Leare en groeie

Leare en groeie

Ûnderwiis is wichtige boustien fan ús maatskippij. Om greep te krijen op hoe hurd as de maatskippij no feroaret, is it wichtich dat yn it ûnderwiis kreativiteit, ynnovativiteit en kritysk tinken stimulearre en fierder ûntwikkele wurde. Ek ûnderwiis foar folwoeksenen wurdt mooglik makke foar elkenien dy’t dêr ferlet fan hat. Yn Frij Fryslân geane wy út fan fertrouwen yn de bern, harren dosinten en âlden. Wy biede in soad romte oan fernijende ûnderwiisfoarmen.

Ûnderwiis yn Frij Fryslân 

Ûnderwiis is wichtige boustien fan ús maatskippij. As it goed is, wurdt de jongerein taret op de rol dy’t sy op har nimme sil yn ús maatskippij. Om greep te krijen op hoe hurd as de maatskippij no feroaret, is it wichtich dat yn it ûnderwiis kreativiteit, ynnovativiteit en kritysk tinken stimulearre en fierder ûntwikkele wurde. Ek ûnderwiis foar folwoeksenen wurdt mooglik makke foar elkenien dy’t dêr ferlet fan hat. 

In feroarjende maatskippij 

“School kills creativity” seit Sir Ken Robinson, in ûndersiker fan wa’t de TEDtalk is dy’t it faakst besjoen is fan alle TED-lêzingen. Hy komt mei it pleit om kreativiteit likefolle romte te jaan as belêzenheid. Hy jout ek oan dat dat in abslute betingst is om de needsaaklike oergong meitsje te kinnen nei de duorsume en minsklike maatskippij. 

In soad minsken beseffe ûnderwilens dat ús feroarjende maatskippij freget om it ûntwikkeljen fan oare kompetinsjes as foarhinne. Yn de ôfrûne desennia binne ferskate pioniers mei nije foarmen fan ûnderwiis úteinset. Sa binne der bygelyks Montessori-, Jenaplan-, Rudolf Steinerskoallen en dêrneist noch oare nije foarmen fan ûnderwiis. In reade tried yn al dy fernijings is it respekt foar de bern en harren kreativiteit, mar ek om de ynteresses en fragen fan de bern as fertrekpunt te nimmen. 

Fertrouwen, sizzenskip en respekt

Yn Frij Fryslân geane wy út fan fertrouwen yn de bern, harren dosinten en âlden. Wy biede in soad romte oan fernijende ûnderwiisfoarmen. De sizzenskip oer it learproses leit by de dosinten, bern en âlden en net by foarskreaune metoades en prosessen. Dy útgongspunten soargje foar mear diversiteit en kar yn it ûnderwiisoanbod.

Ek wurdt it systeem fan belêstende administrative regeltsjes en burokrasy foar it grutste part ûntmantele en ferfongen troch in pear basisbetingsten. Alle ûnderwiisfoarmen krije likefolle finansiering fanút Fryslân. Oanfoljende finansiering kin – as de âlden dat tasteane – út oare boarnen wei komme.