Oersjoch Tema- en wurkgroepen septimber 2022

Oersjoch Tema- en wurkgroepen septimber 2022

Kom yn 'e kunde mei temagroepen en bou mei oan de takomst fan in Frij Fryslân! Hjirûnder fynst in oersjoch fan de groepen dy 't op dit stuit dwaande binne. Wolst mear witte? Mail ús dan fia info@frij.frl.

Lânbou 

De boer hat in wichtige rol dêr 't it giet om sûne lokale ekonomy, itensfoarsjenning en it behâld fan ús lânskip. In rap groeiende beweging is al op gong kommen om de boer ek wer midden yn de mienskip te pleatsen. Kom yn 'e kunde mei twa temagroepen dy 't op in eigen wize hjir in bydrage oan leverje. 

Finansiering: dizze groep siket nei nije finansieringsfoarmen dy 't mearwearde opsmite sille foar ynvestearders en de Fryske mienskip, lykas mear foedselsekerheid en in feilige belizzing fan harren jild. Dizze groep wurket gear mei minsken út de jildgroep 'boerekoops'. 

Mienskipsplak: Yn dizze groep wurdt in blaudruk ûntwikkele foar in Mienskipsplak; in brûzend sintraal punt yn en foar de mienskip. Lokale boeren en produsinten ferkeapje dêr harren iten, reststreamen wurde der omset yn moaie produkten en it is in moetingsplak dêr 't ek workshops en lêzingen hâlden wurde. Doel is ek dat hjirmei de ôfset fan Fryske boeren oan de lokale mienskip fergrutte wurdt. Op dit stuit wurdt wurke oan in bedriuwsplan foar in earste plak yn koöperaasjefoarm; in pilot dy 't oanset ta it realisearjen fan Mienskipsplakken yn hiel Fryslân. 

Sûnens 

Sûnenssoarch kin op in hiel soad manieren oars en better. Kom yn 'e kunde mei de temagroepen dy 't oan ferskillende fasetten wurkje dy 't bydrage oan holistyske, tagonklike en lytsskalige soarch. 

Brêge: it doel fan dizze groep is om ynspirearjende gearkomsten te organisearjen wêrby ’t professionals yn de komplemintêre sûnenssoarch ‘priuwerijen’ oanbiede om yn ‘e kunde te kommen mei dy terapyen. 

Finansjeel: dizze groep hâldt him dwaande mei ynventarisearjen en foarmjaan fan in alternatyf of alternativen foar de soarchfersekering sa 't wy dy kenne. 

Ynhâld: dizze groep ûntwikkelet lessen, trainingen en materialen dy 't minsken ynspirearje en oansette kinne ta in holistyske kyk op sûnens. 

Autonome wen - en leeffoarmen 

Dizze temagroep wurket oan in blaudruk foar ekodoarpen dy 't startende inisjativen ynspirearje en op wei helpe kinne. Ek wurdt der sjoen nei mienskipsfoarming oangeande lokale produksje fan iten. De groep bringt besteande projekten yn Fryslân en mooglikheden foar nije yn kaart. Dizze dielprodukten kinne ek brûkt wurde foar bewustwurding en it motivearjen fan boeren om mei de mienskip in takomstperspektyf en nije libbens - en wenfoarmen te realisearjen. Nim kontakt op ast kennis oer besteande inisjativen hast, meidwaan wolst yn de wurkgroep of op in oare wize mei de groep te ferbinen. 

Enerzjy 

Fryslân autonoom: hoe sjocht autonoom en selsfoarsjennend Fryslân op it mêd fan enerzjy derút? Dizze temagroep hat in ynspirearjend senario útwurke en kin de ynbring fan elkenien brûke om in ambisjeus plan sterker te meitsjen. 

Frije enerzjy: dizze groep is konkreet oan de slach mei proefopstellingen en it sammeljen fan ynformaasje. Lit dy ferrasse troch dizze pionierjende bouwers. 

Jild 

Dizze temagroep is úteinset mei in ynventarisaasje fan de ferskate alternativen en efterlizzende meganismen foar útwikselingssystemen. Dêrneist wurdt der wurke oan in oplossing om binnen de koöperaasje útwikselje te kinnen. Ek is in eigen Fryske sulveren pinning yn de maak! 

Leare en groeie 

Frij Ûnderweis hat in fûnemint lein mei in bernefisy dêr ’t it ûnderwiisplatfoarm fan Frij Fryslân op ûntwikkele wurde kin. Der is dêrfoar in grut aksjeplan mei ferskate ûnderdielen, wêrûnder it ûntwikkeljen fan lesmateriaal en it bouwen fan in netwurk fan leararen en oare professionals. Bedoeld foar de koarte en lange termyn, wêrby 't noch in soad minsken oanheakje kinne om ûnderdielen út te wurkjen. Hast ûnderfining yn it wurkjen mei bern? Nim kontakt op om kennis te meitsjen! 

Wurk en ekonomy 

In online platfoarm is yn de maak om de Fryske toeristyske sektor en ekonomy te fersterkjen. Op dit platfoarm wurde hoareka - en oare ûndernimmers, eveneminten en bysûndere plakken sichtber makke. Kenst inisjativen, eveneminten, bedriuwen dy 't hjir ek in plakje fertsjinje. Wolst meidwaan of hast sels in idee om de Fryske ekonomy en wurkgelegenheid te stimulearjen? Wy hearre it graach fan dy

Bewustwêzen 

De minske is ûnskiedber ûnderdiel fan in bewustwêzen dat troch ferskate wrâldreligys en spirituele tradysjes ûnderkend mar hieltyd oars beneamd is. Dit bewustwêzenfjild is yntelligint en manifestearret him yn 'e materiële realiteit. Foar minsken yn Frij Fryslân is dit in wichtich útgongspunt. De groep Bewustzijn stipet mei tal fan aktiviteiten de hiele beweging fan Frij Fryslân. Mei de fuotten yn 'e klaai, mei kompassy, in iepen hert en in djip bewustwêzen fan 'e ferbûnens mei alles. Wolst mear witte? Nim dan kontakt op

Fideo- en mediagroepen 

Youtube-kanaal: dizze groep wurket oan it kreëarjen fan ynspirearjende ynhâld op it fideokanaal fan Frij Fryslân op Youtube. Der is in ferskaat oan oanbod yn tarieding, dêrûnder ferskate oefeningen lykas sykheljen en persoanlike ferhalen oer sûnens en wat der mear te tafel komt yn Frij Fryslân. Hast ek ideeën dy 't bydrage kinne, nim dan kontakt op

Frij Fryslân bioskoopfilm Wylst de jonge Okke tsjin syn wil yn de frijheidsstriid belutsen rekket, krijt er ûnferwachte help fan in mysterieuze man mei ûnierdske fermogens. In kombinaasje fan oer-Fryske skiednis, psychologyske dilemma’s, spiritualiteit en humor. Wolst meitinke en / of - dwaan, of bist gewoan nijsgjirrich? Nim gerêst kontakt op

Leafde 

Dy temagroep bout oan ûnderlinge belutsenens, ferbining, hoop en fertrouwen foar frijheid en autonomy. Mei-inoar diele wy ûnderfiningen fan leafde út, út elks suvere boarne fan leafde, los fan spiritualiteit of religy. Dit foar ynspiraasje. Omdat dielen fermannichfâldiget as in sniebaleffekt. ‘Each of us is the entire ocean in a drop’. Giest mei op ûntdekkingstocht? 

Biblioteek 

De earste stappen binne set mei in Frij Fryslân-biblioteek. Dit projekt is krekt opstart en sil fierder útwurke wurde yn de kommende moannen. Wolst mear witte? Mail gerêst.

links

Vragen? Mail ons!