Lokaal iten

Lokaal iten

Mear as ea is it in goed idee om lokaal iten te keapjen en tagong te hawwen ta in boarne fan lokaal iten. It is sûn, duorsum en fertroud. Yn dit artikel rjochtsje wy ús op in pear inisjativen dy't lokale produkten tichterby bringe.

Ús Iten

Ús Iten is “de eerste voedselcoöperatie van Fryslân: [...] een coöperatieve vereniging van consumenten met als doel om op duurzame wijze voedsel te kopen.”

It prinsipe wurket lykas folget. Foar 30 euro kinst lid wurde. Dat jild is bedoeld om de administraasjekosten en de kosten fan ‘e koöperaasje te dekken. It lidmaatskip iepenet  de mooglikheid om yn te keapjen by de biologyske gruthannels Udea en De Nieuwe Band, krekt lykas by in grut tal lokale boeren.

Dêrneist leverest as lid in pear oeren wurk. Yn de measte gefallen setst as “merkmaster” spullen klear op sneontemoarn op it fêste ophelpunt yn Sibrandabuorren.

As koöperaasje mei leden ken Ús Iten in bestjoer en ferskate wurkgroepen, dy’t harren ynspanne foar beskate aspekten, lykas kontakten mei produsinten, IT en in putsjesploech. Yn in besletten platfoarmdiel (Mienskip neamd) kinne leden mei elkoar oerlizze en bygelyks oankeapen ôfstimme.  

Ús Hôf

Ús Iten is ûntstien út Ús Hôf  yn Sibrandabuorren. Dat geastesbern fan Michel Pauluis en Bregje Hamelynck is in permakultuer-túnderij en selsplôktún dêr’t minsken lid fan wurde kinne en op grûn fan dat lidmaatskip wykliks de grienten dy’t hja nedich binne sels rispje kinne.  

De Streekboer

Teffens is Ús Hôf in gearwurking oangongen mei it ôfhelpunt fan De Streekboer yn Snits. Mei De Streekboer binne mear as 60 boeren / produsinten út Fryslân en Grinslân ferbûn. Fia de webside kinne konsuminten in kar meitsje út de ferskate produkten dy’t oanbean wurde en dy op tongersdei en freed ôfhelje by ien fan de mear as 30 ôfhelpunten yn Fryslân en Grinslân.

Findfarm

In oar resint inisjatyf om boeren en konsuminten mei elkoar yn kontakt te bringen is Findfarm, in lanlik platfoarm dêr’t yntusken al mear as 950 boeren(winkels) by oansletten binne. Der binne sawat 90 boeren yn Fryslân oanmelden.

Findfarm wurket neffens in hiele simpele formule: alle boeren(en winkels) kinne harren fergees oanmelde. Der is net selektearre op biologyske organisaasjes of oarsom. By de beskriuwing fan de yndividuele boer(-ewinkel) kin de besiker lêze om watfoar soart bedriuw it giet. In simpele en pragmatyske formule dus.