De weromkear fan de koöperaasje

De weromkear fan de koöperaasje

De koöperaasje is werom. Yn fluch tempo wurdt dizze organisaasjefoarm op 'en nij ûntdutsen en útfûn. Ut ferskate foarbylden docht bliken dat koöperaasjes in goed wurkbere remeedzje wêze kinne tsjin globalisearring, skaalfergrutting en it fuortfloeien fan winst út de regio. De koöperaasje biedt boppedat in kâns om wer in echte demokrasy werom te bringen, wêryn 't minsken sels oan it stjoer komme en sizzenskip en ferantwurdlikheid krije oer harren direkte omjouwing. Yn dit artikel jouwe wy earst in koart oersjoch fan de opkomst en delgong fan de suvelkoöperaasjes yn Fryslân. Dêrnei litte wy sjen hoe 't yn de perioade fan dy delgong earne oars yn Europa der krekt hiele krêftige foarbylden fan suksesfolle koöperaasjes opkamen. Dizze kinne as ynspiraasje tsjinje om de koöperaasje ek yn Fryslân wer libje te litten, diskear yn de bêst mooglike foarm.

De Fryske suvelkoöperaasjes

Eartiids wie in Fryske pleats in bedriuwsienheid op himsels. Tsiis en bûter waarden op de pleats sels produsearre. Produkten waarden streekrjocht fan 'e pleats oan 'e lokale hanneler ferkocht, sawat kant en klear.

Ein njoggentjinde iuw berikte de Fryske lânbousektor in krúsjaal omslachpunt. Troch nije ûntwikkelingen, lykas fluggere transportmooglikheden en de opkomst fan yndustrialisaasje, naam de konkurrinsje út oare lannen ta. Foar Fryslân resultearre dat yn in djippe lânboukrisis. Boeren moasten goedkeaper produsearje of giene fallyt. In wichtige effisjinsjeslach wie it ferpleatsen fan yntinsive tsiis - en bûterberieding fan 'e pleats ôf nei suvelfabriken.

Om in fabryk te bouwen is in soad jild nedich. It is dêrom net ferwûnderlik dat de earste suvelfabriken stichte waarden troch fermogende partikulieren. Al frij gau fernaam in part fan de boeren dat dit net altyd yn harren foardiel wie. Sy sochten harren taflecht yn lokale koöperaasjes. Sa stiene se meielkoar sterk om lokale monopoaljefoarming fan grutte fabrikanten en hannelers tsjin te gean. Yn 1910 telde Fryslân 125 suvelfabriken, dêr 't 86 koöperaasjes fan wiene.

Gearwurkje binnen in boerekoöperaasje die fertuten. Neist pleatslike koöperative suvelfabriken ûntstiene ek koöperative oankeapferieningen foar lânbouprodukten en bedriuwsmaterialen. Om oan kapitaal te kommen waarden koöperative boerelienbanken oprjochte. Yn de jierren ’50 telde Fryslân likernôch hûndert pleatslike boerelienbanken en tsien oankeapferieningen.

Omdat ôfstimming tusken al dizze fabrykjes, bankjes en ferieninkjes wol effektyf bliek, stiene sy mei-inoar yn kontakt fia provinsjale koöperative koepelorganisaasjes, wêrfan 't de Coöperatieve Zuivelbank miskien de bekendste is. Dit boppelokale skaalnivo wie ek geskikt foar mear spesjalisearre koöperaasjes, lykas de Friese Coöperatieve Zuivel Export Vereniging (Frico ), Friese Coöperatieve Exportslachterij (FCE ), Friese Coöperatieve Handelsvereniging voor Zaaizaad en Pootgoed (ZPC ), de Coöperatieve Condensfabriek Friesland (CCF) foar produksje fan kondinsearre molkeprodukten, de Coöperatieve Stremsel- en Kleurselfabriek (CSK), dat helpstoffen foar bûter - en tsiismeitsjen produsearre.

Ferlike mei oare provinsjes wiene boerekoöperaasjes yn Fryslân folle sterker ûntwikkele. Nearne wiene safolle koöperative boerelienbanken en suvelfabriken te finen as hjir. It CCF wie sels it grutste kondinsfabryk fan Europa. Troch de krêft fan lokale gearwurking yn in koöperaasje, koe de Fryske lânbousektor transformearje nei in modern sukses.

Skaalfergrutting, globalisearring en de ein fan de Fryske koöperaasjes

Yn de rin fan de tweintichste iuw ferdwûn it koöperaasje-elemint nei de eftergrûn. Tekenjend is bygelyks de Coöperatieve Zuivelbank, dy 't yn 1970 har namme feroare yn Friesland Bank en yn 1995 har bedriuwsfoarm omwiksele nei in fennoatskip mei oandielhâlders.

De koöperaasjegedachte kaam fan de jierren 1960 ôf ûnder druk te stean troch skaalfergrutting, yntinsivearring fan produksje en globalisearring. Der folge fúzje op fúzje fan de lytsere koöperaasjes. De njonkenskea wie dat der in komplete ynfrastruktuer ferdwûn. Regionale organisaasjes lykas it Bond van Coöperatieve Zuivelfabrieken in Friesland (Friese Zuivelbond) waarden oerstallich.

Yn 1997 ûntstie úteinlik Friesland Foods út in fúzje fan de fjouwer oerbleaune grutte Fryske suvelkoöperaasjes. Dêrnei fusearren yn 2008 de twa giganten Friesland Foods en Campina ta FrieslandCampina. Hoewol 't yn de basis noch hieltyd in koöperaasje is dit tagelyk in multinational dy 't operearret mei boeren út Dútslân, Nederlân en België en oer de hiele wrâld produkten ôfset. De sizzenskip fan de yndividuele boeren is ta in minimum redusearre. En ûnderwilens binne de boeren troch dizze noch oanhâldende rop om skaalfergrutting en yntinsivearring opjage ta it oangean fan libbensgrutte skulden by de banken. Dat jout de banken in grutte macht oer de boeren.

Underwilens yn Andalusië

Wylst yn Fryslân de koöperaasje de gong ynset hie nei skaalfergrutting, yntinsivearring en globalisearring, begûn yn de jierren ’70 yn it Spaanske doarpke Marinaleda just in revolúsje. It einresultaat wie in doarp fan sa 'n 2700 ynwenners dat himsels koöperatyf organisearre hat, dêr 't foar elkenien wurk is en dêr 't elkenien meibeslút oer de saken dy 't it doarp oanbelangje.

It wie in lange wei. In spilfiguer wie en is de boargemaster, Sánchez Gordillo, dy 't yn 1979 foar it earst ta boargemaster ferkeazen waard en sûnt hieltyd wer keazen is. Yn 1991 slagge de mienskip fia in lange staking der einlings yn de grûn oan de eigendom fan in lokale hartoch ûntwrakselje te kinnen en koene se dizze bebouwe. Mei arbeidsyntinsive gewaaksen, want it kreëarjen fan wurkgelegenheid wie wichtiger as ‘efficiency’.

De striid om de ûnôfhinklikheid ferrûn fia protestaksjes en stakingen. Noch yn 2012, yn it djiptepunt fan de finansjele krisis dy 't yn 2008 ûntstien wie, waarden der op ynstigaasje fan de boargemaster Gordillo in tal supermerken plondere. Dêrby waarden allinnich basisprodukten lykas rys en oliifoalje meinaam, dy 't dêrnei oerdroegen waarden oan itensbanken.

Spanje is in lân fan in soad skulden en in soad wurkleazens. De besteande hypoteekkonstruksjes binne foar boargers tige neidielich. By efterstallige betellingen kinne se út harren hûs set wurde, mar binne noch wol de hypoteeklêsten ferskuldige oan de bank. Madrilena stekt dêr troch syn koöperaasje al desennialang tige posityf tsjin ôf: de wurkleazens is lyts, minsken wurde yn steat steld om foar net folle jild in eigen hûs te bouwen, en men nimt mei-inoar beslissingen oer alle wichtige saken yn it doarp.

Mondragón

Baskelân is in gebiet op de grins fan Spanje en Frankryk, yn de Pyreneeën. It bestiet út sân regio's, fjouwer yn Spanje en trije yn Frankryk. De Basken prate in eigen taal, ien fan de pear net-Yndo-Europeeske talen yn Europa. En se wolle ûnôfhinklik wêze. In part fan it gruttere Baskelân is hjoed-de-dei autonoom: dat stiet bekend as de Autonome Mienskip Baskelân.

Mondragón leit binnen de trijehoeke Bilbao, San Sebastian en Pamplona, yn it autonome Baskyske gebiet. Yn 1943 stifte de pryster José Maria Arizmendiarietta (1915 -1976) dêr in skoalle, dêr 't er de bern fan de lokale arbeiders it koöperative tinkguod yn bybrocht. Ien fan syn útspraken wie: ‘It is in teken fan fitaliteit om net stilstean te bliuwen, mar om werberne te wurden en dy oanpasse te kinnen oan de nije omstannichheden.’

Yn 1956 stichten fiif eardere learlingen fan de skoalle it earste koöperative fabryk foar húshâldlike apparaten, ûnder de namme ULGOR, nei de inisjalen fan de fiif oprjochters. Yn 1959 waard de namme omdoopt yn FAGOR. Dizze ûndernimming lei de basis foar in ekosysteem fan koöperaasjes.

In wichtich ûnderdiel fan it gehiel is de yn 1959 oprjochte koöperative bank, de ‘Caja Laboral Popular’. Dizze bank makket it mooglik finansjele klappen op te fangen en te bufferjen yn tiden dat it minder giet mei ien of meardere fan de oansletten koöperaasjes.

Yn 1991 waard Mondragón Cooperative Corporation oprjochte as koepel foar al dizze koöperaasjes. De omset fan de likernôch 250 bedriuwen wie yn 2017 hast tolve miljard euro. De ûnderdielen besteane njonken yndustry en de neamde bank ek út fersekeringen, en in universiteit en skoallen. De universiteit wurdt wol de R & D (Research and Development) fan de koöperaasje neamd. Dat is in foarbyld fan hoe 't de ûnderskate ûnderdielen inoar stimulearje en befruchtsje.

Wat betsjut dit no foar de yndividuele wurknimmers fan de koöperaasjes? As mei-eigeners hawwe sy sizzenskip oer it hâlden en dragen fan harren bedriuw. Se kinne har foar in bepaald bedrach op ôfbetelling ynkeapje yn harren koöperaasje (yn 2012 wie dat 15.000 euro ). By harren pensjonearring krije se dy ynlis werom.

De koöperaasjegedachte wurdt al op de basisskoalle ûnderwiisd. En yn it ferfolchûnderwiis. De ynwenners fan Mondragón binne har hjirtroch tige bewust fan hoe 't harren systeem wurket en hoe 't it ôfwykt fan it ynternasjonale kapitalisme. Yn in útstjoering fan VPRO Tegenlicht út 2012 fertelt in wurknimmer: ‘It kapitaal hat gjin heitelân, gjin grinzen. Wy hawwe wol in heitelân. Wy binne hjir berne en wolle hjir libje en stjerre.’

Koöperaasje 4.0

De suksesfolle foarbylden út Spanje, en dan benammen dat fan Mondragón, litte sjen dat de koöperaasje as organisaasjefoarm gjin stoffich en ferâldere konsept is, lykas faaks tocht wurde kin út de ûnderfining hjir yn Fryslân wei. Krekt oarsom liket de koöperaasje in poerbêst middel om de trochsketten skaalfergrutting, globalisearring en kapitalisme de holle te bieden, troch produksje werom te bringen nei de regio en tagelyk de dielnimmers mei-eigener te meitsjen fan de organisaasje. Hjirmei bringe we de minsklike maat en de wolfeart werom yn de regio.