Wetter

Wetter

Skjin wetter is fan libbensbelang foar ús as minsken, mar ek foar bisten en de natoer. Fryslân hat it meast skjinne wetter fan hiel Nederlân. Djip ûnder de grûn binne lagen oanwêzich dy’t fierhinne frij binne fan bestridingsmiddels, gemyske- en oare fersmoargings. Yn Frij Fryslân wolle wy dat sa hâlde, dêrom is it fan belang om goed mei de grûn om te gean, mei sûne lânbou en mei goede suveringstechniken fan it wetter.

Drinkwetter

Fryslân hat it meast skjinne wetter fan hiel Nederlân. Vitens hat 12 lokaasjes yn Fryslân dêr’t se skjin drinkwetter produsearje. Yn totaal mear as 450 miljoen m3 per jier. Fryslân kin himsels rêde mei it drinkwetter. 

Foardat NUON Water (1999) ûntstien is, hie Fryslân syn eigen ‘Waterleidingsbedrijf Fryslân’. Yn 2002 is dat opgien yn Vitens, dêr’t de provinsje Fryslân no 13% fan de oandielen hat. Frij Fryslân krijt fansels wer syn eigen publike drinkwetterbedriuw.

Yn Ljouwert is it eigen laboratoarium fan Vitens fêstige, dêr’t mikrobiologysk en gemysk ûndersyk dien wurdt nei (grûn-)wetterkwaliteit. It laboratoarium ferwurket alle dagen hûnderten wettermeunsters en is foar it grutste part automatisearre. Yn Frij Fryslân bliuwt dat laboaratoarium gewoan bestean. It is fan grutte wearde  foar de kwaliteit fan it wetter foar hiel Fryslân en alle oare gebieten dy’t fan de tsjinsten fan it laboaratoarium gebrûk meitsje wolle.

Skjin en suver hâlde

Foar it suverjen fan wetter fan húshâldens en bedriuwen binne troch hiel Fryslân hinne suveringsynstallaasjes. Wetterskip Fryslân fiert oer it algemien it behear dêrfan. Dêrneist hawwe guon bedriuwen ek eigen ynstallaasjes en hawwe ek minsken dy’t yn it bûtengebiet wenje in IBA-ynstallaasje (yndividuele behanneling fan ôffalwetter). Oer it algemien funksjonearret dat goed. Punten fan omtinken binne wol it nitraatgehalte yn it wetter, bestridings- en gemyske middels dy’t lêstich te filterjen binne en de kosten fan de systemen. 

Om foar te kommen dat de suveringssystemen oerbelêste reitsje, wurdt yn Frij Fryslân reinwetter ûntkeppele fan it rioelsysteem. Troch it lânbousysteem grûnbûn en biologysk te meitsjen, sil it boezemwetter ek folle skjinner wurde. Dêrneist sil mei help fan nije technologyen fan bedriuwen yn it wetterkluster yn Ljouwert (Wetsus) wurke wurde oan fierdere optimalisaasje fan de wetterkwaliteit. Mar ek alâlde techniken lykas helofitefilters kinne ynsetten wurde. Om in skjinne ûndergrûn te hâlden is der gjin gaswinning mear en is ‘fracking’ ferbean.  

Seediken, dunen en wetterskip 

In wichtige organisaasje yn Frij Fryslân is Wetterskip Fryslân, dat de soarch foar de seediken, dunen, boezemkaaien ensfh. op him nimt. Sadanich, dat Fryslân drûge fuotten hâldt, sa’t dat hjit. Dêrby kin de nijste technology brûkt wurde om de sterkte fan diken en dunen yn de gaten te hâlden.