Op enerzjygebiet hat Fryslân in hiele rike posysje. Der is hjir in protte ierdwaarmte ûnder de grûn, der kin gebrûk makke wurde fan waarmte út wetter (akwatermy), wetterstof en sinne en wyn kinne bydrage oan eigen opwekking. Koartsein: Fryslân wurdt selsfoarsjennend mei enerzjy. Sûnder dat it lânskip dêr fan te lijen hat.
Neffens ûndersikers fan de TU Twente (2017) sil Fryslân om 2050 in ferbrûk hawwe fan sawat 58,0 PJ (PetaJoule). Op dit stuit is it ferbrûk 62 PJ. It giet dêrby om de yndustry, om de boude omjouwing (huzen/gebouwen), transport en mobiliteit en lânbou, boskbou en fiskerij. In part fan it enerzjyferbrûk fan no kin besparre wurde troch isolaasje, technologyske fernijing en nije takomstige huzen/gebouwen mei (hast) gjin enerzjyferbrûk. Dat is de projeksje by it no foarnommen belied.
In hiel grut part fan de enerzjy kin yn de takomst opwekt wurde mei it al boude wynmolepark by de Ofslútdyk (382 MW). Mei dêrtroch kinne in soad fan de besteande mûnen op lân (boppe de 20/30 meter) ferdwine. Geotermy kin tapast wurde by de gruttere plakken fan mear as 10.000 ynwenners en by plakken (tink oan kassen yn Noardwest Fryslân) dêr’t in soad waarmtefraach is. Neffens berekkenings kin leafst 2.000 ha oan sinnepanielen op dakken oanlein wurde. Dêrby giet it om PV systemen (foar elektrisiteit) mar ek PV/T (elektrisiteit én waarmte). By sneldiken en op oare plakken dêr’t it it lânskip en fruchtbere lânbougrûn net skeint (tink oan eardere stoartplakken of bedriuweterreinen) kinne ek sinneparken oanlein wurde. Ta beslút kin, lykas no ek, op beskieden skaal hout dat frijkomt by it snoeien fan houtsingels en it ûnderhâld fan beammen yn Fryslân sels brûkt wurde foar skjinne houtkachels mei heech rendemint (spekstien- of Finske kachels). Dêrby giet it om 3,0 PJ. It is perfoarst net de bedoeling om biomassa te ymportearjen út oare lannen.
Yn de rin fan de tiid ûntsteane der ek wer nije technologyen en dêrtroch nije mooglikheden. Tink oan akwatermy, wat neffens berekkenings yn Fryslân yn 60% fan it enerzjyferbrûk dekke kin. Fierder is der de ûntjouwing mei ‘Blue energy’ fan Wetsus, wat gebrûk makket fan it ferskil yn ioanen tusken sâlt en farsk wetter. Yn potinsje kinne by Harns en de Ofslútdyk ynstallaasjes komme foar mear as 450.000 húshâldens. Utsoarte wurdt ek tocht oan frije enerzjy. De technology is der, mar wurdt foar de ynwenners ferburgen holden. Frij Fryslân jout frije enerzjy de romte!
Oandachtspunt is wol om enerzjy yn hannen te hawwen of te krijen fan de Fryske mienskip. Mei it each op de akseptaasje fan ynstallaasjes, wynturbines en sinneparken is it fan grut belang dat der sprake is fan partisipaasje fan de mienskip. Utgongspunt is dat mear as de helte (>50%) yn hannen is fan de Fryske mienskip en dat it netwurk sels yn hannen bliuwt fan de ynwenners fan Fryslân. Fierder sille yn de takomst hieltyd mear bewenners, bedriuwen, doarpen en wiken ‘los’ kinne fan it netwurk. Hja foarsjogge harsels dan fan enerzjy, troch lokale opwekking en opslach. Hja binne dan folslein ûnôfhinklik as it om waarmte of elektrisiteit giet en kinne tagelyk fiks besparje of de kosten dêrfan.