Boert Bart - werom nei minsklikheid en sûne natuer

Boert Bart - werom nei minsklikheid en sûne natuer

Op twa oktober stiet de twawyklikse ynrin yn it ramt fan Lânbou en Iten. Yn de oanrin dêrhinne stelle wy de boeren yn Frij Fryslân foar. Elk hat in unike fyzje en bydrage oan de mienskip. Yn dit artikel diele we mear oer Boer Bart, in biologysk feeteeltbedriuw en boarterspleats yn Rotstergaast.

Boer Bart 

Bartele en Rianne Holtrop kochten as krekt troud stel harren pleats tsien jier lyn om der te buorkjen yn harmony mei de natuer. Se woene der in lânboubedriuw realisearje dat sa puer is dat it tûzen jier bestean kin. Miskien hawwe jim it bedriuw foarby kommen sjoen yn de media de ôfrûne wiken. Se hawwe in moedige stap set nei autonomy troch de pleats te dielen mei tûzen minsken yn de foarm fan obligaasjes. Sa komme se ta in pleats dy 't tûzen jier bestean kin. Fol fertrouwen en leauwe, frij fan banklieningen en koartetermynwinsten. It bedriuw wol in ynspiraasjeboarne wêze foar de nije wrâld, in “ Nije Fryske Pleats ”.

Fyzje

Bartele en Rianne ûntwikkelen de pleats sa dat dy folslein gearwurket mei de natuer en past yn de omjouwing. Hja kombinearje op de pleats alle fasetten fan de natuer om te wurkjen oan iten fan hege kwaliteit dat net allinnich streksum is, mar foaral bydraacht oan de lichaamlike en geastlike sûnens fan de minske. De pleats is miljeusuver, bistfreonlik en enerzjyneutraal. De bisten wurde serieus naam yn harren karakter en gefoel. De oplossingen foar de takomstige lânbou lizze neffens Bartele en Rianne yn de natuer en net yn technyske prosessen. Dêrom wurde der gjin gemyske middels brûkt om produksjes te ferheegjen. Boer Bart wurket mei âlde rassen, en der wurde planten, blommen en beammen op de pleats plante, sadat de kringloop ryk, robúst en sûn wurdt en bliuwt.

“Foarút nei de oarsprong” 

De ynspirearjende missy fan Bartele en Rianne is om in tiidleas systeem te kreëarjen op in pleats dy ’t oer tûzen jier noch bestiet. Nei tsien jier boeren binne se in hiel ein op wei en sjogge se dat der in soad mooglik is om bioferskaat werom te bringen en wearde te kreëarjen. It bedriuw hat ek in sosjale funksje en biedt njonken molke, fleis en aaien ek in wurk - en learplak oan minsken dy 't efkes net meikomme kinne yn de maatskippij. Minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk, dy 't graach wer mear mei harsels yn kontakt komme en wer mear ferbine wolle mei de natuer en puer ite. Dat is suksesfol. "Nei alle gedachten omdat ús pleats sa goed mei de grûn ferbûn is," sizze Bartele en Rianne.

Bedriuwsmodel - belutsenheid kreëarret tink - en kreaasjekapasiteit 

De basis fan it bedriuw bestiet út in biologyske melkfeehâlderij, weidende hinnen, in restaurant en in boarterspleats. Der wurdt troch de kij fan Boer Bart molke produsearre, de hinnen leverje hearlike aaien en der wurdt fleis fan eigen bisten ferkocht. De oanfoljende bedriuwsaktiviteit is de boarterspleats mei hoarekagelegenheid. Dit plak is fêst bekend by in soad minsken mei jonge bern. Se wurkje der mei de produkten fan eigen buorkerij en as it slagget mei produkten fan lytse ûndernimmers út de regio. Op dy wize hat net allinnich Boer Bart baat by de besikers, mar ek de lytse ûndernimmers mei moaie produkten út de regio. Troch it dielen fan de pleats yn de foarm fan obligaasjes binne in soad minsken út de omjouwing en dêrbûten ûnderdiel fan it bedriuw. Het zorgt voor een enorme betrokkenheid en dat creëert een gigantische denk- en creatiecapaciteit. "Want as tûzen minsken út betrouwen wei gearwurkje ûntstiet der wat dat we no net betinke kinne", seit Bartele. Ynienen is alles mooglik, lykas rigen mei fruitbeammen foar in ‘pluk-supermerk’ of it oanpassen fan it natuerlike sloatesysteem foar it ‘kweken’ fan iel en fisk. Bartele is nammentlik wis dat natuer, lânbou en sûn libben inoar fersterkje. Foaral as wy doare te sjen nei hoe 't yn de natuer alles mei-inoar gearwurket.

Ambysje - itensbosk en soarchplak 

Dreaun binne Bartele en Rianne wis. Fjouwer sûne soannen fierder en midden yn de obligaasjekampanje komme de dreamen foar koöperaasje “Nije Fryske Pleats U.A.” yn in streamfersnelling. Trochdat de buorman syn grûn te keap set hat, wurde de plannen om fan de pleats in platfoarm te meitsjen foar folle mear as allinnich kij en hinnen twa jier earder makke. Der wurdt yn febrewaris in 'voedselbos' weefd oer de hiele pleats. Dat moat in soarchplak wurde dêr 't it ferbouwen fan iten, it omsjen nei minsken, oplieding, terapy en alles wat we no noch net betinke kinne byinoar komme. It is de bedoeling dat de koöperaasje in platfoarm wurdt foar dreaun en ûndernimmende minsken, dy 't mei passy en fertrouwen harren talint taheakje wolle oan de wrâld. 

Wêrom by Frij Fryslân 

Doe 't Bartele Frij Fryslân besocht like it as hiene de minsken yn Frij Fryslân syn eigen noarmen en wearden opskreaun. Noarmen en wearden dy 't oanjouwe dat gearwurkjen better wurket as tsjinwurkje. Wy kreëarje nammentlik saken út fyzje wei yn stee fan ús ôf te setten tsjin besteande systemen, gewoan om 't wy wer werom moatte nei minsklikheid en sûne natuer. Frij Fryslân biedt foar Bart de ferbining mei lykstimden en weardefolle konneksjes foar de projekten dy 't yn de opstartfaze sitte. Boer Bart is in pleats fan de mienskip.

Lês mear oer Boer Bart hjir: www.boerbart.nl 

Temagearkomste moandei 2 oktober 2023 en meidwaan

Hasto lykas Boer Bart in boerebedriuw of in oar bedriuw of projekt om lânbou, iten en natuer hinne? Dan bist fan herte útnûge om op 2 oktober yn 'e kunde te kommen. Dizze jûn stiet yn it ramt fan it tema Lânbou en Voedsel. Wy biede dizze jûn in breed programma mei iten fan de boeren, in ferkeaphoeke, workshops (û.o. ynmeitsjen / wecken ), in ynhâldlike dialooch oer finansiering foar boeren, bedriuwspresintaasjes en op te starten projekten oangeande grientetunen en elektrokultuer.

Ek ast dy jûn net kinst, bist fan herte útnûge om in e-mail nei info@frij.frl te stjoeren. Dan wurdt der kontakt mei dy opnommen.