Sektoaren dy’t yn Fryslân hiel sterk binne, binne rekreaasje en toerisme, lânbou, wettertechnology en hichtechbedriuwen. It takomstige frije Fryslân sil in ekstra ympuls jaan oan de famyljebedriuwen, koöperaasjes en it lyts- en middenbedriuw. Foar de organisaasje fan it wurk en it ekonomyske bestean sil oansletten wurde by de ieuwenâlde en suksesfolle formule fan de koöperative tradysje yn Fryslân.
Wat it wurk yn Frij Fryslân oanbelanget wurde dizze koöperative grûntrekken yn it Fryske folk ta in útgongspunt nommen. It partikuliere en it koöperative kinne njonken elkoar en yn konkurrinsje mei elkoar bestean. Mei in koöperative organisaasjefoarm kinne in soad bedriuwen en lytse wurkgelegenheid yn Fryslân rêden wurde.
By produksje giet it benammen om it meitsjen fan heechweardige produkten, sawol as ûnderdiel en ek as einprodukt. It soe foaral oanbefelling fertsjinje, dat de technyk fan 3D-printsjen by foarrang ta ûntwikkeling komt. Fierders kinne wy ek tinke oan de mooglikheden fan it op alle mooglike fernijende wize ferwurkjen fan ‘griene grûnstoffen’. De foarming fan koöperaasjes soe ek in grutte stimulâns wêze kinne by it ynstânhâlden fan lytse doarpen. Moaie foarbylden fan koöperaasjes yn Fryslân wienen de Frico, it Condens, de Suvelbank (letter Friesland Bank) en folle earder de ‘dykplicht’ om de seediken oan te lizzen en te ûnderhâlden.
De ûnderfiningen yn de stêd Arrasate Mondragón (net fier fan Bilbao) kinne as ynspiraasje tsjinje. Dêr wenje 75.000 minsken en bestiet in bloeiende oerkoepeljende koöperaasje, dy’t wurk ferskaft oan 82.174 meiwurkers, en dy’t súksesfol de finansjele krisis fan 2008 trochstien hat. By dizze koepel binne 120 koöperaasjes oansletten, dy’t allegearre oanstjoerd wurde troch de wurknimmers. It is begûn yn 1943 mei in inisjatyf fan in pleatslike pastoar. Der kaam in skoalle, en letter ek in bank. Ûnderwilens hearre ta de koöperaasjekoepel in universiteit en alle mooglike hiel moderne bedriuwen mei in soad moderne produksje. Yn 2013 wie de jieromset 15 miljard euro.
Mei in Frij Fryslân hawwe de minsken sels ek wer it foech oer it stimulearjen fan de ekonomy. Ut wittenskiplik ûndersyk hat bliken dien dat regio’s en lannen dy’t sels sizzenskip hawwe oer harren eigen ekonomy, it ek signifikant better dogge yn termen fan BNP en wurkgelegenheid. Dêrmei kin Fryslân ek wer in takomst biede oan talintearre jonge minsken, dy’t no hast allegearre nei plakken bûten Fryslân ta geane foar stúdzje of wurk.
Doel fan it ekstra jild foar ekonomy en ekstra sizzenskip dêroer is benammen om it MKB te helpen. Mei it weinimmen fan oerstallige regels, it fasilitearjen fan bedriuwen en in goede oansluting tusken ûnderwiis en arbeidsmerk. Frij Fryslân krijt wer in folslein pakket oan foarsjennings, wat ek goed wêze sil foar de wurkgelegenheid. In eigen, brede folweardige universiteit soarget foar it behâld fan jonge, talintearre minsken yn de regio. Dit sil ek de krimp en de braindrain tsjingean en soargje foar in ekstra ympuls foar bedriuwichheid, wurk en ekonomy.