Autonome regio’s hawwe de takomst’

Autonome regio’s hawwe de takomst’

Op sneon 25 septimber hat in delegaasje fan Frij Fryslân nei in byienkomst ta west oer it bouwen oan in earlike en nije maatskippij. It wie organisearre troch ‘Nieuw Westland’ en de lokaasje wie op in prachtich plakje yn Honselersdijk. As earste kaam professor Bob de Wit fan Society 4.0 oan it wurd oer de ûntwikkeling fan autonome regio’s. Dêrnei koenen oan tema-tafels goede praktyk-foarbylden en ideeën útwiksele wurde. It wie in bysûnder ynspirearjende gearsit.

Autonome regio’s 

Bob de Wit joech de grôtfolle seal mei minsken in ynlieding oer de neie takomst. Neffens him rint de âlde maatskippij hielendal fêst en is it tiid foar wat nijs. Dat nije wurdt troch him ‘Society 4.0’ neamd. Society 1.0 wie de ‘agraryske maatskippij’ (‘The Agrarian Society’), dy’t duorre fan sirka 10.000 BCE oant de 15e iuw. Society 2.0 wie neffens De Wit de saneamde ‘Trade Society’ of de tiid fan de hannel, dêr’t grutte groepen minsken har los makken fan de feodale strukturen. Dizze duore fan likernôch de 15e oant en mei healwei de 18e iuw. Society 3.0 is it Yndustriële Tiidrek (‘The Industral Society’), dy’t yn de 18e iuw begûn. 

De hjoeddeistige situaasje is in kombinaasje fan grutte macht foar inkelde gigantyske ynternasjonale bedriuwen yn kombinaasje mei neo-liberale polityk. Foar de dúdlikheid: big tech, big farma en oare grutte wrâldspilers binne kwa omset grutter wurden as de begrutting fan in protte lannen. Dy mega-bedriuwen lizze oerheden harren regels op, macht komt hieltyd mear yn hannen fan ynternasjonale organisaasjes as de EU, WHO, FN ensfh. en dêrtroch stiet de befolking bûten spul. De skaal is fierstente grut wurden en troch machtsmisbrûk kin dat sels in gefaar wurde. Dat kin sa net langer. De Wit wol de minsklike maat werom hawwe en nei regio’s dêr’t de befolking, it lokale MKB en regionale organisaasjes oan it stjoer sitte en harren takomst bepale kinne. 

Dêrfoar is neffens De Wit yn de regio’s in yntegrale fisy nedich en sil neitocht wurde moatte oer de ynfolling fan 9 domeinen. Dy 9 domeinen binne demokrasy, iten, regionale ekonomy, jild, digitale ynfrastruktuer, nutsfoarsjennings, sûnens, wenjen en leare/ûntwikkelje. Dy domeinen komme fierhinne oerien mei wat Frij Fryslân delsetten hat. Hoe grut sa’n regio wêze moat, hinget fan de situaasje ôf en kin organysk ûntwikkele wurde, mar tocht wurdt oan 50 by 50 of 60 by 60 kilometer. De skaal fan de eardere steaten (lykas Nederlân, Dútslân, België ensfh.) is dêr ek fierstente grut foar. 

Jild en iten

Per tema is nei de ynlieding fan Bob de Wit fierder praat. Ien fan de ‘domeinen’ is betelje/jild. Hiel nijsgjirrich is dat se yn it Westland al in wurkjend regiojild-systeem hawwe. It (ek fysike jild) hjit fan de ‘Watermunt’. Der binne al tsientallen bedriuwen dy’t meidogge en it wurdt alle wiken wer grutter. Mei de súksesfolle yntroduksje fan dit regiojild bliuwt it jild yn de regio, profitearret it MKB troch ekstra omset en funksjonearret it foar de konsumint as in VVV-bon dy’t jo ek kado jaan kinne. It funksjonearret ûnôfhinklik fan de banken mar is wol gewoan wetlik tastien. Der is hiel goed neitocht oer de opset, ûnder oare mei help fan draaiboeken fan de ‘Bristol Pound’. 

In oare tema wie iten. Omdat der dielnimmers út in hiel soad regio’s út Nederlân wienen die bliken dat der al tal fan inisjativen binne. Kearn is dat der wer in direkte ferbining komt tusken boer en konsumint, sadat de tuskenhannel en grutwinkelbedriuwen (de AH’s en Lidl’s) útskeakele wurde. Dat soarget foar de boer foar in hegere marzje en foar de konsumint foar in earlik produkt foar in lyts bytsje goedkeapere priis. Der waarden goede praktykfoarbylden útwiksele. Sa wurdt op dit stuit yn Sutfen in ûndersyk dien by boeren én by konsuminten nei belangstelling foar en draachflak foar direkte ôfname fan produkten en/of in abonnemintesysteem. Tema's dy’t fierder oan bod kommen binne wiene ûnder oare digitale ynfrastruktuer, wenjen, sûnens en koöperatyf/demokratysk ûndernimme.