Fryslân hat in lange skiednis fan frijheid en autonomy. Dêr wolle wy yn de nijsbrief mei in oantal artikels oandacht oan wije. Dit is it earste artikel yn dizze rige.
Om 1500 hinne kaam yn Fryslân foar it earst in foarm fan sterk sintraal regionaal gesach. Net lang dêrnei waard it gebiet tafoege oan De Nederlannen. Earst as provinsje fan de Habsburchske Nederlannen (1524-1581), wêrnei as stadichoan wurke waard oan in fierdere sintralisaasje. De Opstân ûntstie yn reaksje hjirop. Dêrtroch waard Fryslân ûnderdiel fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen (1581-1798). De macht kaam doe werom nei Fryslân.
Fryslân hie yn de tiid fan de Republyk in frij hege graad fan autonomy. It hie syn eigen wetten, regels en jildsysteem. Allinnich op it mêd fan oarlochsfiering en bûtenlânsk belied beslút it bopperegionale oerlisorgaan: de Steaten-Generaal yn Den Haach. De Steaten fan Fryslân dy't yn Ljouwert gearkamen, wiene ferantwurdlik foar alle oare saken.
Gjinien hie doe noch heard fan demokrasy. Dochs hie Fryslân in foarm fan kiesrjocht foar boeren en boargers. Yn de doarpen lei it stimrjocht by de eigners fan stimhawwende pleatsen. Se keazen de lokale skoalmaster, doarpsrjochter, dûmny, belestingûntfanger en in doarpsfolmacht. Op harren bar keazen alle doarpsfolmachten binnen de gemeente harren boargemaster, wethâlders, gemeentesiktaris en in gemeentlike folmacht.
Fryslân hie doe 30 plattelânsgemeenten. Om't it net praktysk is om te regearjen mei safolle gemeentlike folmachten, is der noch in territoriale laach ynboud, dy fan de saneamde kertieren. Westergoa hie njoggen gemeenten, Eastergoa alve en Sânwâlden tsien. De gemeentlike folmacht keazen per kertier yn totaal twa fertsjintwurdigers.
Njonken de trije plattelânskertieren bestie it fjirde kertier fan Fryslân út de 11 stêden mei-inoar. Se hiene elk in eigen foarm fan stedsbestjoer, ûnder lieding fan rike boargers. Op provinsjaal nivo keazen alle 11 stêden mei-inoar trije ôffurdigen. Sa sieten út namme fan alle fjouwer kertieren yn de Steaten fan Fryslân mei-inoar njoggen ôffurdigen, dy't it deistich provinsjebestjoer beneamden.
Dit systeem wurke sa goed it koe. Yn de santjinde iuw waard de boargemasterelite hiel machtich. Se kochten hieltyd mear pleatsen (en dêrmei stimrjocht). Der waard in kartel foarme, wêryn't in lytse groep famyljes de absolute mearderheid hie. Se hâlden ferkiezings op it plattelân, sadat de boargemasters harsels en har fertrouwelingen meastentiids nei de Steaten stjoere koene. It gebeurde hieltyd faker dat in boargemaster opfolge waard troch ien út de famylje. Oare banen waarden ferkocht of rjochtstreeks trochjûn, allegear yn it foar bepankoekbakt yn efterkeamers.
Uteinlik waard de ynfloed fan boeren en boargers yn de achttjinde iuw werombrocht nei praktysk nul. De macht bleau yn hannen fan in fêste groep hearskers. Der waard ferskate kearen besocht om fia politike wei it systeem te herfoarmjen. Mar it kartel sels hie gjin belang by it beheinen fan dy macht.
Fryslân wie yn de tiid fan de Republyk ien fan de meast rike provinsjes. Yn de santjinde iuw wiene de sosjale tsjinstelling relatyf lyts. Yn 'e achttjinde iuw libbe de elite yn tanimmende lúkse. Garre rykdommen groeiden stadichoan oan ta famyljekapitaal. De top fielde him hieltyd mear ferheven en waard ta in sletten klasse, dy 't ek stadichoan lytser waard. Tagelyk tynde de middenstân út en groeide de groep earmen. Bytsje by bytsje groeide it ferskil tusken ryk en earm. Yn de ekonomysk minste tiden ferhurden dy sosjale tsjinstellings, wat der soms tydlik foar soarge dat bestjoerlike feroarings ôftwongen wurde koene, bygelyks yn 1748.
Yn 1748 like der in ommekear te kommen. Foar de earste kear kaam it ta in folksopskuor. It wiene ekonomysk minne tiden. It opskuor rjochte him tsjin de fiersten te hege belestingen en de korrupsje oan 'e top. Foaral hûzen fan belestingûntfangers moasten it ûntjilde. De beweging wûn fan it iene nei it oare doarp en krige stipe fan brede lagen fan de befolking: fan arbeiders oant boeren en dûmnys.
It regear yn Ljouwert skrok en wie ree konsesjes te dwaan. Ut namme fan 300 folmachten fan it Fryske folk waarden 72 punten fan ferbettering foarsteld. De steedhâlder, dy 't fungearre as soarte fan konstitúsjoneel steatshaad, waard dermei belêste en krige ek bliuwende ekstra foegen. It folk fertroude de steedhâlder. Mar de steedhâlder wie ûngelokkich mei de situaasje en besocht sawol it folk as it kartel te freon te hâlden. Der kaam hast gjin ferbettering en de teloarstelling wie grut. Beloftes foar in earliker systeem waarden weromdraaid. Tenei beskôgen in soad minsken de steedhâlder as part fan 'e klyk.
Op 4 july 1776 ferklearren de Feriene Steaten fan Amearika harren ûnôfhinklik fan it Ingelske Keninkryk. De earste sinnen út de dêrta útskreaune “Declaration of Independence” binne wrâldferneamd:
“We hold these truths to be self-evident, that all men are created equal, that they are endowed by their Creator with certain unalienable Rights, that among these are Life, Liberty, and the pursuit of Happiness.
- That to secure these rights, Governments are instituted among Men, deriving their just powers from the consent of the governed.
- That whenever any Form of Government becomes destructive of these ends, it is the Right of the People to alter or to abolish it, and to institute new Government …”
Dit wiene baanbrekkende nije ideeën. It hie wrâldwiid in soad ynfloed. Uteinlik wie de Declaration of Independence net allinnich it begjin fan de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten, mar sette ek in tradysje yn fan minskerjochten, dy 't úteinlik liede soe ta de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minsk yn 1948.
Ek in soad Friezen rekken ynspirearre troch de fernijende ideeen yn Amearika. Sterker noch, nei Frankryk wiene de Steaten fan Fryslân yn 1782 de twadde bûtenlânske macht dy ’t Amearika erkenden as nije politike ienheid. Dit gie net stil oan de befolking fan Fryslân foarby. Yn Frjentsjer, oan de universiteit, waard bygelyks in enoarm fjoerwurk ôfstutsen en feest fierd.
Om dyselde tiid hinne fersprate de Oeriselske ealman Joan Derk van de Capellen tot den Pol it pamflet “ Aan het volk van Nederland ”. Dat wurdt sjoen as it begjin fan de saneamde patriottetiid, dêr 't dizze groep mear politike ynspraak yn easke. Yn Fryslân krigen de patriotske ideeën hieltyd mear oanhing ûnder de hegere middenstân en grutte boeren, dy 't har útsletten fielden fan bestjoerlike ynfloed. Ynearsten kamen se mei mylde easken: gjin nij steatsbestel, mar wat mear ynfloed foar it folk en ôfskaffing fan korrupsjepraktiken.
Nei it ferliezen fan de Fjirde Ingelske Oarloch yn 1784, dy 't benammen de steedhâlder swier oanrekkene waard, gie de spanning fierder omheech. It regear en de elite lieten hieltyd dúdliker fernimme dat se gjin bestjoershervomring hawwe woene. De Steaten besochten de boel de kop yn te drukken mei maatregels om harren macht te behâlden.
De man dy 't yn Fryslân de patriottebeweging late wie Coert Lambertus van Beyma. Hy rôp ûnder oare op ta boargerbewapening: saneamde folksmilysjes of frijkorpsen. Yn 1787 die Van Beyma in steatsgreep yn Frjentsjer. It sloech wat oan by in part fan de befolking, mar nei fjouwer wiken kaam der in ein oan. It gesach krige bûtenlânske help. Tsientallen patriottyske kopstikken flechten út Fryslân nei Frankryk. It machtssysteem wie tydlik rêden, mar dêrmei wie de ûnrêst net foarby.
Yn 1789 bruts yn Frankryk de Frânske revolúsje út. De kening waard ôfset, de adel ûntdien fan har privileezjes en de slogan ‘ Vrijheid, Gelijkheid en Broederschap ’ fersprate him oer hiel Europa. Yn neifolging fan de Amerikaanske Declaration of Independence brochten de Frânske revolúsjonêren in “ Verklaring van de rechten van de mens en de burger ” (Déclaration des droits de l ’ homme et du citoyen ). Ek hjirfan binne de earste fjouwer artikels de muoite fan it sitearjen wurdich:
It mei dúdlik wêze dat der yn dizze perioade gigantyske ferskowingen wiene. It kartel koe it âlde systeem úteinlik net mear hanthavenje. Ut Frankryk wei kaam de mokerslach foar it âlde machtsevenwicht. Yn jannewaris 1795 foelen Frânske legers de Republyk binnen. Der wie amper wjerstân. Yn Fryslân ferrûn it sels sûnder bloedferjitten. De steedhâlder en syn gefolch flechten nei Ingelân.
Yn twa moanne tiid wiene alle popkes yn de top ferfongen troch reedlike patriotten. Al gau spile de fraach oft dit fier genôch gie. Mooglik wie it better foar Fryslân om diel út te meitsjen fan in sterke, gruttere ienheidssteat. Lykas yn Frankryk, it memmelân fan de revolúsje. De unitaristen wiene foar, wylst de federalisten foar in bliuwende ûnôfhinklikheid fan Fryslân as regio wiene.
Op freed 13 novimber 1795 waard yn Ljouwert in tige wichtich referindum hâlden. De fraach dy 't oan de befolking foarlein waard wie oft sy al of net oanslute woene by it sintraal gesach yn Den Haach. Yn ’e stêden wiene de unitaristen yn ’e mearderheid, wylst it plattelân yn haadsaak federalisten telde. De foarsitter fan it tydlik provinsjaal bestjoer konkludearre triomfantlik: ‘Ik konkludearje út namme fan it Frije Fryske Folk, ús wettich Soeverein, dat der gjin Nasjonale Gearkomste neffens it Haachske plan komme sil.’
Fryslân like dus autonoom bliuwe te kinnen. Oant yn jannewaris 1796 Ljouwerter radikalen in coup diene. In nij Frysk bestjoer sleat him oan by it sintrale gesach yn Den Haag. De federalisten wiene belist net fan doel om har hjirby del te lizzen. Coups en tsjincoups folgen inoar yn heech tempo op. De befolking liet amper fan him hearre: binnen Fryslân allinnich mei it ferneamd wurden Kollumer Oproer, dat mar twa dagen duorre.
Uteinlik waard yn 1798 mei militêre stipe fan de Frânsen in ienheidssteat út Den Haach wei ôftwongen. De Bataafske Republyk wie in sustersteat fan de Frânske Republyk, dy 't nei de Frânske Revolúsje fan 1789 ta stân kommen wie. De Bataafske Republyk wie sintralistysk, waard bestjoerd út Den Haach wei, mei in eigen grûnwet, de ‘ Steatsregeling foar it Bataafsche Volk ’, en in sintraal parlemint. It autonome Fryslân hold dêrmei op te bestean, lykas de âlde republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Nei it fuortgean fan 'e Frânsen bepaalden de grutte Europeeske naasjes yn 1815 dat Nederlân in keninkryk wurde moast. Ek dêryn soe Fryslân funksjonearjen bliuwe as in oan Den Haach ûndergeskikte provinsje. Fryslân soe ien fan de langste perioades fan ûnfrijheid yn har hiele bestean yngean.