fan in Liberal Arts and Sciences oplieding. Dêrfoar ferdjippe er him yn epistimologyske ûntwikkeling by adolessinten. Dit beskriuwt hoe 't jongfolwoeksen har al of net ta selsstannige tinkers ûntwikkelje.

Syn besykjen om selsstannich tinken en wiisheidsûntwikkeling oan 'e universiteit te promoatsjen, waard tige op priis steld troch de studinten, mar net troch eltsenien oan de universiteit. Dat late nei 30 jier ta syn ûntslach. Ien en oar is beskreaun yn dizze fideo dy 't djipper yngiet op yntellektuele ûntwikkeling.