Nije inisjativen steatsfrij ûnderwiis

Nije inisjativen steatsfrij ûnderwiis

It tal alternative skoallen waakst hurd oan. Yn dit artikel jouwe wy omtinken oan trije inisjativen dy’t dit jier de doarren hoopje te iepenjen. It giet om de basisskoallen yn oprjochting Libbenewiis (Ljouwert), Natuurlijk Wijs (Haulerwyk) en Wadwijs (Roodeschool, Grinslân).

Fyzje op minsk, bern en maatskippij

Oan de nammen fan ‘e trije scholen wurdt fuortendaliks dúdlik dat allinnich it 'wize' diel fan 'e 'ûnderwiis' komponint wurdearre wurdt. In oare oerienkomst is dat alle trije basearre binne op de natuerlike learkapasiteit fan 'e minske. De bern krije de romte om yn har eigen tempo har eigen gong te gean en mei elkoar en fan elkoar te learen.

De natuer en de direkte omjouwing wurde sjoen en brûkt as leslokalen. Dêrneist is der in yntegrearre learprogramma. Ien skoalle stelt eksplisyt dat gym net apart oanbean wurdt, mar yntegrearre is yn 'e oare klassen. De skoallen binne fierder  lytsskalich, sadat der genôch yndividuele oandacht is foar de bern.

De trije skoallen binne ek bewust fan elkoars inisjativen en wurkje dêr’t dat mooglik is gear.

Steatsfrij

Libbenewiis, Natuurlijk Wijs en Wadwijs binne alle trije saneamde “B3” of steatsfrije skoallen (yn oprjochting). De term B3 ferwiist nei in “school in de zin van artikel 1, onderdeel b, onder 3 van de Leerplichtwet 1969” oftewol “niet bekostigd primair onderwijs”.

De skoallen rêde har finansjeel dus folslein en folje it ûnderwiisoanbod nei eigen ynsjoch yn. Dêrmei binne se noch net yn syn hiele hear en fear frijsteld fan oerheidsbemuoienis, want de ûnderwiisynspeksje sjocht op de skoallen ta en bringt rapport út. Der wurdt kontrolearre oft it bern op dy skoalle wol foldwaan kin oan de wetlike learplicht dy’t alle minderjierrige bern hawwe. De eaksen binne ûnder oare dat it “onderwijs zodanig ingericht [is] dat leerlingen een ononderbroken ontwikkelproces kunnen doorlopen en is afgestemd op de voortgang in hun ontwikkeling”. Ek moat der in program oanbean wurde dat de bern yn acht jier trochrinne kinne en dat harren foldwaande tariedt op it middelber ûnderwiis.  

Dizze spesjale status bringt de nedige útdagings mei him mei. Steatsfrije skoallen binne ôfhinklik fan it skoallejild dat de âlden ynbringe. Fierder wurdt om ferskate redenen op de ynset fan de âlden rekkene: út praktysk eachpunt, mar ek om de kennis en feardichheden fan ‘e âlden brûke te kinnen yn ‘e lessen.

Crowdfunding

De skoallen binne noch yn oprjochting en kinne alle help brûke om harren dreamen te wier te meitsjen. Bring dus gerêst ris in besite oan harren websiden en draach as dat mooglik is by oan harren crowdfunding.