Ynformaasjejûn Frij Fryslân

Ynformaasjejûn Frij Fryslân

Op woansdei 16 novimber o.k. jout in team fan Frij Fryslân in presintaasje yn Wyns.

Frij Fryslân wol ferbining meitsje mei oaren yn Fryslân dy't ek in earlike, nije en bettere wrâld bouwe wolle. En dy't hjir - tichtby hûs - oan meiwurkje wolle. Yndividuen, inisjativen en bedriuwen en ynstellings kinne gearwurkje oan in nij ekosysteem dêr't minsken en natuer sintraal yn steane.

Frij Fryslân organisearre koartlyn, op sneon 27 augustus, yn Riis it Frijheidsfestival dat sa'n 1500 minsken luts. Dêr't njonken artysten ek alle wurkgroepen fan Frij Fryslân en oare moaie inisjativen acte de présence joegen. Der binne in hiele protte positive reaksjes kommen. Troch de grutte belangstelling moast op in bepaald momint de ynskriuwing sletten wurde. Mei om dy reden liket it foar Frij Fryslân goed om de minsken dy’t op 27 augustus net komme koenen en fansels ek oare belangstellenden in kâns te jaan om yn de kunde te kommen mei alles wat der spilet en wat foar plannen en inisjativen der binne.

Op 16 novimber jouwe de inisjatyfnimmers fan Frij Fryslân mear ynformaasje oer de beweging en de koöperaasje. En hoe ast dy oanslute en meibouwe kinst. Fiel dy frij om te kommen, fan herte wolkom! 

Oanfang: 20.00 oere. 
Ynrin: fan 19.30 oere ôf. 

Adres: Levensschool Eigen Wijze, Wyns 8A, Wyns. (Wyns leit tusken Dokkum en Ljouwert.)

Graach reservearje fia de mail want it oantal plakken is beheind: info@frij.frl.

links

Vragen? Mail ons!