Frijheid en Ethiek

Frijheid en Ethiek

Yn it artikel oer frijheid dat wy yn de foarige nijsbrief publisearren, leine wy de relaasje tusken frijheid en ferantwurdlikheid.Wa ’t frij is, is tagelyk ferantwurdlik foar syn eigen dieden en rint al hast fuortendaliks tsjin de etyske ‘gouden regel’ oan: behannelje oaren sa asto sels behannele wurde wolst.

Yn dit artikel djipje wy dat etyske spoar noch wat fierder út oan 'e hân fan de ideeën fan Mark Passio, in ûnôfhinklike ûndersiker en anargist, oer natuerrjocht (Natural Law). Der is sûnt de klassike âldheid in hiel soad diskusjearre oer wat natuerrjocht is. It soe ús allegear oanberne wêze en fuortfloeie út ús natuerlike reedlikheid. Natuerrjocht soe te ferkiezen wêze boppe posityf rjocht (troch minsken makke wetten). Dizze noasje fan natuerrjocht, hoe wjerstribbich oft yn de praktyk ek om mei te wurkjen, hat oan de widze stien fan de Universele Rjochten fan de Minske.

Mark Passio hat as sein in wurkbere metodyk fan natuerrjocht makke. Hy keppelet frijheid eksplisyt oan moraliteit. En dat is nijsgjirrich.

Alderearst is moraliteit neffens him objektyf of absolút (men kin der net oer ûnderhannelje). ‘Goed’ is datjinge wat korrekt is (basearre op wierheid) en dat is moreel. Dat binne dus hannelingen dy 't yn oerienstimming binne mei de natuerwet om 't se gjin skea tabringe oan oare bewuste wêzens. ‘Fout’ is dan datjinge wat net wier is (net op wierheid basearre) en dat moat dus ymmoreel neamd wurde. Dat binne hannelingen dy 't yn striid binne mei de natuerwet om 't se skea tabringe oan oare bewuste wêzens..

De wet fan frijheid 

Passio keppelet dêrnei moreel gedrach oan frijheid. Hy seit: 'As minsken yn harmony mei de natuerwetten libje en dêrom moreel binne, wurde en bliuwe se frij. As minsken yn striid mei de natuerwetten libje en dêrom ymmoreel binne, wurde en bliuwe se ta slaaf makke. Oars sein: ‘Neigeraden de moraliteit tanimt, nimt de frijheid ta. Neigeraden dat de moraliteit ôfnimt, nimt de frijheid ôf.’

De keppeling tusken frijheid en moraliteit is op it earste each miskien opmerklik. Dochs blykt it by neiere beskôging oan te sluten op in teory fan William Strauss and Neil Howe (The Strauss-Howe Generational Theory) oer de libbensspanne fan in mienskip, dy 't ek in relaasje leit tusken moraliteit. Dizze libbensspanne wurdt steld op 80 oant 90 jier en is ûnderferdield yn perioaden fan 20 -22 jier. As we sjogge nei de lêste 80 jier fan de Westerske skiednis sjocht it plaatsje der sa út.

Libbensdoer fan in maatskippij 

  1. It Hichtepunt: sterke manlju kreëarje goede tiden (1950) 
    Liederskip is helder en sterk en rjochte op weropbou. De moraal en produktiviteit fan 'e minsken is heech. Der is in grutte sosjale koheezje en feiligens wurdt bean troch sterke ynstitúsjes.
  2. It Wekker Wurden: goede tiden kreëarje swakke manlju (1970)
    De nije generaasje komt yn opstân tsjin har ynstitúsjes en der ûntstiet mear yndividualisme yn de maatskippij. In feilige en wolfarrende ekonomy mei in fokus op sosjale dissipline begjint pasjonearre idealisten en aktivisten te kreëarjen. Dit is de Woodstock Generaasje.
  3. It útinoarfallen: swakke manlju kreëarje minne tiden (1990) 
    Der wurdt in generaasje folwoeksen dy 't opgroeid is mei in legere moraal en fokus op yndividuele rykdom. Lieders en ynstellingen binne swak en wurde sels bespot.

    It begjin fan sosjale disoarder is oeral fielber. Yn de jierren 90 waard habsucht ta in deugd ferheven (‘greed is good’).It makke net langer út hoe 't je ryk waarden, as je mar ryk waarden.
  4. Krisis: minne tiden kreëarje sterke manlju (2010) 
    In ferfeelde, doelleaze en betize generaasje groeit op yn in dochs al ûnrêstige mienskip. Jierren fan temin moraal, habsucht en korrupsje liede ta in krisis; finansjeel, sosjaal of geopolityk.

Wylst wy dus bouwe oan in nije maatskippij is it fan grut belang om ús bewust te wêzen fan de gefolgen fan ús gedrach. Us etyk en ús morele gedrach hat net allinne effekt op ús persoanlike frijheid, mar ek op de frijheid fan de hiele maatskippij.